Teleks: Omtzigt wol omtinken fan LF2018 oan “tsjustere susterstêd”

logo.ensafh

Ljouwert en Fryslân moatte dit jier by alle kulturele útwikselings mei Malta yn it ramt fan de kulturele haadstêd ek omtinken jaan oan de tsjustere kanten fan Malta. Dat seit CDA-Twadde Keamerlid Pieter Omtzigt. Moandei in heal jier lyn waard op Malta de bekende sjoernaliste Daphne Caruana Galizia opblaasd mei in autobom. Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga frege yn syn fers ‘De opblaasde dei’ al omtinken foar dizze oanslach. De Ingelske oersetting fan dit fers krijt op it eilân Malta positive kritiken, ek fan de famylje fan Caruana Galizia.

Lês fierder by Omrop Fryslân

Sjoch ek by de Ljouwerter Krante

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “Teleks: Omtzigt wol omtinken fan LF2018 oan “tsjustere susterstêd”

  1. FARCE EN TSJUSTERE KORRUPSJE

    LF2018 sil moarn wol wat neatsizzends sizze oer Malta, wat moat it ek sizze? Dat de parsefrijheid op it spul stiet, grif. Lykas hjir yn Fryslân, oars, net tanksij bommen mar tanksij provinsjaal smarjild. De provinsje keapet ommers publisiteit foar LF2018, by de kranten, de Omrop en wa wit wêr mear. Net te ferlykjen, nee, en men heart der fansels gjin provinsjaal bestuivere Dichter oer, mar ek net leuk. Hettinga – reagearre kreas nei it foarbyld fan PEN International, in moaie kâns om syn provinsjedichterskip kritysk nei LF2018 ta lykje te litten – ferliket de bomoanslach fan ferline jier op de Malteeske sjoernaliste yn syn gedicht mei it boekferbaarnen ûnder Hitler. Slacht nearne op fansels, mar sil ik dan it provinsjale belied te uzes mar ris nearne mei ferlykje, en it serpint gewoan by de namme neame: korrupsje?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *