Pier Boorsma

Literatuer en Beweging

logo.ensafh

As ik oer de relaasje tusken literatuer en Beweging skriuwe wol, moat ik mij earst klearrichheid ferskaffe oer de posysje fan de skriuwer-yntellektueel yn ’e maatskippij.
Sa waard bijgelyks oan ’e ein fan de 19e iuw de Frânske legerkapitein Alfred Dreyfus sûnder grûn beskuldige fan spionaazje foar Dútslân. De Frânske skriuwer Emile Zola naam it foar him op en beskuldige de Frânske generale stêf fan it produsearjen fan falske dokuminten. Zola spruts út namme fan ’e minskheid en berôp him op de Rede en universele wearden as Rjochtfeardichheid en Solidariteit. Hij stie as skriuwer fier boppe de boargerij. It soe net yn him opkomme om krekt as Gerard Reve te ferkundigjen, dat er in winkel hie en dat der ferkocht wurde moast. Sa’n benypte beskriuwing fan it eigenbelang fan de skriuwer paste alhiel net yn it byld, dat se fan in skriuwer hiene.
Der wie in twadieling yn ’e maatskippij. Oan ’e iene kant stie de boarger, dy’t op ’e merk foar  syn oerlibjen koartetermyndoelen neistribbe. Oan ’e oare kant stie de yntellektueel, dy’t de langetermyndoelen fan de minskheid yn it each hold en útgie fan geastlike wearden. De boarger hie belangen, de yntellektueel as persoan wie belangeleas, hij tsjinne inkeld it belang fan de minskheid.
Yn ’e twadde helte fan de 20e iuw waard de twadieling geast fersus merk en macht  trochbrutsen. Salang’t de twadieling bestie, koene yntellektuelen gjin boargers wêze. Bij neiere analyze die bliken, dat de boarger net allinne út eigenbelang hannelet mar út in miks fan eigen- en algemien belang. Dat lêste soe bij in twadieling net mooglik wêze. Of je hannelje út eigenbelang of je tsjinje it algemien belang. De yntellektueel komt net belangeleas op foar it algemien belang. Hij stribbet krekt as elkenien nei maatskiplik oansjen. Yn in demokrasy binne yntellektuelen gewoan boargers.
Har aktiviteiten wurde likegoed as dy fan oaren beoardiele nei demokratyske noarmen. Mei dy konklúzje wol ik neier yngean op de spesifyk Fryske situaasje.
Yn it earste nûmer fan it Frysk literêre tydskrift De Tsjerne ut 1946 ferklearre de Fryske dichter Fedde Schurer, dat de bining tusken literatuer en Beweging ferbrutsen wie. De wurdearring fan it literêre wurk hinget net mear ôf fan it feit oft de literatuer beantwurdet oan de doelstellingen fan de Beweging. Sawol de Beweging as de literatuer moatte eigen wegen gean. Schurer skriuwt (De Tsjerne, 1946, side 2): “De skriuwer hat syn tsjinst as wêzentlike biwegingsfactor dien; de biweging moat hjar losmeitsje fen har erflik litteraire bining en eigen brede wegen gean.” En fierderop (De Tsjerne, 1946, side 4): “(-) det it de Fryske litteraire kinst ûnweardich is as evacue hjir en dêr to heukerjen; det hja in eigen hûs hawwe scil.”
Nei de sechtiger jierren wolle de (jonge) skriuwers neat mear mei de Beweging te krijen hawwe. Ommers it fanselssprekkend en natuerlik brûken fan it Frysk yn ’e literêre wrâld is krekt wat de Beweging neistribbet foar de hiele Fryske maatskippij. Sa’n maatskippij hat net mear in Beweging nedich. Logysk dat skriuwers it belang fan de Beweging foar har segmint fan de Fryske maatskippij net sjogge. It iennige momint dat der fan ien of oare betrutsenheit op de Fryske taal sprake is, is it momint fan de kar fan dy taal foar eigen literêr gebrûk.
Uteinlik is it engaazjemint  fan de skriuwer, dat er sa goed mooglik skriuwt neffens eigen aard en talint.
Yn 1953 ûntstiet yn it literêre tydskrift De Tsjerne in diskusje oer de relaasje tusken literatuer en Beweging. Yn in essay ‘De Biweging en wy’ (De Tsjerne, 1953, side 119-126) skriuwt de no fergetten dichter Inne de Jong op side 119: “(-) hawwe wy troch tiid en omstannichheden gjin oare kar as mei alle fjochters foar Fryslân in solidaire striidmienskip te foarmjen.”
Anne Wadman reagearret  hjirop yn it essay ‘Replyk foar yntern gebrûk’ (De Tsjerne, 1953, side 150-154) en skriuwt op side 154: “Hwat  Inne de Jong as in gelok sjocht, dat de Fryske skriuwers meastepart ek striders binne, is by my in ûngemak.” Yn it kommentaar ‘Fuortset petear’ (De Tsjerne, 1953, side 252-255) komt Wadman op side 253 mei syn ferneamde útspraak: “It giet by my net yn ’t earste plak om de FRYSKE skriuwer, mar om de Fryske SKRIUWER.” De FRYSKE skriuwer fan Inne de Jong docht mei yn ’e Fryske Beweging, de Fryske SKRIUWER fan Wadman  hat mar ien opdracht: “(-) to skriuwen en to skriuwen neffens eigen oanliz en persoanlikheid.” (side 254).
Ik haw hjirfoar útienset, dat de skriuwer-yntellektueel net mear in útsûnderingsposysje yn ’e maatskippij ynnimt. Hij is in gewoane boarger wurden mei alle demokratyske rjochten en plichten. As Wadman ornearret, dat de Fryske skriuwer benammen Frysk SKRIUWER wêze moat dan is it fansels wol sa, dat de boarger Wadman benammen in FRYSKE boarger is. De Fryske boarger, dy’t tagelyk skriuwer is, hat deselde affiniteit mei de taal as de skriuwer, dy’t hij ek is. It leit dan wol op ’e wei fan dy boarger, as it Frysk yn ’e knipe komt, dêrfoar op te kommen. Hij of sij hoecht net mei-ien de dyk op, mar de boarger-skriuwer soe syn masterskip oer de taal ynsette kinne om yn in essay of opinystik syn stipe oan it fuortbestean fan de taal te jaan.
In oare situaasje ûntstiet as de taal yn in krisistastân komt. As it derop of derûnder is, kinne je sa’t de neioarlochske essayist en godstsjinstpsycholooch Fokke Sierksma docht, de situaasje ferlykje mei de ûndergong fan de Titanic. Sierksma hold yn 1953 fjouwer lêzingen foar de Regionale Omroep Noord (RON) yn it programma Literair Kwartier ûnder de titel ‘Kunstenaar en Beweging’. It hjirfolgjende sitaat is út de lêste lêzing op 31 july 1953. Sierksma seit dêr: “Wie vaart op een schip, dat lekgestoten is, gaat niet pavoiseren maar pompen. En als de leden van het scheepsorkest daarbij een handje kunnen helpen,(-) dan moeten ze het beslist niet laten (-).”
Om op it Frysk werom te kommen: yn sa’n krisissituaasje kinne skriuwers ek frege wurde om har skriuwen (even) efter har te litten en mei te dwaan oan de rêdingsoperaasje. Sitte wij yn sa’n krisisituaasje? Oan de statistiken te sjen, binne wij der net fier ôf. As it sa fier is, witte de skriuwers wat har te dwaan stiet. Ik hoopje foar it Frysk en de Fryske skriuwerij, dat it sa fier net komt. Om even op de Titanic werom te kommen: as de skriuwers it oerlibje, is it inkeld in ynterrupsje yn har skriuwersbestean. As se fersûpe, is dat de ein fan de skriuwerij yn it Frysk. De skriuwer kin kieze: pompe (it is net ferplichte) of fersûpe.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “Literatuer en Beweging

  1. Ik sit my ôf te freegjen wat Pier no krekt bedoelt: ,,(..) yn sa’n krisissituaasje kinne skriuwers ek frege wurde om har skriuwen (even) efter har te litten en mei te dwaan oan de rêdingsoperaasje.” Dat skriuwers har no mar, om’t der in ,,krisissituaasje” is, har skriuwerij yn tsjinst sette moatte fan it provinsjaal taalbelied?

    De hiele tsjinstelling tusken literatuer en beweging, troch Schurer útfûn, wie fansels al fan it begjin ôf falsk. It materiaal fan in skriuwer is de hiele werklikheid, dat hat noait oars west. Dus ek de taalsitewaasje. Dus ek de ekonomyske sitewaasje. Dus ek provinsjaal wanbelied.

    Mar in skriuwer relatearet dêroan, ymplisyt of eksplisyt, yn syn literatuer. En dy Fryske literatuer stelt fansels easken dy’t elke literatuer stelt, easken fan oarspronklikheid, ferbylding, styl, ambachtlikheid, en gean sa mar fierder. Sokke easken ferdwine net as der in ,,krisissituaasje” ûntstiet om’t der te min skreaun wurdt of te min lêzers binne. Krekt net. Dan wurdt it inkeld mar wichtiger om sjen te litten dat sa’n literatuer wat foarstelt, wat om ‘e hakken hat, ambysje toant en net inkeld persoanlik nâlestoarret mar ek kritysk om him hinne sjocht.

    Dat, wat wol Pier no eins beweare?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *