Aginda 18-05-18: Ynformaasjejûn oer Bartelje!

logo.ensafh

Bartelje! Fryske fariant op populêre Baskyske ymprovisaasjekeunst
Kin in geweldich populêre, iuwenâlde poëtyske keunstfoarm út Baskelân ek oanslaan yn Fryslân? Fiif Friezen tinke fan wol en sille it serieus besykje. Op freed 18 maaie om 20.00 oere wurdt yn talepaviljoen MeM yn Ljouwert it projekt ‘Bartelje!’ taljochte. Dan is ek de eksklusive foarpremjêre fan de FryslânDOK-dokumintêre ‘It súksesferhaal fan in minderheidstaal’, oer it Baskyske Bertsolaritza-fenomeen, en de earste stappen fan de inisjatyfnimmers om de ymprovisjaasjefoarm nei Fryslân te heljen.
Bertsolaritza
‘Bertsolaritza’ is poëzij, slam, ymprovisaasje, entertainment en muzyk tagelyk. In ‘bertso’ is in muzikaal fers yn Baskyske styl. De ‘bertsolari’ – sjonger fan de bertso – kriget in ûnderwerp oanrikt, en moat dêr nei tweintich sekonden betinktiid wat oer sjonge. Op rym en op in bekende Baskyske melody. In ferskuorrend drege keunstfoarm dy’t de Basken yn it dna sit. It wurdt mei freonen dien yn de kroech, op it doarpsplein, en der binne bertsolaritza-skoallen foar bern om it ûnder de knibbel te krijen.
Wa’t tinkt dat bertsolaritza in efterhelle orale tradysje is, hat it mis. Ienris yn ‘e fjouwer jier wurdt de heechmis fan de dichtfoarm hâlden: it Grut Bertsolari Kampioenskip (Bertsolari Txapelketa Nagusia). Ut hiel Baskelân komme de alderbêste bertsolari byinoar om te striden om de titel en iviche lof. It kampioenskip lûkt 15.000 útsinnige besikers fan jong oant âld, en wurdt live op de Baskyske tv útstjoerd.
Bartelje!
In groepke Friezen – fassinearre en entûsjast rekke troch it fenomeen – wol besykje de keunstfoarm op Fryske grûn opbloeie te litten. It siedsje dêrfoar wurdt op freed 18 maaie plante op de feestlike ynformaasjejûn yn talepaviljoen MeM. De Fryske namme foar de keunstfoarm is ‘Bartelje!’: it wurd is in knypeach nei ‘boartsje’ en it Ingelske ‘battle’. Nei’t dy jûn de FryslânDok-dokumintêre ‘Súksesferhaal fan in minderheidstaal’ sjen litten is en de regels útlein binne kin elkenien dy’t dat wol it sels besykje. Yn it Frysk of in oare lytse taal of dialekt út de provinsje. Hein Jaap Hilarides fersoarget dy jûn de muzyk.
It (earste) hichtepunt fan it Barteljen! moat plak fine yn de wike fan 1 oant 8 july, as it Baskysk sintraal stiet yn talepaviljoen MeM. In profesjonele Baskyske Bertsolari sil dan workshops jaan en der sil in mienskiplike Baskyske/Fryske ‘Bartelpartij’ hâlden wurde.
De Barteliers
De fiif minsken dy’t – ferienige as de ‘Barteliers’ – it Barteljen! yn Fryslân yntrodusearje binne inisjatyfnimmer Bart Kingma, Gerard de Jong, Elmar Kuiper, Mirjam Vellinga en Syds Wiersma.

Yn it koart
Wat: Ynformaasjejûn Bartelje!
Wannear: freed 18 maaie om 20.00 oere
Wêr: Talepaviljoen MeM, Prinsetún, Ljouwert
Foar wa: Fergees tagonklik foar eltsenien

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *