Anne Feddema

Depresje

logo.ensafh

Depresje, as njonkenaktiviteit of depresje as boarne foar myn keunst?

In fleurich begjin fan in kollum fan in kwasi-filosofyske Freud fan Fryslân, sille jimme no wol tinke. En it is fansels ek gjin ûnderwerp dat bedoeld is om net mear by te kommen fan it laitsjen. In skoftke lyn is in hiel goede freon fan my ferstoarn. Ien dêr’t ik de lêste jierren in hiel goed en djip kontakt hie. Wy dolden om yn ’e geast, oer keunst en fan alles en noch wat. Nei in hiel skoft siik wêzen en mei gjin ferbettering yn sicht foar de takomst fûn er it genôch en hat er besletten, om sa’t er sels sei, de stekker der út te lûken. Ik haw syn ferstjerren noch net ferwurke en mis him gewoanwei.

Ek haw ik in skoft behoarlik siik west. De gryp,dy’t as in gek om him hinne fage, krige my ék te pakken, de earste wiken fan 2018 en earliksein is er noch hieltyd net hielendal fuort, ik hoastje alle dagen gewoan fierder. Ik hie dizze sykte eins sels noch nea hân. Dat kaam allegearre byelkoar. En op 16 maart, moarns fielde ik it ynienen… dit is depresje. En dy haw ik wól faker yn myn libben hân. De depresje fan ’e ien is net de depresje fan ’e oar. Ik kin hieltyd noch wol funksjonearje. Dan ropt de keunst my bygelyks. Je hawwe ôfspraken makke en je wolle minsken net sitte litte. Mar as ik der earliksein oan tajaan soe, dan kaam ik myn bêd efkes (foar in aardich skoft dan) net mear út.

Dochs besykje ik mysels altiten ‘op te peppen’ as der in depressyf gefoel of momint oan sit te kommen. Wat helpt dêr sa al by? Muzyk? Ja, perfoarst. Lange kuiertochten meitsje? Kin ik ek beäntwurdzje mei in flinke JA. Wat moatte je wis net dwaan? Yn myn gefal, yn ’e measte gefallen tink ik… net nei de kroech. Drank helpt je no ien kear, werklik de ferkearde kant op. Je geast komt oan ’e goede of as je wolle, oan ’e ferkearde kant fan it fergrutglês tefoarskyn. Der komt ‘djip’ fertriet nei it oerflak, ék dranktriennen kinne je troch de siel snije, leau my mar. It hiele wykein, yn myn ûnthâld dan, in ûnthâld dat hiel selektyf wurden is, haw ik by mysels foar de hûsdoar stien. It wie nammers ek sa, allinne wie dat momint oan ’e ein fan trije jûnen fuort mei in soad drank derby. Ik koe alle kearen de kaai net omdraaie fan ’e foardoar. Binnen siet in swarte geast op my te wachtsjen. Ik haw him werklik sjoen, want al de trije kearen gong ik by him op ’e skerte sitten, of stapte ik miskien yn mysels? It wie in ferwrongen ferzy fan in Krystferhaal fan Dickens, of wie it in hiel persoanlike tenebrae? Wie myn kearske oan it útgean? Ik wist ek, dat ik sa gau as mooglik wer út dizze ellinde komme moatst. Oars soe ik gek wurden wêze.

De priis foar de werberte is heech, noch los fan it feit dat je sa siik as in hûn en beroerd as in kat binne. Alle saken moatte op ’e nij op ’e rails komme en foar de tûzentichste kear moat ik rekkenskip ôflizze oer myn keunstnerskip en oft it eins wol in gaadlik berop foar my is. Watte?! Kin ik dy ropping wol drage? Mar wat dan? Noch in pear jier omspane as learaar Dútsk? Miskien hie ik dan wol wer depressyf rekke fan it ûnderwiis. Dochs hie it faaks stikken better foar my west. In fêst berop en dan it keunstnerskip as hobby derby yn ’e jûnen. Wol op heech nivo, oars soe ik it net wolle. In foarm fan hillige leafhawwerij. Ik wit ek wol dat dat der net mear oan sit te kommen, mar sa tink ik wol gauris. Witte jimme ek ris wat mear fan my.

Dûmny sil jimme noch wol efkes hiel dúdlik fertelle wat nét goed is. Drugs are bad. Alcohol is bad. It bringt je noch fierder fan hûs. Kroegeswalktochten mei binge-sûperij is net goed foar jimme en is wis net goed foar my. Rêst is goed en in mosterbadsje foar de fuotten en ûndertusken in aardich stikje skriuwe foar Ensafh. It is allegearre net sa ferskriklik yngewikkeld hear. Ik moat gewoan net te folle eamelje en neitinke. Ja… doooch. Takommende tiid kear ik werom nei myn roman en sil ik dêr hurd mei oan it wurk. Dy moat klear en ik moat sizze, it is net oars, gelokkich. Nei dizze lytse letter en geast, fjildtraining fiel ik my justjes better. ‘Lesa mi, helpe mi.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

2 reaksjes op “Depresje

  1. Krekt itselde meimakke, Anne. It is no kreas waar, mar sels dat kin alles yn it hûndert jeie. It kin ek wer te kreas, lês te waarm, wêze. Ien ding is wol wis, de restanten fan ‘e gryp, dy’t ek mei my omheistere hat, meie dit waar net lije. It hoastjen giet lykwols gewoan troch, mar no binne it de pollen en mear fan soksoarte fan guod dat yn de loft omswalket de oarsaak. ‘t Is ek nea goed, sei in kollega fan my eartiids, en sels dàt net.

  2. Betterskip Anne!
    Jo binne ien fan de bêste skriuwers fan Fryslân. Neffens my eins ek noch de alderbêste. Súkses mei de nije roman!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *