Ljouwert leit him as âld-Liwwadder nei oan it hert. No’t er ôfskied nimt fan syn baan by de krante is de tiid kommen om in tal fan syn stikken te sammeljen en yn boekfoarm te bondeljen. Sa is yn dizze bondel ûnder mear in leafdefol portret fan Betje en Roosje Cohen mei har strjithannel opnommen. Ek oare markante Friezen wurde yn dit boek op belutsen wize betocht.
Boekgegevens:
Pieter de Groot, De minsken en de stêd, Friese Pers Boekerij bv, Ljouwert 2010
Paperback, 144 siden
Ferkeappriis € 15,00
ISBN 978 90 330 0897 9








