Aginda 20 o/m 21-04-18: Nacht fan de Filosofy

logo.ensafh

April is de Moanne fan de Filosofy en yn dat ramt wurdt yn Ljouwert op sneon 21 april alwer de alfde edysje fan de Nacht fan de Filosofy Fryslân holden. Dit jier op in bysûndere nije lokaasje, nammentlik yn de Blokhúspoarte, de eardere finzenis yn Ljouwert. It tema is ‘Ferbylding oan de Macht’.

Oer it tema
Minsken stelle harsels graach sintraal, as middelpunt fan it hielal of as kroan op de skepping. Us ideeën en ferbylding hawwe ús fier brocht. Mar binne wy de iennigen dy’t ús in foarstelling foarmje kinne oer omjouwing, takomst en alternativen? Wy libje yn in omjouwing dy’t wy tinke te beynfloedzjen, of is dat mar ynbylding en wurde wy bepaald troch de wrâld om ús hinne?

Underfyn op de Nacht fan de Filosofy Fryslân wêr’t ferbylding út bestiet, hokker talen dy sprekt en hoe’t it wurket. Untdek hoe’t men troch meitsjen en bewegen de ferbylding wekker ropt en hoe’t waarnimming, gefoel en gehoar ynfloed hawwe op jins ideeën en je byld fan de wrâld.

Programma

 

Ofbylding: Nacht fan de Filosofy Fryslân

Freed 20 april – Nachtlike tocht troch Ljouwert
De Nacht fan de Filosofy Fryslân wurdt ynlet mei in nachtlike tocht troch Ljouwert. Fan sinneûndergong ôf lûke de Dútske keunstners Christian Faubel en Ralf Schreiber mei fyts en overheadprojektor troch de Ljouwerter binnenstêd om op ûnferwachte plakken it publyk te ferrassen mei mearkeseftige tafrielen fan byld en lûd. Oan dy twa oeren duorjende stedstoer kin elkenien meidwaan. Start is by de Blokhúspoarte. Krekte tiden wurde letter noch bekendmakke.

Sneon 21 april – Nacht fan de Filosofy Fryslân
Middeisprogramma foar bern en folwoeksenen
De Nacht fan de Filosofy Fryslân set sneon 21 april om 15.00 oere útein mei lêzingen fan ûnder oare keunstner Koos Buist en filosoof Jan Bransen. Beide sille de jûns ek oanwêzich wêze.

Foar bern
Bern hoege har absolút net te ferfelen op de middei fan de Nacht fan de Filosofy Fryslân, want de hiele middei lang kinne se loftkastielen bouwe mei LEGO BuildToExpress en in mega-wrâldbol meitsje fan maispops. Fan 15.00 oere ôf, meidwaan is fergees.

Jûnsprogramma
It jûnsprogramma giet om 19.30 oere fan start mei in kar oan bekende filosofen, tinkers, skriuwers en keunstners, dy’t har allegear bûgje sille oer it tema Ferbylding oan de Macht. Te gast binne: Bastiaan Blaauw (Coöperatie 2018 – Kulturele Haadstêd 2018), Albert Bouwman, Jan Bransen, Koos Buist, Ignaas Devisch, Jan Drost, Dimitri Goossens, Ger Groot, Erik Heijerman, Marli Huijer, Frank Meester, George Kabel, Arjen Kleinherenbrink, Marjolein Lanzing, Jannah Loontjes, Marlou van Paridon, Kris Pint, Evert Meijer (âld-medikus en arbeidsepidemiolooch), Jelle de Visser, Theo Meereboer, Petra Bolhuis en Judith Spijksma (kurator fan de útstalling Escher op reis, meikoarten te sjen yn it Frysk Museum). Dêrneist binne der wurksjops en ynteraktive útfieringen fan Lies van Huet (keramyk) mei Floris van der Marel (Frisian Design Factory), Gooitsen Eenling (drama- en teaterdosint) en studinten fan it Ljouwerter learbedriuw O3. De keunstners Christian Faubel en Ralf Schreiber jouwe wer acte de présence en lûke der wer op út mei fyts en projektor.

Nacht fan de Filosofy Fryslân | Datum: 21 april 2018 | Lokaasje: Blokhúspoarte, Blokhúsplein 40, Ljouwert. Sjoch foar tagongskaarten en it folsleine programma op www.nachtvandefilosofiefryslan.nl.

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *