Cornelis van der Wal

It Beamboek

logo.ensafh

In pear moanne lyn hie ik my alris drok makke oer de titel fan it nije Fryske literatuerboek(je), ‘Salang’t de beam bloeit’ fan Joke Corporaal. Trinus Riemersma hie dizze titel al yn it jier 2000 brûkt foar syn samling ‘folksferhalen’. It is gewoan net út te lizzen. Wêrom net in nije titel betocht? Klearebare earmoed.

Obe

De boekoanbieding fan Salang’t de beam bloeit, koarte skiednis fan de Fryske literatuer wie op 15 maaie 2018, yn Obe, it nagelnije gebou fan Tresoar, dat jo it sicht op ‘e Aldehou ûntnimt en dêr’t blykber op airconditioning besunige is. Op Facebook waard dizze lokaasje in sauna neamd, ik kin it net better ferwurdzje.

Albertina Soepboer

De performance fan Albertina Soepboer en in stikmannich studinten fan de NHL, dy’t in gedicht fan Soepboer foardroegen, koe ik spitigernôch mar foar in lyts part ferstean, it sil de leeftiid wêze.

Joke Corporaal

Foardat de offisjele presintaasje fan ‘de Beam’ plakfûn, wie der earst noch in digitale literêre kwis, presintearre troch de skriuwster sels. Ik haw ek efkes meidien, mar hie fan de earste fjouwer fragen al trije mis, dat ik bin mar gau ophâlden. Al aardich dat myn namme ek noch efkes yn in fraach neamd waard! En dat de gearstallers fan de kwis mienden dat ik fan 1958 bin, ynstee fan 1956… Better as oarsom, no.

Jo (poer)razende reporter, Sjieuwe Borger en Pier Boorsma. Foto: Geart Tigchelaar

Oane de Boer

Nei de kwis wie der ûnder oare noch in optreden fan fan Oane de Boer, dy’t okkerlêsten poëzij yn Ensafh publisearre. Dy jonge komt der wol.

Foarmjouwer en ûntwerper fan it omslach Jelle Post

Jelle Post hat der in tige keapsjoch boekje fan makke.

Goffe Jensma

Goffe Jensma wie ien fan de redakteuren fan ‘de Beam’. Babs Meerburg siet ek yn ‘e redaksje. Se woe my net mear kenne, dêrom stiet se foar straf net op ‘e foto.

Meindert Reitsma

Meindert Reitsma presintearre de presintaasje. Ja, dat kin. It gie him net min ôf.

Pensjonado Teake Oppewal liet it him goed smeitsje

Nei de útrikking wie der drank.

Janneke Spoelstra

Janneke Spoelstra kriget aardich wat oandacht yn it Beamboek. Mei rjocht!

Ik haw fansels daliks sjoen oft myn namme ek yn it boekje foarkomt. Ja! Mar dan as performer, yn in rychje mei û.o. Anne Feddema en Elmar Kuiper. Wat sil ik der fan sizze…

De ynhâld fan Salang de beam bloeit is net al te ferrassend, it tsjûget net fan nije ynsichten, mar dat wie tink it doel ek net. Guon (ik neam mar gjin nammen, útsein de swier oerskatte Hessel Miedema) skriuwers/dichters krije wat tefolle oandacht, dy’t net evenredich is mei harren kwaliteiten. En ik mis ek in hiel soad nammen, dy’t neffens my wiswier wol de muoite fan it neamen wurdich binne, mar sjoen de opset wie dêr wierskynlik gjin romte foar.

As yntroduksje yn de Fryske literatuer is Salang’t de beam bloeit in hiel aardich, flot skreaun boekje wurden, dat der yn elts gefal ek tige kreas útsjocht.

Wat faaks ek wichtich is om op te merken, is dat it boekje oarspronklik yn it Nederlânsk skreaun is, Teake Oppewal is ferantwurdlik foar de Fryske oersetting. It boek ferskynt yn fjouwer talen: it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk.

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

3 reaksjes op “It Beamboek

  1. Dit besprek is aardich posityf. Dat is sympatyk foar in boek grôtfol ynhâldlike en staveringsflaters.

  2. Hoi Sjieuwe, by it skriuwen fan dit stik hie ik noch net in soad tiid hân om it boekje te llêzen, dat in besprek wie it eins net, Mar fertel: hokfoar flaters hast fûn?

  3. Goeie Cor,
    ik haw it boek krekt yn ‘e hûs en lies noch allinne mar de ynformaasje oer OPERAESJE FERS (febr 1968) – in organisaasje dy’t ik mei oprjochte haw. Ik sjoch al daalk in hurdhouten flater:

    Doe’t alles fêstrûn troch de tûzenden bellers/besikers moasten we yn april ’68 stopje.

    Yn septimber ’68 begûnen we wer mei farske fersen op de linen (10 linen yntusken), meidat de Gemeente Ljouwert subsydzje joech – it kaam op it ANP-nijs fan 18.00 oere as earste berjocht.

    Daalk dêrnei joech minister Klompé fan kultuer us in dofke jild. Folle letter hat ek Fryslân bydroegen, mar Frou Faber fan de Kultuerrrie hat it moannen tsjinhâlden. Se woene ientalich Frysk…

    Doe’t se yn New York (jan ’69) ek begûnen – Dial a Poem – hawwe we poëzy utwiksele – dêre Frysk op de telefoanlinen, en yn Fryslân (cq NL) Amearikaanske gedichten (û.o; Allen Ginsberg en Anne Waldman). Fryske literatuer moast de wrâld yn fûnen wy.

    Ik bin dan ek bliid mei dizze 4-talige utjefte – ik nim oan dat der noch Frânske en Spaansktalige orsettings komme.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *