Teleks: ‘Leaf wurdboek’ winnend gedicht wedstriid Fryske Akademy

logo.ensafh

De Fryske Akademy rikt fannemiddei (09-06-18 red. ensafh) tusken 13.00-14.00 de prizen út oan de winners fan de gedichtewedstriid dy’t earder dit jier útskreaun waard yn it ramt fan Lân fan taal/Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.

De twa dichters dy’t in twadde priis, in vvv-bon mei in wearde fan 50 euro, wûn hawwe binne: Lomme Schokker foar syn gedicht ‘akademysk petear’ en Frits Boschma foar ‘Tafallige moeting…….’. It winnende gedicht fan de haadpriis is fan Harmen Houtman: ‘Leaf wurdboek’. Houtman wint dêrmei in dinerbon mei in wearde fan 100 euro.

Op de oprop foar gedichten, krige de Fryske Akademy in 64 ynstjoerings. De gedichten mochten gean oer de Fryske Akademy, de meiwurkers, wittenskippers, de útstrieling, it gebou, de tún of wat mar betocht wurde koe. Der mocht ek dichte wurde oer Fryslân of oer in kombinaasje fan de tema’s. De sjuery hat 10 útstjoerings útsocht om in plakje yn de tinte yn de Akademytún te jaan, dêr’t de Akademy fan ’t simmer tal fan saken organisearret lykas wurdboeklêzen, kaarten mei ferhalen, taalfilmkes en ferhalen yn oare talen út Ljouwert.

De gedichten binne oant en mei 22 septimber te sjen yn de tinte op wurkdagen tusken 10.00 en 17.00 oere en op in tal sneonen fan 11.00-17.00 oere.

Leaf wurdboek

By it fjoer socht ik
de leave wurden
wer’t myn mem my
eartiids mei treaste koe…..
‘nea opjaan jonkje’
stie op side 518 en
op  747 fûn ik samar
‘wat bin ik grutsk op dy’.
It flinterfyne papier
flústere mei de sefte stim
dy’t ik hearde op har skurte

…en de vlammen
daansten nog hoger
doe heit noar me glimkte
en anvieterend zee:
‘jongien, jow redden et wel!’
en ik… ik sleug et ere woordeboek eupen…

//////////////////

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op