Lomme Schokker

‘Dei en jier bewarre ik wûnderlik begear’

logo.ensafh

Sechstjin, santjin jier wie ik en fol Sturm und Drang. Bûtendoar doarst ik neat, mar thús op de jongeskeamer koe en woe ik fan alles. Ik dreamde ûnbestimde idealen, lies boeken foar myn literatuerlisten, sammele de kleurichste Spaanske sinesappelpapierkes foar yn in skuondoaze en typte de aldermoaiste gedichten oer. Dat wol sizze, de gedichten dêr’t ik wat fan snapte. Inkeld dy gedichten binne bleaun, folsleine gedachten fan ûnbesprutsen begear.
Ik blêdzje troch de blauwe multomap út myn oankommelingstiid, se lizze taal by taal en op alfabetyske folchoarder fan de dichter. Fiif fersen fan Obe Postma wachtsje my op, tusken Leo Popma syn ‘Blues fan de sûndfloed’ en Rixt har ‘’k scil foar dy sjonge’.

Yn it fers ‘Bernetiid’ beskriuwt Postma de skoaljonge dy’t ik wie:
-Hoe tink ik oan dy moaie sneontomoarns,
(hwat frijer liet ús master dan de bern)
as’t yn ’e skoalle boekeroaljen wie;
hwat langstme hien’ w’om ’t nije boek to sjen!-

By syn fers ‘Lietsje’ moat ik grypt west hawwe troch it werheljend ik bin net oars as…
ik bin net oars as de karreman,
de swalker troch waer en wyn;
mar no yn ’e drokke Maeije-tiid
hoe helje de froulju him yn!
(….)
ik bin net oars as de arbeidersman,
dy’t Sneins syn wille hat;
dan leit er yn skeante fan ’e dyk
en hat fan ’e wrâld wol syn part.

Dochs in lytse fyftich jier letter is it benammen it gedicht ‘Oan’t dy’t my lêze sille yn letter tiid’ dat my, ik soe hast sizze fansels, it meast oansprekt. It begjint wer mei it werheljen fan wurden, sokssawat nimt my altiten yn. En it sûnder ferwar oerjaan ‘oan dy’t ta ’t libben giet’ moat my as opslûpte romantikus bysûnder oansprutsen hawwe. Fierder is it faker sein, Postma kin as gjin oar de langsten fan it hert ferbine mei in likenis yn de natuer.
Wat my no treft is foaral it En siele hat (…) yn ierdsk begean fan it tideleaze wûn. Doetiids sil ik it tiidwurd ‘begean’ lêzen hawwe as ‘bestean’, dêr bin ik wis fan. Mar ‘begean’ betsjut ‘geandewei ta dyn doel komme’. Troch folút (yn harmony mei de natuer) te libjen wurdst al in diel fan de ivichheid. It tiidleas bestean op myn sechstjinde is in begean nei it ivige op myn fiifensechtichste. Dêr kin ik mei libje.

Oan’t dy’t my lêze sille yn letter tiid

Ik sis net: heger as de piramide-bou,
En duorjender as koper sis ik net.
’t Woechs út it flakke lân stil nei de sinne op
En ’t is net sterker as de minskene hert.

Mar ’t koe dochs wêze dat it dei en jier
bewarre bleau en fûn in lústerjend ear.
De sinne hâldt syn ljochte himmelgong
en minske hert syn wûnderlik begear.

It is myn lân, it is syn folts; in hûs;
In boereminske yn’t hôf, in hjerstejûn.
En siele hat – o dream yn simmerlân –
Yn ierdsk begean fan it tideleaze wûn.

It is in minske, iepener op dichters baan
as wenst wol ha woe, fij fan skuttend byld;
Hy jout him oer oan dy’t ta ’t libben giet,
in feint, in bern, en sûnder pols of skyld.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op