1 reaksje op “Tweet Cornelis van der Wal: Gjin Rely dit jier

  1. At jo hjir in reaksje jouwe bliuwt jo namme twa moanne oft mear oan de rjochterkant stean. Ik wit der alles fan. At ik dus yn ‘e moanne trije keer in reaksje jou dan stiet de redaksje fan ensafh op tilt en skriuwt Cornelis my efkes oan mei de wurden: ‘No earst samar wer.’
    Ik kin dêr wol om leitsje, mar it is net sa dat ik te folle reagearje, mar jimme allegear te min.
    Fryske skriuwers fine it wol bêst en binne net oars as goudfisken dy’t wat yn ‘e kûm om swimme en de holle net boppe it wetter doare te hâlden. It is dus neat mei jimme en wurdt ek noait wat. Gjin karakter! Minsken sûnder karakter kinne net skriuwe! Bagger!

    Cornelis hat gelyk. Wêrom sille jo oan in kompetysje meidwaan at jo net witte wa’t der yn ‘e sjuery sitte. Alle Fryske skriuwers witte wol dat it ien en al korrupsje is by Tresoar en omkriten.. Nee hear, gjin ien reaksje op Cornelis syn stikje. Allegear drok oan it skriuwen. Mei tûzen euro kinne jo in moanne lang moai troch de Aldi, karrefol.
    Allinich at de skriuwers merke dat sy persoanlik yn ‘e seik setten wurde krûpe sy achter de PC en blase heech fan ‘e toer. (Systeem Elske Schotanus)

    De skriuwers dy’t in gedicht of in ferhaal ynstjoere foar de ‘Rely’ moatte harren deaskamje!
    Boykotte de korrupsje!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *