Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 3.3

logo.ensafh

Dêr sieten oan de iene kant (lofts of rjochts, dat wie net te sjen yn it tsjuster) de seis dy’t wy al kenne: Desiderius Huizinga, Wouter Boskma, Abdul Kinksma, Hendrik van der Balk, Marco Rutario en de Sersjant, dy’t gjin namme hie. De oare seis (lofts, rjochts?) koene net by har yn it skaad stean en wiene fan in lichter alloai. Nettsjinsteande sille wy har oan de ferjittelnis ûntkrije want de genede is ek foar it mindere ornearre. Dêr sieten:
Fido Simmer, in man dy’t feroardield wie foar it siedzjen fan hate tsjin beskate befolkingsgroepen, in sterke propagandist dy’t by ferkiezingen in protte stimmen krigen hie. Mar de rjochter wist him te finen.

Trimko van der Molen, in redakteur dy’t derfan fertocht waard dat er jild oannaam fan in politike partij. Mooglik wie er ûnskuldich feroardield, – doe’t er de kâns krige om earfol út te piken troch by it leger te gean. Feit is dat syn haadredaksjonele stikjes in sterk propagandistysk karakter hiene en it begryp ‘frij parse’ ta in lege patroanhuls degradearren. It rjocht treft somtiden de ferkearde en de ûnskuldigen moatte it belije fanwege de skuldigen. Slim ûnrjocht want Trimko van der Molen wie ûnskuldich!

Flok van der Dol, de man dy’t mei in moard in oanslach op de demokrasy pleegd hie. Hy wie ta de dea feroardield, mar omdat de deastraf net mear bestiet, hiene se him de kâns jûn om himsels fia in maatskiplike staazje yn it bûtenlân nochris te bewizen. Hy mocht sjen litte dat er doch in nuttich lid fan ’e maatskippij wie. By it leger koe er konstruktyf te wurk steld wurde. It wie ommers in opboumisje.
 

De mannen swijden. It fleantúch takside oer it lytse fleanfjild nei de baan dêr’t it de hichte yngean soe. It hold efkes ho oan it begjin fan ’e baan. Doe joech de fluchtlieder (in bybaantsje fan ’e boekhâlder) de baan frij. It fleantúch naam in oanrin en mei in machtige lûdbrûs fan ’e Fokker-motoaren joech it him de hichte yn. Se wiene op wei nei Afghanistan.
 

– He mannen, begûn Fido, ik wit noch in mop.

Trimko seach soer op dat ien it weage de djippe stilte om him hinne mei in tsjinlûd te ferbrekken.

– De president fan Amerika en dy fan Ruslân sitte tegearre yn in fleantúch. Dan smyt dy fan Amearika in dollar ta it rút út. “No ha ik in minske bliid makke”, seit er. De Rus lit dat net op him sitte dat dy smyt twa dollar nei ûnderen ta. “Sjesa, no ha ik twa minsken bliid makke”. De Amerikaanske president wol dat net op him sitte litte en smyt 3 dollar nei ûnderen ta. Dat kin de Russyske president wer net op him sitte litte. Hawar, dat giet sa in skoftke troch oant de mannen gjin jild mear oer ha. Dan draait de piloat him om en seit: “As jim no sels derút springe, meitsje jim 6 miljard minsken bliid.”

Fido moat lûd om syn eigen grapke laitsje, mar ek Flok begjint te balten fan it laitsjen.
Se skuorre har beide de bûsen út. Trimko sjocht noch hieltyd soer.
 

Van der Balk, de sersjant en Kinksma binne wyls yn petear oer evolúsjeteory. Van der Balk leit omstannich de arguminten ten geunste dêrfan út, mar Kinksma ûnderbrekt him mei it sizzen:
– Hark ris, Balk, evolúsjeteory is gjin ferklearring. It is in beskriuwing fan allegear feiten. Wy fine allegear âlde skeletten en dingen, en dêr sit in patroan yn. De âldsten binne simpel, de meast resinten komplisearre. Wy minsken binne in toppunt fan kompleksiteit. Us genetysk patroan is sels in elemint fan gaosteory. Soartbegryp stiet net fêst en alsa kinne soarten útinoar ûntstean.

– Mar, akselet Sersjant tsjin, hoe kin út ienselligen sokssawat kompleks ûntstean as de minske? Dêr moat in plan achter sitte. Der moatte in grutte Generaal wêze dy’t dit striidplan úttocht hat.

– Nee, seit Kinksma, dy konklúzje wol ik bestride sûnder my ta it tsjinoerstelde te bekennen.

– Eh?

Seit de sersjant, want dit giet him boppe de pet.

– Sjoch, seit Kinksma, stel jo sizze dat op de achterkant fan ’e moanne aliens wenje, want it is sa’n grutte lege romte dat dy kin net sa mar leech stean bliuwe, of it moat al in spekulaasjeobjekt fan de aliens wêze. Wat sil ik dêr tsjinyn bringe? Ik kin it befestigje noch ûntkenne. Wol kin ik ynskatte dat jo gjin bewiis ha foar jo miening, en dat makket jo miening earder ûnynteressant as ûnwier.

– Wy ha it no oer God, slacht Rutario der yn.

– Dat alles der is, is in wûnder, jout Kinksma ta, mar dêrom kin ik noch net ta in ‘kreator’ konkludearje. Ik kin oer it bestean fan in kreator neat sinnichs sizze, en dy’t dat wol docht, liicht dêr’t er net witte kin, om mei in ferneamd filosoof te sprekken.

Mar sa gau wol de sersjant net belies jaan. Hy hellet no Professor Van Praag en Sheldrake derby, mar it helpt net om Kinksma te oertsjûgjen. It is wol hiel nuver dat in minske suver nea yn in rasjonele diskusje troch in opponint oertsjûge wurde kin. Lykwols is it hiel maklik en oertsjûgje minsken mei in non-rasjoneel discours, sa’t bliken dwaan sil út it ferfolch net inkeld fan dizze skiednis, en it ferline fan ’e wrâld, mar ek út it ferfolch derfan.
 

– Leauwe jo yn God, Flok, freget Rutario hommels.

– Jawis, seit Flok, ik ha in missy hjir op ierde en dy is my troch God jûn. Ik bin in ynstrumint fan God en ha it foech om it kwea hjir op ierde te bestriden.

– Hawar, dat is in nommeler ideaal as wannear’t je de merkwurking as Ideaal en heechste Noarm en Wearde ha, seit Rutario, dy’t ûnkundich fan Flok syn misdieden wie.
 

It wie in lange tocht troch de nacht tusken Europa en Azië. Se makken in tuskenstop op in fleanfjild yn Roemenië. Dêr moasten se efkes wachtsje om’t der problemen wiene mei in Amerikaansk fleantúch. Blykber wiene der finzenen yn opstân kommen dy’t mienden dat se ûnterjochte fêstnommen wiene. Se koene har lykwols better op it ivige biedwurd “in God we trust” ferlitte as op de Geneefske Konvinsje, dat ommers mar minskewurk wie en ferblikte neffens de Gloarje en Rjochtfeardichheid fan de Iene, de Goede, dy’t de minsken al safolle goeds brocht hie. Efkes letter hie it bruorrefolk oarekant de oseaan de oarder wer hersteld, nei’t it skynde, want har fleantúch krige permisje om nei de startbaan te gean.
 

Nei de tuskenstop kamen de kommando’s moarns oan op it fleanfjild. No ja, it wie in stik asfalt yn ’e woastyn. Oan ’e kimen tekenen har in rige tsjustere hichten ôf. Dêr soe de Fijân wol tahâlde, oannimmende dat der ûnder it flakke woastynsân gjin netwurk fan tunnels lei – as in soarte fan geheime betsjuttingslaach dy’t ûnder de woastyn oanbrocht wie, ûnsichtber foar westerske eagen, ûnbegrypber, ûngrypber foar hannen fan westerlingen dy’t tochten hjir as Helpers fungearje te kinnen. Dit wie ommers it Aldste Beskavingssintrum fan ’e wrâld! Hjir hie de alâlde beskaving fan Elam en Suza syn troch it Alde Testamint berabbe middelpunt hân. Om it mar net te hawwen oer de Beskavingen efkes fierderop, yn Irak: Sumer, Babylon, Assyrië, se wennen dêr al yn skoandere stêden yn in tiidrek dat de lju yn Europa noch efter keppels oksen en herten fan de grutte Goadinne oanstoden. Ja, se hiene hjir safolle Helpende hannen foarby kommen sjoen. Se woene leaver efkes net holpen wurde, dat wol sizze, at se holpen wurde woene, dan troch har Islamityske bruorren en bruorren, mar net troch de kristlike krús- en oaljeridders út it westen. Om it mar net te hawwen oer de unleauwigen, want de ûnleauwige is Allah in grouwel, in wearze, en dêrfandinne de skeldnamme Unleauwige Hûn (dy’t net mei Attila betize wurde mei). Yn it dekadinte westen dogge de lju luchtich oer it ûnleauwen. Yn bettere tiden waard soksoarte folk yn it westen ek ferbrând, martele, deamakke.

[wurdt fuortset]

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op