Ydwine van der Veen

Ald kammeraat

logo.ensafh

In kluzener wie er net, mar sûnt syn pensjonearring kaam Willem van Gelre wol minder bûten. Syn dochter hie sein dat er syn hoal útkomme moast. ‘Heit moat mear kontakt meitsje.’ It hoal wie de souderromte dêr’t syn buro stie. In frij tsjustere romte dy’t de hiele boppeferdjipping omfette fan de âlde gernierswente. Wat die er dêr de hiele dei? Strune op ynternet, e-mails beäntwurdzje, boeken lêze en krantsje. As syn dochter derop stie dat er him alle dagen in healoere te kuierjen sette, luts er in fiis gesicht. It flakke lân, de blauwe klaai, de hurde wyn, it stie Willem net oan. ‘Ik sit hjir oan ’e goede kant fan it rút!’ Syn kontakten yn it doarp wiene seldsum. ‘De minsken prate lûd oft se tsjin de wyn opbokse of de oerflakkigens fan harren praat kompensearje moatte.’ Hy wie net boud foar dit lân dat it sines net wie. Ek de hjoeddeiske maatskippij stie him net oan. ‘De minsken witte neat mear en tinke kinne se ek net,’ sei er gauris. Koartsein, hy siet dêr prima op syn souder.

Lykwols hie Willem hjoed syn wente ferlitten. De loft wie beset en der foel in miezelich reintsje. Hy gong mei de auto nei it Gezondheidscentrum yn de buorren. It wie net dat er net fytse woe of net mear koe. Hy hie in prachtich moaie fyts fan in deeglik merk. It probleem wie dat er it fytsen fierstente ekshibisjonistysk fûn. Alteast yn doarp of stêd. Yn ’e natuer wie it wat oars. Dat wie okee.
Hawar, sûnt in dei of wat hie er lêst fan dûzeligens. Earst woe er der gjin wurd fan ha. Doe’t er yn ’e buertsuper hast langút gong, hie er in ôfspraak makke mei de húsdokter. Hy hie slim yn noed sitten, mar dokter ferklearre dat Van Gelre in ûnskuldige krupsje hie mei in drege namme. Sy skreau op in briefke ‘BPPD’. Fierder moast er mar efkes op thuisarts.nl sjen. Ienkear thús socht er it daliks op. Der wie sprake fan saneamde positieduizeligheid. Neat oan ’e hân. Faaks wie it troch de ferromming en it gefoel dat syn libben noch net ôfrûn wie, dat er yn syn hoal yn syn eigen ferline dûkte op it wrâldwide web.

Al ridlik gau kaam er telâne op de side www.mijnoudeschool.nl, dêr’t je nammen fan âlde kammeraten ynfiere kinne. Fuortendaliks tocht er oan in kammeraat fan de legere skoalle dy’t er wol mear as santich jier net sjoen hie. Hy typte: Edurad Klein Hamerdink. Gjin hits. Typflater fansels. Eduard Klein Hamerdnik. Wer mis. Noch in kear. Ja, in hit mei namme en e-mailadres fan de jongkeardel. Nei in pear trochklikken sjocht in hast keale, grize mynhear him oan. Is dit Eddy wol? Dizze âldman? Dat it each altyd fan him ôfsjocht yndachtich, bestudearre er de foto in healoere letter nochris. It koe him doch wolris wêze, mei dy eachjes sa heal taknypt.

Yn it middeisknipperke kaam dizze Eddy by him del te stoepbaljen yn de Generaal Spoorstrjitte. Dêr wennen Wimpy en Eddy net fier fan inoar. Op wei nei skoalle, wat fierderop yn de strjitte, tusken nûmer acht en tsien wie dat gaadlike plakje dêr’t de stoep justjes heger wie. Master Couperus kaam ek lâns. Hy bleau stilstean te sjen en sei dat se thús in jas ophelje moasten fanwege de rein. By it lieden fan de skoalbel, skrok Willem wekker. It wie de bel fan de foardoar, mar hy die moai net iepen. It reinde noch hieltyd. Hy bleau lekker wat lizzen. Master Couperus is fansels al lang dea, mar Eddy, ach Eddy. Wat soe er dy graach ris nei de ûnfolsleine notiid helje. Faaks koe Willem mei him ôfprate yn syn âlde stêd, yn de Generaal Spoorstrjitte, tusken nûmer acht en tsien? Hé, wat in idee. En dan soe er ek in fuotbal fan syn bernsbern meinimme.
Noch lizzend die er de oefening dy’t dokter him foarskreaun hie. Sydkant holle plat op de bank, earst lofts dan rjochts en dan gau oerein. Sa hie er syn harsens moai te pakken en koe er sûnder dûzeligens opstean.
Wer sette Willem him efter it skerm wêrop’t Klein Hamerdink him oanseach mei tichtknypte eachjes. De twa fuotbaljende jonkjes yn harren koarte broekjes koe er net mear út ’e holle krije. De bylden yn syn dream en wat er fûn hie op ynternet makken him waarm en weak fan binnen. Hjir wûn syn hert it fan syn harsens. Dat steurde him wol wat, want hy hie in hekel oan sentimintaliteit, mar tagelyk wie it krekt oft er wekker makke waard troch de waarmte fan de sinne út in lange wintersliep. Hy ferlange wat werom te finen fan Eddy en Wimpy yn harren koarte boksen. ‘Twee handen op één buik,’ sei master Couperus. It wie bûten blau en helder wurden. Op dit oere berikten de sinnestrielen oer it dak fan de buorlju, troch de glêzen fan it kajút, it blêd fan syn wite buro. It ferbline him suver. Jawis, hy soe Eduard Klein Hamerdink e-maile. Wat soenen se elkoar in soad te fertellen hawwe. Mei Eddy koe er it wol pratende hâlde. De doar út en ek noch kontakt meitsje, syn dochter koe tefreden wêze.

In pear wike letter wie it al safier. It wie moai simmerwaar. Nei in reis fan oardel oere stapte Willem út de trein op it stasjon fan Weerdingen. Hy wachte op Eddy dy’t him ophelje soe mei de ‘lúksewein’. Dat Eddy dit wurd brûkte fernuvere Willem. Hokker weinen soe Eddy dan noch mear yn syn garaazje hawwe? Dêr seach er in man op him ôfkommen yn koarte broek mei sa’n útstrieling fan in flotte sechtiger. Stean it út, tocht Willem: in reade bril en in himd mei blomkes. Mar it wie Eddy al. ‘Ik had je gelijk herkend, Wimpy kerel,’ spruts Klein Hamerdink mei lûde stim. Willem krige in hug, sa’t it yn dizze dagen gewoan is. Hy sloech Eduard wat ûnwennich op it skouder. De hearen hifken mekoar. Willems each koe net oars as falle op de details dy’t him temjitte skitteren. De wite neptosken, it goudene horloazje, de ridderoarder op it boarst. Stikem tocht Wimpy: moai net dat ik mei dy fint te stoepbaljen sil yn de Generaal Spoorstrjitte.
Earst marris op ferhaal komme yn de stasjonsrestauraasje, stelde er Eduard foar, wylst dy opsichtich it koper fan syn ridderoarder poetste mei in punt fan syn mansjet. Eduard stimde yn en se sochten in moai plakje by it rút fan it âlde gebou, dat der hast krekt sa útseach as doedestiids. Moai meinommen.

‘Wat heb je toch in die grote tas meegebracht?’ wie Eduards fraach dêr’t Willem al bang foar wie. Foar net ien gat te fangen floepte er ‘Presentje voor mijn kleinzoon’, derút. Mar de situaasje waard noch penibeler. Wylst Willem de hiele treinreis tocht hie oan kroketten en bier yn de stasjonsrestauraasje fan Weerdingen, stelde Eduard him foar om in sportive kuier te meitsjen yn de bosken en fjilden fan Landgoed Bosch en Veld. No ja, foarstel? It klonk suver as in befel. It befel fan de frisse noas. Hy wie dan ek net ferheard doe’t bliken die dat Eduard syn libben lang by Definsje wurke hie as ofsier. It fuotbaljende mantsje út de Generaal Spoorstrjitte wie ôfswaaid as luitenant-kolonel. En, let wol, dat wie er no noch. ‘Mar no b.d.’, balte lytse grutte Eddy. Wimpy koe syn gnizen hast net ynhâlde. Baltende deabealger, begjinnend demint? Hy doarde de l.-k.b.d. net mei dizze ynfallen lestich te fallen.

Nettsjinsteande de koarte broek fan de luitenant-kolonel b.d. woe ek by de kuier de âlde lytse Eddy mar net weromkomme. It petear foel swier en it die al gau bliken dat foar de grutte Klein Hamerdink alles in wedstriid wie. By in aardige anekdoate oer Willems dochter dy’t juf wie yn groep 3 fan de basisskoalle, wêrby’t… foel Eduard him yn de rede: syn dochter siet ék yn it ûnderwiis! Se wie rektor fan in ateneum en hy hie nóch in dochter, en dy wie no PA fan de minister fan Definsje.. O? Pi-jee? Thús opsykje.

Willem besocht it nochris, no mei syn gernierswente út de santjinde ieu. It die bliken dat Klein Hamerdinks hûs midsieusk wie en ferline jier nominearre as monumint fan it jier. Doe’t Willem dan fertelde fan syn twa skiedings, rekkene er derop dat syn âld kammeraat wol trije as fjouwer kear skieden wie, mar nee: hy wie krekt yn de ôfrûne moanne sechtich jier troud! Op de ien of oare manier klonk dat folle better, en Klein Hamerdink fûn dat blykber ek, want hy kaam no pas goed op stoom en fertelde oer de talrike syktes dy’t him yn al dy jierren besocht hienen, mar dy’t er stik foar stik mei grutte kriich oerwûn hie. Willem seach no syn paad frij. ‘Hasto wolris heard fan BPPD?’, frege er ynienen gekjeiend oan Eduard. Willem begûn omstannich út te lizzen wat BPPD wie en sette it flink oan mei zeer zeldzaam, levensbedreigend en benigne. Noch foar’t Eduard de mûle iepen die foar in folgjende troef, foel Willem derhinne. Net yn ien kear, mar kontrolearre yn slow-motion lykas Wyatt Earp, de aksjefiguer fan harren jeugd. De ferstuivere Eduard stie derby as in houtene klaas en út Willems eachhoeken wei like it oft dêr de lytse Eddy wer stie: skruten, him ferwûnderjend. Mei de befellen ‘Kameradenhulp! Stabiele zijligging!’ wie it swiete byld wer like gau ferdwûn. Willem lei no langút op ‘e grûn, bleau efkes lizzen en stie slingerjend op om te ferklearjen dat er mei de earstfolgjende trein nei hûs moast foar syn BPPD-medisinen. Hy rôle noch wat mei de eagen en stroffele de trein yn. Doe’t Wimpy feilich yn de trein siet, seach er om nei syn âld kammeraat. Hy socht noch ien kear nei it jonkje mei de koarte boksen. Eddy b.d.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op