Foarpublikaasje Baukje Zijlstra ‘De koma-korrektor’

logo.ensafh

Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr tidens in aksje in befel wegere. Wylst Siemen – fertize yn hallusinaasjes – yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering. Dêrfoar giet se ûnder oaren op besite by in âld kammeraat fan har heit, Jappy, dy’t mei him yn Indië sitten hat.

Wilens is der by de krante in reorganisaasje geande dy’t Betty twingt sels ek in kar te meitsjen. Mar hoe dochst dat as der mear fragen as antwurden lykje te wêzen, en wat makket dat in minske ‘nee’ seit as it derop oankomt? Safolle partijen, safolle ferhalen, mar ien ding is wis: it ferhaal kin altyd wer opnij ferteld wurde.

Klik hjir om fierder te lêzen (pdf)

Baukje Zijlstra
De koma-korrektor
Afûk, Ljouwert, ferskynt maart 2018
ISBN: 978 94 9217 680 6

Sjoch ek op baukjezijlstra.nl

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *