Koosje Melis

Gala

logo.ensafh

Dêr sieten wy dan, yn ús sjike galajurken. Hiel yn ’e fierte op it poadium stuiteren trije figueren mei kapusjons op ’e holle op en del op de beat fan in pear grutte boksen. De foarste stie demonstratyf mei de rêge nei de seal ta en ek de achterste twa liken har alhiel net te bekroadzjen om de healfolle seal mei publyk. Mei freondinnen H. en J. wie ik op it Fryske popgala yn Drachten. H. hie my earder ûnder ús twawyklikse jog-rûntsje ferteld dat se gratis kaartsjes krigen hie en frege at ik ek mei woe. Dan koe ik dy band ris sjen dêr’t freonen fan har yn spilen dy’t ik noch noait sjoen hie. De dresscode wie swart/party dus wy soene ús ek even optutte kinne. H. ken my en wist dat dit my oer de streep lûke soe, want ik ha ien sjike en fiersten te djoere jurk yn ’e kast hingjen dy’t der om freget by elke gelegenheid dat it mar kin oanlutsen te wurden. Ek freondinne J. woe wol mei en H. soe ek har galajurk oan dwaan, se hie sels noch in boa foar it echte glamour effekt.

De autorit wie net al te noflik. Ik hie mei sin net sa’n soad spaghetty iten, want fan iten swollet myn búk op en dan sit dy jurk net lekker. Fierders is it sawiesa it bêste yn dat ding de siken yn te hâlden. Mar yn myn auto sitte jo nochal leech, en ûnderút hingje wylst je besykje de búk yn te hâlden is net sa maklik. Oan H. en J., dy’t myn meneuvels wat besoarge folgen en fregen at ik sa wol ride koe, lei ik út: ‘Ja hear! Prima manier om de búkspieren te trainen!’

Yn Drachten moasten wy H. gelyk jaan dat wy de paraplu meinimme moatten hiene. It reinde in miggelreintsje. J. en ik draafden foarút om jurk en make-up net te bedjerren, doe’t bliken die dat H. net sa hurd koe op har galaskuon. Weardich rûn se mei lytse stapkes achter ús oan, de jurk optillend tsjin it reinwetter.

J. brocht my yn ‘t sin hoe’t ik in pear jier lyn mei kryst ris in galajurk fan har liend hie. Ik wist it noch goed; it wie in reade, lange jurk mei krúsbantsjes op ‘e rêch dy’t J. spesjaal foar in gala fan har studinteferiening kocht hie. It oanlûken dêrfan koste my minimaal tsien minuten omdat dy bantsjes en ik hieltyd yn ’e tiis rekken. Mar dêrnei seach ik der kreas út. Myn doetiidse freon, dêr’t letter fan bliken die dat it in fantast wie, hie my wiismakke dat jo der by it fieren fan de krystdagen yn syn famylje sa útsjen moasten. Ik leaude it dalik, want syn famylje wie hiel oars as dy fan my en mocht graach sjen litte dat se jild hiene. Syn mem hie in panty foar my kocht, want ik die yn dy tiid noch net oan jurken en pantys. Se hie nammers better net in Hugo Boss panty foar my keapje kind, want hy wie nei ien kear oanlûken stikken, sadat it freontsje lulk op my wie en de sfear helte minder.

In man fan it personiel liet H., J. en my boppe yn ’e seal. Ferdoarje, wy hiene der net op rekkene dat it in hiele jûn sitten wurde soe. Mar dat wie noch net de grutste tsjinfaller. Nei even om ús hinne sjen, konstatearren wy wat wy yn it foar ek wol witte kinnen hiene: spikerbroekjes en learen jekjes en hjir en dêr sels noch in permanintsje. Wy wiene hjir noch altyd yn de Fryske (popmuzyk) scene dêr’t it kredo jildt: ‘doch mar gewoan, dan dochst al gek genôch.’ Allinnich in pear oare froulju hiene war dien om der moai út te sjen, mar de mannen hongen der wat houterich by yn har yn it geunstichste gefal swarte bloeskes.

It waard in lange jûn. Gelokkich sieten wy op de alderefterste rige, sadat wy yn elts gefal it muzykbarren wat bekommentariearje koene. Ut en troch wie it grappich (de trije jonkjes mei kapusjons fûnen wy it hylaryske hichtepunt – foaral ek om te sjen hoe’t in publyk der op reagearret at der gjin ynteraksje is tusken muzyk en har) mar foaral hiene wy lêst fan in soad plakferfangende skamte. By de ferskuorrend minne presintaasje fan Jan Douwe Kroeske, dy’t ûnder oare oan deputearre Jannewietske de Vries (hy sei ‘gedelegeerde’) frege at sy net ek ien fan de eftergrûnsjongeressen wie fan Elske; by de jonges dy’t fol oertsjûging rapten fan ‘ik bin geboren yn Fryslân’; by it gelûd dat min ôfmikst wie en noch it aldermeaste by it útrikken fan de awards dat om de ien of oare reden barre moast ûnder it ôfspyljen fan de earste rigel fan it Frysk folksliet. ‘Godferdomme’ suchte ik de hiele tiid en ‘Allejezus’ – wat fansels gjin foech joech, mar wol opluchte. Doe’t oan ‘e ein fan de jûn Syb van der Ploeg fan de Kast song dat syn heit syn ‘allergrootste vriend’ is, wie de seal al hast leech en binne wy mar flechte.

Ien kear thús wie ik ferromme dat ik de jurk útlûke koe en dronk ik yn piama en badjas noch in bierke mei H. Ynienen spiet it my foar Syb dat der hast gjin publyk mear wie doe’t hy spylje moast en betocht ik dat it sjongen fan in ferske foar jo heit hielendal net Frysk is. Syb – sa besleat ik êfternei – is myn helt. Miskien moat ik mar fen fan hím wurde.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op