Henk Nijp

De beammen en it bosk

logo.ensafh

We komme moai op gleed. Dat mocht ek wol want wy binne al sawat healwei it jier. It waar wierret ek noch aardich mei en de fonteinen binne der klear foar. Op ien nei dan, mar Dokkum sil ek wol kletterje foar de ein fan it jier. Trouwens, de damp om de ‘Plensa-kopkes’ yn Ljouwert ha ik ek noch net meimakke. Komt grif ek goed… Projektdirektrise Tilroe fynt dat de fonteinen mei-inoar in feest wêze moatte en dat is út soarte goed slagge, tinkt se sels. Se wie al hielendal út ’e skroeven by it delsetten fan de spuiters, begjin dizze moanne. En dan kinne wy no allegear de feestbus yn om der by del, want it giet oan, stiet der op de swart mei read-wyt-blauwe posters dy’t all over de mienskip yn bushokjes te sjen binne en oan lantearnepeallen hingje. Foarop de tsjokke programmakrante wurdt deselde ôfbylding brûkt: it wetter spuitet it mantsje boppe út ’e holle, as wie it de frjemde walfisk by Harns.
En der binne in protte fan sokke feestjes dit jier. Dy feestkrante stiet der grôtfol mei. Feestjes foar it each, feestjes foar it ear, foar de holle, foar de smaak en neam mar op: Escher, Skriezeteater, Lost in the Greenhouse (te let, útferkocht, wurdt ’m net mear!), Waterconnecting, Waterbar, Kletterdei, Foarstreek-wrâldboargers. En dat stiet noch mar op ien side fan dy programmakrante. En it blêd telt wol 60 siden! Goed, der geane noch wat siden mei kommersjele advertinsjes ôf, mar wat bliuwt der dan noch in soad te fieren oer. Noch samar in oare side mei oankundigingen: Sense of place, let op: Bildtstars en Eigenheimers, Kerend Tij: Waddenkelder, Kerend Tij: Waterpanorama, De mannen van Holwerd, Blije Kerk, Escher in het graan, Wachten op Hoog Water, Dobbepaarden, Camera Batavia, Open werkplaats Jan Ketelaar… It hat foar myn gefoel wat fan in oerdoasis. Troch al dy beammen is it bosk hast net mear te sjen. Men kin fan it goede ek tefolle krije… It kin net oars dat men it measte misse sil, want it is lang allegear net nei te kommen.
It soe wolris komme kinne trochdat alles wat hjir fan ’t jier troch de mienskip út ’e wei setten wurdt, no ynienen liket te fallen ûnder de flagge fan KH-LF2018. Der wurdt in stikje foar de frede borduerre (!), huppekee sa’n read-wyt-blau byldmerk derop en klear. Nifelje wat mei jirpels en skilen en neam wat der ûnstiet in keunstwurk en ja, sa’n sticker der op! Reedride yn augustus? Kin ek, yn ’e Alvestêdehal, ek mei sa’n plakker derop. Wolst in kear toarnbeien plukke ein augustus yn Noardburgum? Jawis kin ek, in brommelfeestje mei read-wyt-blau logo. En dan dy reuzen fan Royal de Luxe. Ha oeral al west: Barseloana, Londen, Berlyn, Buenos Aires, Montreal, Liverpool en no komme se ek nei kultuerstêd Ljouwert. Sil grif in ymposant barren wêze, fyftjin meter hege marionetten oan kranen dy’t troch it stêdssintrum skowe. Trije dagen lang. Mar hat it mei Fryske kultuer te krijen? Of is de titel fan de foarstelling dy’t der spile wurde sil, De Grote Schaats in het IJs, de flintertinne ferbining?
Miskien hie it handiger west as net alles mar meikoe ûnder de KH-flagge. Hie der faaks wat mear oersjoch west, hie it de kar grif wat makliker makke. Oan de oare kant, dy programmakrante is ek wol wer praktysk. It is wol even sykjen, mar dan wurdt it ek dúdlik wêr’t men no net fuort hinne hoecht.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *