Lomme Schokker

It nijs dat ta ús komt

logo.ensafh

Betinking autobomoanslach Malta
De auto dêr’t de Malteeske sjoernalist Daphne Caruana yn ried doe’t se troch de bomoanslach op 16 oktober 2017 de loft yn fleach, wie in Peugeot 108, type Access, boujier 2014, yn folsleine útrissing en ekstra mei aluminium felgen. De Pan-Europeeske Peugeot 108 Fanklup sil dêrom dit jier yn Malta op 16 oktober in optocht hâlde ta de neitins fan de oanslach. Opjefte is mooglik by de Fryske ôfdieling, Blokhúsplein 40, Ljouwert. De aksje wurdt sponsore troch Semtex, in brûksume oplossing fan al jo smoarge wask. Ko-sponsor: de Nederlânske Federaasje fan Autosjoernalisten. Stap yn de wrâld fan de sjoernalist, gjin dei itselde!

Nije publike regio-omrop yn Fryslân?
As kritysk alternatyf foar Omrop Fryslân sil de Feriening fan Fryske Publisisten binnen fjouwer jier komme mei in businessprojektdoeleplan foar in nije ûnôfhinklike publike omrop yn Fryslân. De Publisisten hawwe de mage fol fan alle dagen wer ûnbenullich nijs oer drankriders, joechhei jubilea, autobrannen, rjochtbankferslaggen, jammerlik deade fûgeltsjes en it broddelwurk fan breidzjende manlju.
De nij op te rjochtsjen omrop wol dêrtsjinoer nijs yn kaart bringe dat der werklik ta docht. Undersyksjoernalistyk op it alderskerpst. Oer machtsmisbrûk en manipulaasjesucht en de selsferriking fan korrupte bestjoerders en amtners, oer it rücksichtlos kloatsekjen fan maffioaze ûndernimmers en megalomane mantsjes mei te grutte broeken oan, oer de yngeande krúsbestowing tusken ûnder- en boppewrâld, oer it kulnijs dat tsjintwurdich as in tsûnamy oer ús hinne rôlet. Bydragen ta stipe foar dizze plannen binne fan hjoed ôf wolkom op it rekkennummer fan Ensafh.

Blogger blykt trol
In Frysktalige blogger, dy’t koartlyn begûn is mei skriuwen, hat oant no ta hiel wat kulnijs de wrâld yn slingere. Djipgeand nijsgarjen fan Aachje, it Frysk fearnsjierblêd foar frijtinkers, hat dit fan ’e wike opsmiten. Neffens Aachje hat de blogger – waans namme it blêd net neame wol út respekt foar syn twillingbroer – ûnder it mom fan satire, striidskriuwerij en saneamde oersettingen fan skimmelproaza, de Friezen en it Frysk bysûnder bespotlik makke. It blêd komt meikoarten mei bewizen (bitcoinalgoritmen út New York en geheime transkripten út de trolynstituten op Bondstreet yn Londen) dat de man bannen hat mei neoliberale klibers fan oer de hiele wrâld.

It waar
Yn de woastinen by Appelskea wurdt it ek moarn net botte waarm, by de reade kliffen fan Gaasterlân soe it yn de jûntiid wat kâld-dizich wêze kinne, yn de Greidhoeke koe it wol ris reine sille, op de Klaai is it sprútsjeswaar, troch de Wâlden sil it waaie en yn de Legeaën is it sa miggich dat de fjirtich meter hege wynturbines lokkich net te sjen binne. Takom wike sil it ek Frysk fris wêze.
It waar waard hjoed sponsore troch Climategate.nl, it ûnôfhinklik platfoarm tsjin kritykleaze grienleauwigens.

Minsken, dit wie foar hjoed it nijs dat ús takomt.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

2 reaksjes op “It nijs dat ta ús komt

  1. Ik sjoch it nijs fan Omrop Fryslân dochs wat oars as jo hear Schokker.
    Blykber folgje jo net al it nijs dat oes Omrop hjoeddedei bringt.

    Hawwe jo it wol lêzen oer de bolle dy’t út it lân fan boer Halbertsma ûntsnapt wie?

    Hawwe jo wol lêzen dat der in winkeldief trapearre is by de Jumbo dy’t in pakje bûter stellen hie.

    Hawwe jo wol lêzen dat er in hin onder de auto kaam is yn Ternaard.

    Hawwe jo wol lêzen dat der in motorrider troch it reade stopljocht by swimbad De Blauwe Golf riden is?

    Hawwe jo wol lêzen dat de pont by Langwar in oere lang út de feart helle wie op trije april?

    Hawwe jo wol lêzen dat op it stasjon yn Ljouwert lêsten wykein in fyts stellen is?

    Sa kin ik noch wol even troch gean. De Omrop is fan grutte betsjutting foar ús Friezen. Tolve miljoen oan subsydzjes elts jier is eins te min.
    Wy moatte op tweintich miljoen oan! Wat sis ik? Tachtich miljoen!!!!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *