Greet Andringa

De lytse seemearminne revisited

logo.ensafh

Ik blêde niis eefkes troch Libben Reach. It is alwer tsien jier lyn dat ik guon minsken knap de betizing ynjage ha mei dat boek. En mysels blykber ek, want ek al is it myn eigen famyljeskiednis yn kryptogramstyl, elk haadstik begjinnend mei in mearkesfragmint, it ferhaal dat it measte seit oer myn eigen libben wie der net by.

It wie De lytse seemearminne dy’t myn skriuwerij al as hiel lyts famke oanwakkere hat. Ik fûn it sá begrutlik dat dat leave mearmintsje én har sturt én har stimme ynlevere hie en dat se noch altyd net krige dêr’t se sa’n ferskuorrend ferlet fan hie: de waarme en beskermjende earms fan de prins dy’t se it libben rêden hie. Ik woe en soe der in oar ein oan skriuwe!

Ik wie blêdzjend yn it boek eins op ’e siik nei wat oars. Ha ik noch wol wat by te dragen? Hat it sin dat ik trochgean mei skriuwen?

Mei De diggels fan Che liet ik in nij lûd hearre yn Fryslân. Of yn alle gefallen in lûd dat nij oandie. Net al te folle plattelannerichheid deryn. Grutte steds- en jonge minsketema’s. Mar wat wol al gau opfoel wie dat it wat swiermoedich en stinnerich wie. Nee, dat wie net krekt wat Gerbrich van der Meer sei. Se sei dat it benearjend wie. Dat der in benaude toan yn siet. Dêrneist wiene der oaren dy’t ûntdutsen dat de earste alinea’s dy’t ik skreau miskien mysels holpen om yn it ferhaal te kommen, mar dat se net bydroegen oan it wêzen derfan. Ek de ein fan myn ferhalen wie nea myn sterkste kant. Literêre sinnen, moaie wurden, sintúchlikens en wurdgrapkes, die wiene der wol.

Dêr’t ik goed yn bin – as skriuwer en as genêzer – is meilibje, meifiele, de dynamyk, hoe’t it sit. Mar mei allinnich dat kom ik sels mei alles dat ik leard haw, nea ta in punt. En dan is de fraach, yn in ferhaal, mar noch wichtiger yn in behanneling: ha de minsken dêr wol wier wat oan?
Ja, op it stuit grif wol. Se fiele har begrepen. Lekker dobberje yn de waarme earms fan de prins, -esse, yn dit gefal. Mar wat sjitte jo dêr no úteinlik mei op? En wat sjit ik dêr sels mei op?

Fokus, doel, séls oanwêzich wêze mei wat ik fiel, wat ík wol. Dêr mankearret it oan. Myn hiele libben en dus ek myn skriuwen en myn wurk hat der – net mei opsetsin fansels – op rjochte west om fokus te mijen, om dúdlik te wêzen. Ik ha altyd hinne draaid om: Wa bin ik? Wat wol ik?

Wêrom geane jo dat yn ’e frede út de wei? En ek noch op sa’n raffinearre wize dat it hast net te sjen is. Want fansels: ik ha net stilsitten. Ik ha fjouwer boeken skreaun, bin twa kear dokterandus, ha trije prachtige bern, bin op paad mei in man dêr’t ik ferskuorrend fan hâld. In libben om jaloersk op te wêzen. En dochs ûntbrekt der wat. Fokus. Echt rjochting. Fíele wat ik wol en dat dan dwaan. Dêr giet de rem der op.

As jo skriuwe, meie jo fiele – it is it fielen fan in oar. As helpferliener is it ek it fielen fan de oar. Mar sels? Echt? Myn holle wit wol dat it net wier is, mar myn gefoel seit: dan giest der oan. De hurdens, de polemyk, it ôfkjimmen: favorite hobby’s fan Literêr Fryslân en ek in hiel soad oaren. Foar my fielt it as ôfsketten wurde. Ik fiel letterlik myn terms en hert útinoar skuorren.

En úteinlik ha we dat allegearre fansels. Allegearre deabenaud foar oare minsken. Allinnich, we geane der net allegearre itselde mei om. Guon raze en skelle om it libben – betiden yn kreaze akademyske taal, dat dan wer wol – kill them before they kill you. Oaren belânje op de bank of yn de tún en skriuwe nea wer wat. En dan binne der fansels de seemearminnen lykas ik: wurkje harren in slach yn ’e rûnte, besykje alles te begripen, foar te wêzen. Se jouwe harren stimmen en sturten fuort, litte harren berôvje fan harren eigen lûd en enerzjy, yn de hope dat de oaren dan mar sjogge hoe leaf se eins binne. Dat se der by hearre meie…

Dat soart skriuwen wol ik yn alle gefallen net mear. En raze en flechtsje wol ik ek net. Ik ha in doel. Ik ha in fokus: ik wol in nij paad fine. Mei myn eigen kop en sturt.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “De lytse seemearminne revisited

  1. Wat in kollum: konsjinsjeus, earlik, iepen, brekber, hoopfol… De werklikheid fan dyn sykjen is de essinsje fan dyn skriuwen.
    Soest yn dy sin de wurden ‘werklikheid, ‘sykjen’, ’essinsje’ en ‘skriuwen’ fansels ek omdraaie of ferwikselje kinne.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *