Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Bewustheid fan kosmos en oarder

Stjerreswaarm

O stjerreswaarm, waans gloarje ús op de eachsapel fljocht,
is elts fan jimme in sinne dy’t elts in wrâld ferljocht?
Untelbere himelbollen, dy’t myn tinkkrêft lûke,
as wiisbegeartes eagen de stiel-glêd-spegels brûke,
ús tûzenen lit sjen, o romte, o widens, hoe great?
Wat is ús sinne lyts, ús ierdbol is in neat.
Hoe dol is it foar ús each de Molkwei yn te brekken,
ferkjeljend stik fan Him dy’t it útsprate as in lekken.
O ûnbedike romte! O goedens, almacht, keunst!
Hoe tel ûntslûpt de geast himsels, dy’t dit oertinkt?

De komeet

Wat grutsk ljocht? Hok hjit himelfjoer
fljocht nei de regels fan natoer
troch tûzen tûzen stjerreringen?
Komeet is hoe’t dat frjemd team hjit.
Wa ken har paad? Hok stjerling wit
har dwylwei harre wintelingen?

Hjitfolgjend lôget se yn har feart
en smyt in lange striel nei de ierd,
in fjurrige sturt foar lôkjende eagen,
mar it keatling duldt noch sturt noch brek.
Natoer dy makket skuor noch wrek,
hja giet har ynbeprinte wegen,

en rûtst troch de Eindleaze, wiet en ljocht,
tûzen kear hurder as in kûgelsfljocht
foarlâns de skiedingsromten hinne
fan wrâlden dy’t, men tinkt, bewenne
troch wêzens mei mear ljocht beseine,
troch mear beskynd as mar ien sinne.

De tiid lit har fluch fleanen frij,
hja kliuwt it foargebercht foarby
fan himels dêr’t sin’strielen lôgje,
útdôvje foar in blider each!
Hjir dûkt se oan swiertekrêfts gewicht,
hjir wiist har kring wer del te bôgjen.

Nei tûzen jierren gloart har glâns
wer foar ús each by de himels lâns,
sa ivich fêst stean himels boeken.
Sa wier sil Hy, dy it al befet,
nei rjocht, nei macht, nei leafdes wet
it dwaan fan elts yn it deiljocht lûke.

Mei oanwaaksende kennis fan de oarder yn de kosmos, yn it grutte en yn it lytse, waakst ek de ynteresse yn de kosmos sels oan. Linige spekulearret sels al oer it bestean fan libben op oare wrâlden:

O stjerreswaarm, waans gloarje ús op de eachsapel fljocht,
is elts fan jimme in sinne dy’t elts in wrâld ferljocht?

en:

fan wrâlden dy’t, men tinkt, bewenne
troch wêzens mei mear ljocht beseine,
troch mear beskynd as mar ien sinne.

En alle ferwûndering dêroer draacht by oan de bewûndering foar God. Mar der komme filosofen en yntellektuelen dy’t begjinne te twifeljen oan de kristlike god, en dêrmei de godsidee sels ek op losse skroeven sette. De Fryske filosoof Frans Hemsterhuis neamt dit yn syn “Lettre sur l’Athéisme” it tredde soarte fan ateïsme. (It wurk fan Hemsterhuis is by de FA ferskynd yn in mânske twatalige pil.) Hemsterhuis sels sjocht yn de wûnders fan it hielal net sasear de supremasy fan ús ferstân mar de beheindens fan ús sintugen. Mei ús skeamele fiif sintugen nimme wy mar in lyts part fan it hielal waar, en fan de ûneinigens fan God. By Hemsterhuis lykje de begripen God en Al-Hielal hast gear te fallen: en dat is karakteristyk foar it Grykske godsbegryp, dêr’t Hemsterhuis ommers ek in grut kenner en leafhawwer fan wie. Oer Hemsterhuis sil ik op in oar plak wiidweidiger skriuwe. Yn alle gefallen sjogge wy by Linige ek dat de wittenskip en de kosmology in grutte rol yn it tinken spilet, wyls dat yn de poëzy fan ús tiid net sa is.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op