Sigrid Kingma, Geart Tigchelaar, Rachel Plummer, Stewart Sanderson

Translation Showcase

logo.ensafh

Fan 7 oant en mei 11 maart wie it StAnza, Scotland’s International Poetry Festival yn St Andrews. Op saterdei 10 maart hawwe de beide Fryske dichters Sigrid Kingma en Geart Tigchelaar mei de Skotske dichters Rachel Plummer en Stewart Sanderson sawat de hiele dei ûnder betûfte lieding fan Tsead Bruinja en Robin MacKenzie oan it oersetten west. Elk hie foar de saneamde Translation Showcase twa gedichten ynstjoerd. Der wienen al konsept-ferzjes makke dy’t dy deis finetuned wurde soenen troch inoar te befreegjen en oan te setten om krekter op de tekst te kommen.
Dy gedichten waarden op snein 11 maart presintearre oan in ynteressearre publyk. Dêrby waarden fansels de orizjinele Fryske en Ingelske fersen foardroegen en dêrnei de oersettings. De oanbelangjende oersetter fertelde in pear dingen dêr’t er tsjin oanrûn mei it oersetten.
Hjirby wurde de gedichten presintearre dy’t oersetten binne, mei hieltiten oan ’e lofterkant it orizjineel en rjochts dus de oersetting. It gedicht ‘Selkie’ is ek op de webside fan Geart Tigchelaar te finen, dy’t dêr fierder yngiet op tûkelteammen.
Op sneon 14 april komme Rachel Plummer en Annie Rutherford (ynstee fan Stewart dy’t net koe) nei Ljouwert om in wurkwinkel te jaan mei Sigrid en Geart op it skip Bald’r. De jûns wurdt der foardroegen yn MeM. Beide lokaasjes binne yn ’e Prinsetún. Mear ynformaasje dêroer fine jo op de webside fan Lân fan Taal. 

Klik hjir foar de fersen (pdf)

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *