Willem Winters

Pyreneeën: Céret

logo.ensafh

In jier as fyftjin tebek kamen wy foar it earst yn de Pyreneeën. Anneke hie in Punto hierd op deselde dei dat se har rydbewiis helle en wy soene daliks mar nei Spanje. Dan moatst oer de Pyreneeën. Wylst wy gjin sprút ûnderfining mei de Pyreneeën hiene. Ja, dy mollebult yn It Wâld by It Hearrenfean neamden wy it Wâldsterberchje. In like hege berch lei yn Aldskoat, dat wie it Skoatterberchje, dêr’t myn pake en beppe tsjinoer wennen. Tocht ik oan bergen, dan wiene dat myn referinsjes.

Wy stiene oan de foet fan de Pyreneeën, heech man!
Wy bestudearren de kaarten en krigen al gau yn ’e gaten dat der – ek yn Spanje – wegen fan ferskillende kwaliteit wiene. Grutte snelwegen, dy’t ûnderbrutsen waarden troch kilometers lange tunnels. Ik hie nea klaustrofoby of hichtefrees, mar as ik tocht oan in tunnel fan tsien kilometer, dan rekken al myn spieren en senuwen yn ûnstjoer. Nei de saak fan alle kanten besjoen te hawwen kamen wy ta in beslút. Om de Pyreneeën te nimmen wie it it handichst en sykje in trochgong oer lytse wite wegen. Lyts en tige rêstich. Sûnder tunnels, dy woene wy perfoast mije.
Doe’t wy wer ynstapten hiene wy noch in gelokje. Wy kamen achter in lykstaasje terjochte. De wei wie te smel om der omhinne en dat wie ûnfatsoenlik boppedat. Mei in sêft gonkje sutelen wy fierder en fierder. Wy seagen mar net te folle nei de sydkanten: de iene kant hege rotswand, de oare kant in djip ravyn. It wie as sieten jo yn in fleantúch. Fangreels? Faker net as wol.

Op ’en doer snapten wy better hoe’tst yn de bergen ride moast. Snapst it nei wiidweidige stúdzje noch net, dan is er noch de grintbak.

Op ien fan dy tochten kamen wy yn Céret telâne, in lyts midsiuwsk stedsje oan de Frânske kant. It stedsje is in lust foar it each, net allinne myn each, ek dat fan in soad keunstners. Midden yn it sintrum stiet in modern gebou: it museum foar moderne keunst. It is in wûnder om te lêzen hoe’t hjir yn in plakje fergelykber mei Dokkum safolle keunst fan safolle ferneamde keunstners te finen is.

It museum waard yn 1950 stichte troch twa keunstners, Pierre Brune en Frank Burty Haviland. Sy noegen keunstners út om nei Céret te kommen, dêr te wurkjen en yn plak fan mei jild, mei keunst te beteljen. Dat diene in soad keunstners.* It yn 1993 ferboude en útwreide museum eksposearret ek hjoeddeiske moderne keunst yn wikseljende útstallingen.

Yn jannewaris wiene wy wer ris yn Céret, en fansels besochten wy ek it museum. Wy stappe deryn, en wat stiet der yn de hal? Jaume Plensa! De makker fan de Alvestêdefontein yn Ljouwert. Mar dan yn it swart, it is as komst in âlde bekende tsjin.
Der is noch in ferneamde keunstner fan wa’t nochal wat wurk yn it museum fan Céret hinget en dêr’t Praktikabel [kunst per post] yndertiid kontakt mei hie. Dat wie Ben Vautier, Fluxus-keunstner, dy’t foar Praktikabel it lûd fan ’e brâning yn in plestik doaske die. Yn it doaske die er in hantsjefol leaden kûgeltsjes. Beweech it doaske hinne en wer en do hearst de see.

Op ’e weromreis sjogge wy altyd even by it fiadukt fan Garabit, in fantastyske stielkonstruksje fan Gustav Eiffel, lingte 564,69 m, byinoar holden mei 678768 klinkneilen. En dan komme wy ek gauris lâns it grutte parkearplak Aire de Lozère mei de tsientallen graniten pylders. Dêr hinget in frjemde sfear, ik kin der net oan wenne. Ik fiel my ferdwaald yn in soarte fan Stonehenge. As der noch earne dinosaurussen omsjouwe dan moat it dêr wêze. Nettsjinsteande de heimsinnige sfear moat ik altyd even myn eagen oer it terrein mei pylders gean litte. Beweecht dêr wat? Huh…?
Sa is der altyd wol wat te belibjen.

*Keunstners dy’t yn de begjinjierren yn Céret kamen te wurkjen en keunst oan it museum skonken: Picassso, Braque, Gris, Soutine, Chagall, Herbin, Matisse, Masson, Pognan, Perejaume en de inisjatyfnimmers Brune en Haviland.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *