Teleks: Karen Bies troch sjuery Oare Wurden selektearre foar ferbliuw yn Ierlân

logo.ensafh

Skriuwster en programmamakster Karen Bies is troch de sjuery van it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden útkeazen foar in ferbliuw yn Ierlân. Fan de tsien ynstjoerde skriuwplannen fûn de sjuery dat fan Karen it sterkst. De kommisje is fan betinken dat Karen mei har kar foar in aktueel ûnderwerp, in multymediale foarm en in wichtige doelgroep hiel goed oanslút by de opset fan it Oare Wurden-projekt.

Bies neamt har ambisjeuze plan ‘de simmer fan Ids’. Se wol yn Ierlân in Frysk ferhaal foar jongeren (15 oant 20 jier) skriuwe, mar úteinlik moat it in roman en filmsenario foar in muzykfilm opsmite. Se wurket dêrby gear mei in echte band, de Fryske band WIEBE. Se kiest bewust foar dizze doelgroep om’t se fan betinken is dat der te min oan Frysktalige boeken, searjes en film foar jongeren ferskynt. Mear oer it plan en oer de beoardieling fan de sjuery is te lêzen yn it sjueryrapport.

Karen Bies (1968) is kultuerredakteur, ferslachjouwer en presintator by Omrop Fryslân. Sy makket reportaazjes foar radio en tv. Sûnt 2013 presintearret sy it Grut Frysk Diktee op de Fryske telefyzje. Karen sit yn de redaksje fan kultureel tydskrift de Moanne en skriuwt ynterviews, kollums en ferhalen. Karen sil kommende simmer 8 wiken ferbliuwe yn it Ierske plak Belmullet. Se sil geregeldwei publisearje oer har ûnderfiningen fia in blog op de webside fan Oare Wurden.

Foar dit ferbliuw yn Ierlân hiene mar leafst tsien kandidaten har oanmeld: fiif skriuwers en fiif skriuwsters. Yn it goed twajierrich bestean fan dit projekt is dat in rekôr. Der sieten foarstellen by foar poëzij, proaza, graphic novel, toaniel en reisferhalen. De beoardielingskommisje bestie út Marijke de Boer, Bart Kingma en Tryntsje van der Steege.

Oare Wurden/Other Words is in útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen. It projekt jout skriuwers de kâns om acht wiken yn it bûtenlân te wenjen en te wurkjen. Doel fan sa’n ferbliuw is om in literêr wurk te meitsjen, mei te dwaan oan it kulturele libben yn it gastlân en in nij (skriuwers)netwurk op te bouwen. It úteinlike literêre wurk wurdt yn it Ingelsk en de oare dielnimmende talen oerset en op de webside fan Oare Wurden publisearre. Earder wienen André Looijenga yn de stêd Bitola (Masedoanië), Bart Kingma en Gerard de Jong yn San Sebastián (Baskelân) en Hein Jaap Hilarides yn Maribor (Slovenië).

It projekt Other Words/Oare Wurden wurdt útfierd troch Tresoar, yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It projekt is ûnderdiel fan it LF2018-programma Lân fan Taal, dat as doel hat om Fryslân as publyks- en kennissintrum foar meartaligens te posisjonearjen.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

4 reaksjes op “Teleks: Karen Bies troch sjuery Oare Wurden selektearre foar ferbliuw yn Ierlân

  1. Nuvere saak. Karen Bies wurdt hjir omskreun as ‘skriuwster’.
    Op de side fan Omrop Fryslân is Karen Bies oan it wurd.

    “It is myn dream om in boek te skriuwen,”

    Mei oare wurden: Karen Bies hat noch nea in boek skreun.

    Sa giet it hjir yn Fryslân.
    Yn de eagen fan Tresoar binne jo al in skriuwer foardat jo in boek skreun haw.

  2. Parseberjocht:
    Yn 2019 mei Pyt Paulusma fan Oare Wurden acht wiken nei Wales. Paulusma wol der net allinne syn earste boek skriuwe mar ek in opera. De wurktitel is ‘Moarn mar wer efkes yn it waar sjen’. De muzyk is yn hannen fan ‘De Zware Jongens’. ‘It hat altyd myn dream west om in boek te skriuwen’ sei de waarman. Yn it sjueryrapport stiet dat Paulusma noch gjin grut literêr oevre hat mar wol potinsjeel. Sa hat hy de tekst skreaun foar de karnaval hit ‘Regen, regen Ik kan er niet meer tegen’ en de t-shirt tekst ‘Alle dagen rein, útsein snein’.

    Myn plan foar Ierlân is ôfkard en dat begryp ik wol. Myn oevre (4 titels, 2 yn it Frysk, nomineare foar de Douwe Tamminga en de Rink van der Velde priis) kin net yn it skaad stean by oare gadingmakers. Ik begryp ek de wrevel by oare ‘echte’ skriuwers want de kar foar in kollumniste en sjoernaliste bliuwt nuver.

    Mar ik bin net soer en winskje Karen Bies in protte wille en in soad sukses yn Ierlân! Sláinte!

  3. Miskien moat der ien ris begjinne om deagewoane easken te stellen oan sokke programma’s: wa sitte der yn de sjuery, hoe beoardielet de sjuery, hoe docht de sjuery ferslach? Dy’t de sjueryrapportsjes fan Oare Wurden lêst, gniist him de bûsen út. Mar as skriuwers gjin transparânsje easkje, en har inkeld mar opstelle as tankbere ûntfangers fan in mooglik snoepke, tsja, dan krije je wat je oer jesels ôfroppe. Skriuwersboun? Ha, ha, efkes gnize.
    En noch wat oars, immen wilens op ‘e hichte fan wa’t der yn de sjuery fan de Rink sitte? Of is ‘t noch altyd geheim?

  4. Oer de Rink sprutsen, hjir jildt itselde. As skriuwers akseptearje dat der twa gadingmakkers binne foar in ,,literêre priis” dy’t útrikt wurde sil, tsja. Lokwinske Willem Schoorstra. Mar Schoorstra soe him weromlûke moatte en de priis wegerje. Prizen krije is krekt aardich as der konkurrinsje is. In priis krije om’t de bewegers hoe dan ek fan in priis ôfmoatte is net earfol. It ha-ha fan saniis jildt hjir ek. Mar it werklike probleem is de lammenadigens fan de skriuwers sels, dy’t inkeld krityk hawwe as it har direkt sels oanbelanget (Hettinga, Schotanus, undsoweiter).

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *