Henk Nijp

Daan R.

logo.ensafh

Ik ha him mar wer ris googele, Daan. Ik hie dat earder ek alris dien doe’t er mei de Ofslútdyk oan ’e gong woe. Ik kaam útsoarte ek op syn webside telâne. Dêr is it allinne mar feest! Ien en al jûchhei. Foar al syn projekten betinkt er prachtige en útwrydske nammen: Gates of Light, Van Gogh Path, Smog Free Project, Waterlicht en Folle net Genôch. (Dat lêste is gjín Roosegaarde-projekt.)
Icoon Afsluitdijk (Gates of Light) is neffens Daan ‘a design innovation program (…), which enhances the innovative character of the (…)dike whilst highlighting its key functions: water protection & heritage, energy and mobility as an exemplary model of a smart landscape for today and tomorrow.’
Dat hat er moai optocht. Sa kin in projekt geweldich ‘hyped’ wurde. It giet dus oer it ynnovative karakter fan de ikoanyske dyk, oer de ‘oerfunksjes’ derfan: beskerming fan wetter en erfgoed, enerzjy en mobiliteit. Hy fynt it in foarbyld fan in ‘slim’ (goochem) lânskip foar no en moarn. Om de ‘poarten’ oan beide kanten fan de dyk yn it ljocht te setten hat er glow-in-de-dark refleksjestrypkes op de kontoeren fan de kreas opknapte heftuorren montearre. En ja, it moat sein wurde, it sjocht der alderaardichst út ast dêr nachts delkomst. Mar is dat no ynnovatyf? Mei de beskerming tsjin it wetter sil it earst noch wol efkes goed sitte. Mar de enerzjy en mobiliteit, hoe sit it dêr mei? De brêgen en sluzen ha om it hurtsje stikkene printplaten of oare mankeminten en as it wat waarmer wurdt set men der mar in kâlde houtsje-toutsje-túnslang op. Tsja… men moat wat, mar ‘smart’ is oars. Oer fileleed sille wy it mar net ha, om oer mobiliteit mar te swijen.
Daans Waterlicht hat krektlyn yn Ljouwert ‘draaid’, as je dat sa neame kinne. Foar de iepening fan KHLF2018. Daan seit dit oer dat projekt: ‘WATERLICHT is the dream landscape about the power and poetry of water. (…), it shows (…) the rising water levels caused by global warming.’
Mei syn kobaltblauwe weagen woe er ús mar even warskôgje en ûngerêst meitsje; sa heech komt it wetter aanst as jimme neat oan de opwaarming dogge! Oan de oare kant is er ek sljocht nei de krêft en poëzy fan wetter, beweart er op syn webside. Dat sil bêst sa wêze. As him dat sa útkomt. Yn Ljouwert koe er de poëzy der lykwols net by ha. It waard tefolle fan it goede. De banieren mei wetter-dichtrigels fan ’e DichterS fan Fryslân waarden op syn gesach ôffierd nei efter de kapstokken fan it gemeentehûs. Se soene mar ôfbrek dwaan oan de útfiering fan Daans Wetterljocht. Ja, Daan is gek op keunst, mar benammen op syn keunst.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *