Aginda 16-03-18 / 08-09-18: Sjen yn it Tsjuster

logo.ensafh

Sjen yn it Tsjuster: earbetoan oan dichter en wrâldboarger Tsjêbbe Hettinga

Ek wa’t lyts is, kin grut tinke. Dy gedachte stiet sintraal yn Sjen yn it Tsjuster, in erfaringsfoarstelling yn it tsjuster fan terpdoarp Burchwert. De foarstelling is basearre op it gedicht ‘Lytse Jonge’ fan de Fryske dichter en wrâldboarger Tsjêbbe Hettinga.

“Jonge, lytsje jonge / Rop my / Rop my werom, werom.” It is it refrein út ‘Lytse Jonge’, it gedicht dat Tsjêbbe Hettinga skreaun oer it lân om Burchwert hinne, it doarp wêr’t er yn de jierren ’50 opgroeide. Sûnt april 2017 pronket it gedicht op in kademuorre yn Burchwert: in earbetoan oan de grutte dichter dy’t it doarp fuortbrocht. Dat earbetoan krijt yn 2018 in ferfolch mei de foarstelling ‘Sjen yn it Tsjuster’. It tsjuster spile in grutte rol yn Hettinga’s libben. Yn syn jeugd waarden syn eagen hieltyd minder, as folwoeksen dichter wie er folslein blyn. Syn oantinkens oan it lânskip út syn jeugd, binne liedend yn it wurk fan Tsjêbbe Hettinga.

Wannear

16-03-2018 20.00 – 22.00 oere
17-03-2018 20.00 – 22.00 oere
13-04-2018 21.00 – 23.00 oere
14-04-2018 21.00 – 23.00 oere
07-09-2018 21.00 – 23.00 oere
08-09-2018 21.00 – 23.00 oere

Sjoch foar mear ynformaasje by Friesland.nl

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *