Piter Boersma

In memoriam Piter Yedema

logo.ensafh

Ofrûne woansdeitemoarn noch optrede. Op ’e fyts werom nei hûs yn Mantgum. By Werpsterhoeke fan ’e fyts falle, hertstilstân. Fûn, reanimearre, ûnderweis nei it sikehûs wer reanimearre, yn it sikehûs noch in pear kear, op ’e intensive care, sneon 21 april ferstoarn.
Piter is 76 jier wurden, in moaie leeftiid. Hy wie krekt yn in gelokkige perioade fan syn libben. Ien fan ’e moaie dingen: net lang lyn wie er pake wurden. Syn dea is in skok, mar in dea as dizze, sûnder lang lijen, dêr kin men foar him bliid mei wêze.

Piter Yedema wie yn it begjin fan syn skriuwerskarriêre foaral in betûft en eigensinnich kritikus, letter manisfestearre er him mear as dichter. Syn earste publikaasjes ferskynden yn Alternatyf (ek ferhalen) en Trotwaer. Yn 1974 publisearret er foar it earst in ferhaal en resinsjes yn Hjir (de foargonger fan Ensafh). Yn 1975 kaam er yn ’e redaksje fan Hjir, dêr’t er oant 1979 yn bliuwe soe. Yn de rin fan dy jierren en ek noch yn 1980 wie er de wichtichste en in ynfloedryk kritikus (fan poëzy) en (polemysk) essayist fan Hjir. Hy publisearre in pear kear ek eigen poëzy en poëzy-oersettings út it Dútsk. As skriuwer en redakteur hat Hjir in protte oan him te tankjen hân.

Nei 1980 hat Piter as kritikus net folle mear fan him hearre litten. Syn manysk-depressive oandwaning, dy’t him gauris yn ’e macht hie, undermine wat dat oangiet syn krêften. Hy kaam dêrnei wol mear as dichter foar it ljocht. Yn 1987 publisearre er yn eigen behear de bondel Boarring mei in tal eigen gedichten en oersettingen of neidichtingen út it Dútsk fan Georg Trakl, Stefan George en út it Frânsk fan Charles Baudelaire. Yn 1987 ferskynde by útjouwerij Lykele Jansma (de oprjochter en útjouwer fan Alternatyf) Lieten fan de flakte, in rige fillanellen, dêr’t er dat fyftjinde-iuwske Italiaanske sjenre de Fryske poëzy mei binnen helle. Hy brûkte dêrby rigels fan de Fryske dichters Gysbert Japicx, Douwe Hermans Kiestra, Tsjits Peanstra, Obe Postma, Trinus Riemersma, Rintsje en Sybe Sybesma, Douwe Tamminga en Piter Jelles Troelstra en de Flaming Paul van Ostaijen as útgongspunt. Yn 1987 ferskynde ek (no wer yn eigen behear) it op it eilân Procida (by Napels) skreaune ûnder oaren, yn 1998 folge troch (lyksa yn eigen behear) in iepen winter, mei acht heal-fillanellen, skreaun op Sisilië. It is dúdlik dat Piter Yedema foar syn poëzy twa fûneminten nedich hie: in fêste foarm en de ynspiraasje fan rigels fan oare dichters. Mar wat er dan ta stân brocht tsjûget fan fantasy en eigenheid. Dat bewiist ek syn lêste, yn 1992 by de Koperative Utjouwerij ferskynde bondel Manneboete. Dêryn stean twa sonnettekrânsen (de earste op in sonnet fan Douwe Kalma, ‘In blom dy’t har ûntjaan wol middeis ier’) en oersettings fan sân sonnetten fan Shakespeare.

De bondels ûnder oaren en in iepen winter binne yn Italië skreaun, doe’t Piter Yedema begjin jierren tachtich fan de foarige iuw in tal jierren op ’e kletter wie. Hy hie syn hûs ferhierd en joech him hieltyd rûnom in skoftke del. It begjin fan dy swalkrite kundige him faaks al earder oan doe’t Piter yn 1979 út de redaksje fan Hjir stapte om’t de redaksje neat seach yn syn idee om op withoefolle, miskien sels wol alle beammen yn Fryslân it wurd ‘HJIR’ te plakken. Hy skriuwt dêr sels oer yn in noat by it titelgedicht fan de bondel Boarring: ‘It gong dy jûns net sa smûk om en ta yn Furdgum (de gearkomste wie by Sybe Krol oan hûs). Net allinne dat der komselden in Roland Holst by de ynstjoerders sit, om oer út de skroeven te reitsjen, mar de measte tiid giet hinne mei stoflike soargen oer it tal siden, it omkaft en it gewicht om ûnder de 90 sinten porto te bliuwen. Dizze jûn besprutsen we plannen om ús lêzerstal út te wreidzjen. It petear stûke, wy kamen der net út. Doe’t gjinien der foar fielde om rûnom grutte plakkaten mei it wurd HJIR oan te plakken, sa’t ik foarsteld hie, bin ik frij grimmitich opstapt.’

De lêste jierren publisearre er yn de Moanne, it Friesch Dagblad en ek yn Ensafh. Yn it earste nûmer fan Ensafh fan dit jier stean trije gedichten fan him. Hjir ien dêrfan.

De lêste mich

Hear it is tiid de winter wankt
de simmer brocht gâns fertuten
en krommels dêrfoar hertlik dank
Lit foar my de ôfwosk stean
Dagen leafst in heale wike
dat de brot mei skimmel ferrike
en ik yn swietens mocht fergean
Ik bin der noch de klap ûntkommen
fan krante, spuitbus, klibberlint –
Lit my yn rêst as ’t jo sint
fan fleanen en wjukslach bekomme
en snobje as de slomme my ferwint

Op Ensafh-digi is op 27 septimber 2017 ek noch in gedicht fan him publisearre, it gedicht ‘Blommetún’.

Ik ha mei Piter hiel wat belibbe, mar de freonskip bleau. Hoe koe it ek oars. Yn ien fan syn manyske perioaden skille ik him mei de fraach oft ik him opsykje koe. Hy wie ien en al freonlikheid: ik wie wolkom. Mar nei’t er my der yn noege hie en ik midden yn ’e keamer stie – syn freon Grietzen Bergsma út Wytgaard wie der ek – sei Piter: ‘Moai datst der bist, dat stel ik tige op priis, mar do giest der wer út.’

Piter Yedema, in man dy’t literatuer iet en dronk, in bysûnder man, in leave, belutsen man, in man dy’t it mei troch syn oandwaning net maklik hie en it oaren net maklik makke, boppe-al ek in man dy’t nocht oan it libben hie en genietsje koe.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op