Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 1, 2018

logo.ensafh

It earste artikel yn it earste nûmer fan dit jier is it besprek fan De nacht fan Mare, de nijste roman fan Willem Schoorstra. Dat foaroansetten fan it besprek fan in proazawurk is bedoeld as statement. Yn it lêste nûmer fan 2017, it nûmer mei as tema Baskelân, yn it stik ‘In Baskysk-Frysk petear’ fan Eneko Aizpurua en André Looijenga seit de lêstneamde: ‘As orizjinele Fryske literatuer relevant bliuwe wol (of wurde wol), moat dy djipgravender wurde – sawol yntelliginter as ûnderhâldender wurde. Benammen jildt dat foar it proaza yn it Frysk. Ik fyn dat op dit stuit mar in bytsje Fryske romanskriuwers echt in koartswilige, nijsgjirrige styl hawwe. De measten skriuwe fierstente flak en triviaal; oaren hâlde júst tefolle fan it Fryske wurdboek en te min fan de Fryske lêzer. En harren ûnderwerpskar mocht ek wol wat yntelliginter en mear by de tiid wêze.’

Lês hjir fierder (pdf)

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *