
Ik wol bêst dyn kutsje slikje
Hieltyd flugger slikje
It is my wat
Trochslokke
Dýn swiete sop
Oant ik krôkje moat
Daniil Charms, sitearre yn Anne Feddema – MaT (út: Op myn stjerbêd wol ik tate ha)
fan anne feddema
hie ik okkerdeis leard
dat net kofje of appelgebak
joffersfocht is
nee dat is slachrjemme
sa’n swietbek bin ik net
allinnich hâld ik fan flødeskum
suertsjes of mjitske gebakjes
moat ik neat fan hawwe
dêrom seach ’k der net nei út
der ûnderút koe ik net mear
der ûnderyn krekt wol
wat wie it
de geilens
dyn sêftens
ús waarmte
neat fan dat alles
dat ik slikke en slokte
en net sêd wurde koe
wie om’t it my smakke
nei dêr’t ik sljocht op bin
in fiskje op saterdeimiddei
mei de auto nei lauwerseach





wat in antiklimaks mei de nije hjerring hjoed!