Beart Oosterhaven

Op ’e ferfryskjende toer: nije cd’s fan Gerard Rinsma en Onno Loonstra

logo.ensafh

It liket wol as is it meitsjen fan Frysktalige wjergaders (covers) fan ynternasjonaal en nasjonaal bekende (pop)lieten op ’t stuit in hype ûnder artysten yn Fryslân. Der stiet wér in album mei lieten fan Leonard Cohen yn it Frysk op priemmen en Grytsje Melchers, better bekend as sjongeres Grytz fan it duo Grytz en Grize, en oaren binne dwaande mei in cd fol, troch Kees de Wolf ferfryske, lieten fan Boudewijn de Groot. Ein ferline jier kamen al twa albums út, dêr’t ek net te min oarmans wurk dat foar de gelegenheid ‘eigen’ makke is op stiet, nammentlik It sûzjen fan ’e stilte fan Gerard & Grace en Earste simmer mei dy fan Onno Loonstra.

Top 2000
Gerard Rinsma stiet as dûmny yn ’e protestantske gemeente fan Goutum. Hy is in alsidich man. Behalve teolooch is er poppespiler en muzikant. Yn ’e lêste ‘funksje’ siet er yn it ferline yn ’e Frysktalige folkgroep Gysbert. Op 18 desimber 2016 hâlde er yn Goutum de earste Top 2000-tsjinst. Bekende nûmers út ’e Top 2000 ferbûn er mei lêzingen út ’e Bibel en syn eigen preek.
De nûmers út ’e Top 2000 binne neffens Rinsma nammentlik folle méár as populêre deuntsjes op ’e radio! Se bringe ek yn ’t sin wêr’t wy wiene doe’t wy ‘dat’ nûmer hearden, wat oft wy doe diene en yn hokker stimming oft wy wiene. Oan ’e hân fan ’e nûmers komt it oare ferhaal fan it libben oan ús foarby. En dat ferhaal is neffens Gerard Rinsma wier net allinne mar ien fan ‘seks en drugs en rock ’n roll’. It giet ek oer fragen as wa’t ik bin, wa’t myn freonen binne en wêr’t ik treast fine kin as ik alles kwytreitsje. It binne nei syn betinken dus de ivige fragen dy’t de minsken oan harsels en oan elkoar stelle, yn en bûten de tsjerke!

Ticht by de orizjinelen
Wat oft Gerard Rinsma krekt ‘lêst’ yn ’e Top 2000-nûmers is sûnt ein oktober fan ferline jier ek yn it Frysk te hearren. Doe ferskynde nammentlik fan him, yn ’e mande mei de gospelgroep Grace, de cd It sûzjen fan ’e stilte. Grace, út Ljouwert, bestiet út ’e muzikanten Marcel Rinzema (piano, synthesizer, sang), Johan Tjepkema (gitaar, perkusje), Taco Jan Osinga (bas, sang), Tjeerd Kievit (elektryske gitaar) en Theo Holwerda (drums). Sy steane sjonger-gitarist Gerard Rinsma op ’e cd méár as fakkundich by yn ’e achttjin ferfryske ferzjes fan ynternasjonale popsongs fan ûnder oaren Bob Dylan, Bryan Adams, Bruce Springsteen, Simon & Garfunkel, Eric Clapton en George Harrison.
As oersetter/bewurker fan ’e lietteksten is Rinsma oer ’t generaal aardich ticht by de orizjinelen bleaun. It sûzjen fan ’e stilte is wat dat oanbelanget bygelyks perfoarst net te ferlykjen mei Un held út de Meenthe, it album fan Melvin van Eldik út 2005, dêr’t sechtjin ‘Liwwadder teksten op melodietsjes fan hits út de jaren ’60, ’70 en ’80’ op te hearren binne. Lês mar ris wat oft Rinsma makke hat fan it tredde en fjirde kûplet fan Bob Dylan syn ‘Mr. Tambourine Man’, dat by him ‘Menear-de-Tamboerijn-man’ wurden is. Dylan skreau yn ’e neamde kûpletten:

Hey! Mr. Tambourine Man, play a song for me,
In the jingle jangle morning I’ll come following you.

Take me on a trip upon your magic swirlin’ ship,
My senses have been stripped, my hands can’t feel to grip,
My toes too numb to step, wait only for my boot heels
To be wanderin’.

Yn Gerard Rinsma syn ferzje is dat wurden:

Hee, Menear de Tamboerijn-man, sjong in liet foar my,
Yn de tingel-tangel moarntiid reizgje ik dy oeral nei.

Nim my mei foar in trip op dyn machtich brûzjend skip,
Al myn sintugen binne stripped en myn hannen fiele neat
En myn fuotten binne as lead, wachtsje inkeld op myn learzens
Om te rinnen.

Op sa’n wize hat Gerard Rinsma it ‘aspekt’ fan ’e drugsbrûker dy’t wachtet op ’e komst fan syn dealer, de ‘Tambourine Man’, yn it nûmer fan Bob Dylan alhielendal oerein litten. Hy sprekt – oars as men fan in dûmny faaks ferwachtsje soe! – dus gjin moreel oardiel út, troch ynhâldlik feroarings oan te bringen yn syn Fryske wjergader. En dêrmei binne wy, wat my oanbelanget, fuort al by de grutte wearde fan It sûzjen fan ’e stilte: it is in album dat oer alle boegen tsjûget fan ’e iepen en romhertige ‘blik’ dy’t dûmny/muzikant/oersetter Gerard Rinsma ynhâldlik hat op ’e troch him selektearre lieten út ’e Top 2000! Hy lit yn syn Fryske oersettings gewoan hearre wêr’t dy nûmers oer geane en komt sa op in hiel natuerlike wize út by de universele sizzingskrêft (strekking) dêrfan. Dat jildt ek foar de pear nûmers dêr’t er as oersetter justjes frijer by te wurk gien is, lykas ‘De simmer doe’t ik sechtjin wie’ (‘Summer of ’69’ fan Bryan Adams), ‘Ik hearde it yn de preek snein’ (‘I Heard it Through the Grapevine’ fan Marvin Gaye/Creedence Clearwater Revival) en ‘Flinter op in blom’ (‘Candle in the Wind’ fan Elton John). It earstneamde nûmer liket er ynhâldlik wat oanpast te hawwen om’t dat net songen wurdt troch himsels, mar troch Marcel Rinzema fan Grace; yn it twadde leit er in ferbân mei syn berop as preekfeint, en yn it tredde liftet er mei op it omtinken dat de út Ljouwert ôfkomstige eksoatyske dûnseresse en ûnderstelde spionne Margaretha Geertruida Zelle, oftewol Mata Hari (1876-1917), it lêste healjier yn ’e media krigen hat.
Nettsjinsteande de yn guon nûmers wat steurende staveringsútspaak fan sjonger Gerard Rinsma (iensumens en waarden bygelyks yn ‘Flinter op in blom’) en ’e op plakken aardich ‘skerp’ oansette produksje, is It sûzjen fan ’e stilte in album wurden dat der wêze mei! By einsluten moat hjir noch neamd wurde de smaakfolle foarmjouwing, troch Chris Raab, fan it cd-boekje mei de teksten. Dêrtroch is it gewoan in feest om it album oan immen presint te dwaan.

Ferversbaas
Kin Gerard Rinsma sûnder mear in ‘feteraan’ yn ’e Frysktalige muzyk neamd wurde, dat jildt perfoarst net foar sjonger-gitarist Onno Loonstra. Onno is fan syn fak ferversbaas yn Dokkum en krige om syn fjirtichste hinne foar ’t earst in gitaar yn ’e hannen. Doe’t er lykwols ien kear de guit fan it gitaarspyljen en sjongen te pakken hie, wie er net mear te kearen! Hy sit yn ’e popgroep Progress, spilet op festivals, docht hûskeamerkonserten en wie ek al in kearmannich te gast yn programma’s fan Omrop Fryslân. Op sa’n wize is Onno Loonstra ûnderwilens foaral wrâldferneamd yn syn bertekrite Noardeast-Fryslân. Gjin niget, dat him dêr gauris de fraach steld waard wannear’t syn earste cd te ferwachtsjen wie!

Ynbannich
Dy cd leit der sûnt in pear moanne en hat as titel Earste simmer mei dy. Op ’e skiif steane tolve nûmers, dy’t tekstynhâldlik in aardich engazjearre, maatskippij-krityske, artyst hearre litte. Syn argewaasje fan ’e grutte wrâldswierrichheden, de rûnom oanwêzige kommersje en it spikerhurde kapitalisme yn ’e hjoeddeiske maatskippij, lit Onno Loonstra lykwols net planút, mar op in ynbannige wize hearre. Hy besjongt nammentlik mei passy it ‘lytse libben’ fan himsels; it lok, fertriet, ferlies en leafde, en reflektearret op sa’n wize yn syn lieten op ’e krektneamde maatskiplike fraachstikken. Dat docht er bygelyks yn ’e eigen nûmers ûnder de respektyflike titels ‘Sels geraniums ferdrûgje’ (lok); ‘Dyn libben is libbe’ (fertriet); ‘Har brieven’ (ferlies) en it titelstik ‘Earste simmer mei dy’ (leafde).
Nijsgjirrich is, dat Onno Loonstra behalve sân eigen nûmers fjouwer troch himsels ferfryske stikken op syn debút-cd set hat. It giet dêrby om ien nûmer fan ’e Amerikaanske band The Decemberists: ‘Ûnder by de spoarbaan’ (oarspronklik ‘Down by the Water’) en trije út it repertoire fan ’e Frânske sjansonnier Georges Brassens (1921-1981). Dy lêsten hawwe as Fryske titels respektyflik ‘De minne reputaasje’ (= ‘La mauvaise réputation’), ‘Ljipaaisykjen’ (‘La chass aux papillions’) en ‘Lokkige leafde is in dream’ (‘Il n’y pas d’amour heureux’). ‘Bliuw by my’, in al besteande, troch Jaap Duijs makke, oersetting fan Jacques Brel (1929-1978) syn ‘Ne me quitte pas’, bringt it tal ferfryskings op Earste simmer mei dy op mei-inoar fiif.

Kramp en ûnfêstens
Krekt as Gerard Rinsma hjirboppe, is Onno Loonstra moai ticht by de grûnteksten fan, yn syn gefal, Georges Brassens bleaun. Boppedat begeliedt er syn wjergaders fan dy nûmers op in waarme wize mei syn eigen akoestyske gitaar en sit syn sjongstim hiel ticht by it timbre fan Brassens. Dêrtroch binne de trije krektneamde nûmers yn it earste oankommen hiele moaie ferskes wurden. En dochs…, as harker mis ik wat yn Loonstra syn fertolkings fan Brassens! Dat jildt allyksa foar syn ferzje fan ‘Ne me quitte pas’ fan Jacques Brel, dêr’t er, lykas sein, de ferfrysking ‘Bliuw by my’ troch Jaap Duijs foar brûkt hat. Yn Douwe Heeringa syn fertolking fan dat nûmer, út 1989 op ’e cd Brel, in Fries. Douwe Heeringa sjongt Jacques Brel en dan ûnder de folsleine titel ‘Leafste bliuw by my’, foel alles op syn plak: sawol tekst, muzyk as wize fan útfieren. By Onno Loonstra is dat allegear in stik minder. Ik haw yn my omgean litten wêr’t him dat oan sitte kinne soe. Nei alle gedachten moat de oarsaak socht wurde yn it folgjende.
Onno Loonstra hat op himsels in sjongstim mei in moai donker timbre, dy’t poer geskikt is foar sjansoneftige nûmers. As er him wat frijer en losser fielt by it sjongen, lykas yn syn eigen nûmer ‘We lûke nei de lep’, kin er dêrmei ta akseptabele útfierings komme. As er lykwols nûmers fan oaren fertolkje moat, liket syn stim yn in soarte fan kramp en ûnfêstens te sjitten, wêrtroch’t ûnsuvere noaten ûntstean. En dy noaten liede de harker ôf fan ’e sizzingskrêft fan ’e teksten. In goede stimcoach hie yn dit stik fan saken by Onno Loonstra wûnders ferrjochtsje kinnen! Wat dat oanbelanget hie der in rol weilein west foar Kees Bode fan De Kast, dy’t de toetsepartijen op ’e cd foar syn rekken nommen hat en dy’t ik in tige saakkundich musikus achtsje. Hy hie de noch wat ûnbetûfte sjonger (sjoch hjirboppe) Onno Loonstra fokaal grif it goede paad wize kinnen!


Gerard & Grace: It sûzjen fan ’e stilte (en 17 oare popsongs ferivige yn it Frysk) (cd); www.gerardrinsma.nl.


Onno (Loonstra): Earste simmer mei dy (cd); www.onno.frl..

Beide útjeften: Marista; Ljouwert 2017; www.marista.nl.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *