Geart Tigchelaar, Pieter Postma

snooze noch mar efkes myn leafste

logo.ensafh

 

it lekken ferwosken
de gatten hâlde waarmte
fêst mei ús lichems
leppeltsje leppeltsje

de kat set it wetter op
en miauket ús
dreamen de nacht yn

mei ratteljend buissysteem
smoare wy de frijerij
yn in ierstoarn kessen

stiet de kat yn moarnsjas
oft wy der soms net ôf moatte
mar de sinne en wyn hawwe
dochs gjin trochkommen
efter de stoffige latsjeblinen

no fiif minuten noch
mar dan is it fuottenein mynt
oars fine myn neilen jim eagen
as stjerren ûnder it ledikant
rizet de moarnslust
en wettersieder útknipt

Foto: Pieter Postma

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op