Blog Jaap Slager: Frjemdling yn Jeruzalim

logo.ensafh

In Fries werkent men út tûzenen. Net daalks oan syn uterlik, nee. Syn sjongerige trant fan praten ek net oan. Nee, men werkent him (of har fansels) oan syn irony. Us djipste gefoelens en de wierheid meie wy graach justjes oerstrike mei wat droege humor. De wierheid hat dikmels in fierstente skel lûd en ús emoasjes yn har folle gloarje ta útdrukking bringe, fine wy gau te kliemsk of te kleierich. Dêrfandinne dat beide jamk foarsjoen wurde fan in licht spotsk, talich knypeachje (‘ja, spot der mar mei, sei de boer en hy smiet de bûter tsjin ’e poarte’). Dat hat fan dy gefolgen west dat it Frysk withoefolle siswizen en útdrukkings ken dêr’t suver net ien fuort oanstjit oan nimme kin, mar dy’t foar in goed fersteander sa klear as de dei binne. It skerpe ear foar sokke dingen is part fan ús erf.

Lês fierder by Jaap Slager

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *