A.IJ. van den Berg

Safolle prachtmateriaal, en dat dan sa fergrieme

logo.ensafh


click foar grutter

Der wiene foar my hiel goede redenen om dit boek net te lêzen en der wiene like goede redenen om dat dochs te dwaan. It himelsk oerwurk is nammentlik in histoaryske roman, of slimmer noch, in ‘vie romancée’. Op myn weblochs ha ik faak genôch oanjûn dat ik sokke boeken net lêze kin, om’t my altiten fuortendaliks de flaters opfalle. En yn fiksje is it hiel wichtich om it ûngeloof sa lang mooglik foar te bliuwen; oars is der neat oan. Allinne bin ik no ien kear in histoarikus; foar my is de skiednis altiten mear as allinne in aardich toanieldekor.

Dêr stie foaroer dat it my net heugde oait ien fan Durk van der Ploeg syn romans lêzen te hawwen. Wylst hy der neffens it listke efteryn oars al achttjin skreaun hat.

Tagelyk hat it ûnderwerp fan dit boek ek myn belangstelling. De betsjutting fan de Fryske amateurastronomen, dêr’t Van der Ploeg oer skriuwt, is hiel grut. En de perioade dêr’t er it oer hat, boeit my ek, trochdat der nochal wat yn barde. Foarôf tocht ik dus noch dat it allinne al aardich wêze soe om ris te sjen hoe’t Van der Ploeg alle ûntjouwings út dy tiid ferwurke hie.

Boppedat wit ik ek wol it ien en oar oer de skiednis fan de Nederlânske astronomy. By Van der Ploeg komt bygelyks de astronoom Frederik Kaiser op it lêst noch eefkes del, as bûzeman. Hy wie it dy’t de ‘kijker van Rienks’, dat pronkjewiel fan Fryske stjerrekikerskeunst, mar in stan-yn-‘e-wei fûn yn ’e Leidske stjerrewacht. Mar dyselde Frederik Kaiser is ien fan de belangrykste en meast sitearre persoanen yn myn ôfstudearskripsje [1], krekt om syn oe sa útsprutsen ideeën.

En dan binne der noch de ferhalen oer de Fryske stjerrekundigen, al wurde dy oars al oan ferskate persoanen taskreaun. Pieter Jelles Troelstra melde oer ien sa’n sterk stik:

Typisch is de volgende anekdote omtrent het bezoek door Koning Willem II bij een bekend wis- en sterrekundige, een eenvoudig man uit het Noorden van Friesland gemaakt. Deze liet den jongen erfprins, die zijn Vader vergezelde, kijken door een door hem vervaardigde verrekijker. De koning hield zijn hand vóór het kijkgat. ‘Ik kan niets zien,’ zeide de jongen. Waarop de eenvoudige, oprechte Fries hem toevoegde: ‘Dyn Heit kult dy’, hetgeen beteekent: ‘Je Vader houdt je voor het lapje.’

boarne

Dizze anekdoate wurdt ek wolris yn dy Leidske stjerrewacht situearre, dêr’t dan de kening syn hoed foar de lins hâldt, en de Rienks fan dy kiker de kroanprins warskôget. [2]

Sieds Johannes Rienks is ien fan ’e grutte helden yn It himelsk oerwurk. Dus wie ik benijd of Durk van der Ploeg boppesteand ferhaal ek brûke soe, yn syn boek. It liek my dat der foar in skriuwer wol aardige eleminten ynsieten. Fansels wie it in bekroaning foar dy Fryske ynstrumintmakkers dat sy oan it begjin fan ’e njoggentjinde ieu fan ’e oerheid opdracht krigen om stjerrekikers te meitsjen. Hielendal om’t dy minsken har sels alles oanleard hienen; wiskunde, optika, sawol as ynstrumintmakkerij. In moeting mei de monarch soe dy ear noch grutter meitsje. Tagelyk waard der neat nuttichs mei dy Fryske kikers dien, wat de makkers bot stutsen hawwe moat. Mar foar in boek smite sokke frustraasjes al in soad brûkbere spanning op.

Van der Ploeg die neat mei dit gegeven. Miskien om’t Willem II pas yn 1840 kening waard, en dat te let wie yn it libben fan de personaazjes yn syn boek. De haadpersoan Arjen Roelofs wie doe ek al dea. En it wichtichste wurk oan syn ferneamste kiker die hy mei Rienks yn de jierren foar 1825.

Miskien ek fûn Van der Ploeg de anekdoate in te bekend klisjee. Dat kin hiel goed. Ik fyn it klisjeemjittich as in skriuwer syn wurden yn ’e mûle leit fan histoarysk besteande personaazjes, sa’t yn dit boek in pear kear plakfynt. En Van der Ploeg makket oars wol in kabaretnûmerke fan ’e protserige achternammen dy’t guon Friezen keazen, doe’t dat fan de Frânsen moast. Sa hat elts sa syn eigen smaak.

Mar boppesteand ferhaaltsje hie teminsten wat fleur en geur bringe kind yn in boek dêr’t de skriuwer syn lêzers fierstente folle yn foarkôget. Want, der sit net folle smaak oan It himelsk oerwurk.

Nei alle gedachten leit dat oan it gegeven. Van der Ploeg behannelet sa’n sechstich jier út it libben fan ’e ‘boereprefesser’ Arjen Roelofs, de stjerrekundige út Hijum. Somtiden gebeurt dat troch syn dieden te beskriuwen, soms troch him streekrjocht oan it wurd te litten yn deiboekpassaazjes. Allinne al troch de kar om in hiel libben beskriuwe te wollen, mist dit boek in natuerlike spanningsbôge. In libbensferhaal op himsels smyt noch gjin boeiend boek op.

Dêrnjonken skriuwt Van der Ploeg net botte taktyl, ik ha der sa gjin oar wurd foar. Hy wit bygelyks net hoe’t it is om linzen te slypjen — hoe saai at dat wêze kin, en hoe ynspannend dêrtroch. Op syn bêst komt hy ta in sjoernalistyk en dus ôfhâldend ferslach dêrfan. Tekenjende details ûnderskiedet er net, of lit er wei. Dus roppe de passaazjes dy’t hy oan dit ûnderwerp wijt neat by de lêzer op. En dat fyn ik noch mar ien opfallend gebrek oan dit boek.

Ik neamde de perioade dêr’t Roelofs yn libbe hjirboppe al ynteressant, om alle feroarings. Neffens guon diehards kaam der doetiids in ein oan ’e Fryske frijheid, om’t de provinsje Fryslân ophold te bestean as selsstannige bestjoersienheid yn de federative republyk der Nederlannen. Dêr ha ik it no net iens oer. Mar nim allinne de ûntjouwings yn ’e lânbou, dêr’t doe foar it earst wat systeem yn kaam. Nim de groeiende populêrens fan de natuerwittenskippen yn it algemien. Sa’t minsken no nei de skouboarch wolle, gongen se doe in jûn út om nei wittenskiplike proefnimmings te sjen. Nim de oprjochting fan de Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen, en de posysjes fan de oanhingers fan de Oranjes of de patriotten dêr wer yn. Nim de stúdzje fan It Boek der natuer, as de twadde iepenbiering fan God.

It is net hiel dreech en neam hjir tsientallen ûnderwerpen dy’t spilen yn ’e perioade 1754 – 1828 — de libbensjierren fan Arjen Roelofs — dêr’t spannende ferhaaleleminten yn sieten foar dit boek. Dy’t de haadpersoan folle faker foar dilemma’s pleatst hiene, wat de lêzer dan ek ris wat jûn hie om mei te belibjen.

Mar it iennichste dat Van der Ploeg docht, is it fertellen fan in ferhaal sûnder dúdlike hichtepunten, op it gegeven nei dat grutte manlju sa grut wurde om’t sa tsjinslaggen oerwinne. It ferfelendste klisjee dat der bestiet.

Ek it histoaryske dekor passearet hast ûngemurken op ’e eftergrûn. Hoewol’t dit boek It himelsk oerwurk hyt, liket it sels hast tafal dat de skriuwer syn haadpersoan dochs noch eefkes djipgeand prate lit oer de betsjutting fan God yn ’e astronomy [siden 296-297]. Wylst de astronomen harren wurk doetiids hast altiten ferantwurden, en de útjeften oan al dy djoere kikers ferdigenen, troch te stellen hoefolle harren stúdzje der ta bydroech om de gloarje fan God te toanen. En ek al wie dat miskien allinne in suver polityk argumint om jild te krijen, dan noch hie soks aardige stof oplevere kind om eat mei te dwaan yn in boek oer dit ûnderwerp.

Neat yn dizze roman komt organysk fuort út it foarôfgeande. Roelofs syn libbensrin wie de skriuwer te hillich. Dit hat miskien as in foardiel dat gjin momint te foarsizzen is hoe’t it boek ôfrinne sil — foar wa’t de skiednis net al kin teminsten. Mar ik fûn it boek dêrtroch fiersten te langtrieddich. En slimmer noch wie dat de skriuwer my sa twong om my blyn oan him oer te jaan; om derop te fertrouwen dat hy by eintsjebeslút alles wol toane soe. En dy âlderwetske, suver autoritêre manier fan skriuwen, stoarde my folle mear as dat iene histoaryske misserke hjir as dêr.

Tagelyk kin ik ek wol begripe dat der in merk is foar skriuwers dy’t neat oan ’e ferbylding fan ’e lêzers oerlitte wolle. Mar ik bin sa eigenwiis en tink: in boek wêryn in skriuwer weilit en de lêzer oanfolt, wurdt allinne dêrtroch al grutter as in roman dêr’t alles mar fan ien kant ôfkomt.

Durk van der Ploeg, It himelsk oerwurk
roman
512 pagina’s
Friese Pers Boekerij, 2007
priis: € 24,95

[1] A.IJ. van den Berg, ‘Tussen twee kopjes thee te begrijpen’, ôfstudearskripsje yn ’e stúdzjerjochting skiednis oan ’e Ryksuniversiteit Grins, 1995.
[2] sjoch û.o. W. Otterspeer, De wiekslag van hun geest. De Leidse universiteit in de negentiende eeuw, 1992.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op