H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (I en II)

logo.ensafh

I. Ut de tsjusternis wei

Oer Herbert West, dy’t myn freon wie op ’e universiteit en dêrnei, kin ik allinne mei ekstreme freze fertelle. Dizze eangst komt net allinne troch de sinistere wize dêr’t er koartlyn op ferdwûn is, mar waard opwekke troch de hiele aard fan syn libbenswurk. It krige syn heftige foarm mear as santjin jier lyn, doe’t wy yn it tredde jier sieten fan ús stúdzje medisinen oan de Miskatonic Universiteit yn Arkham. Yn de tiid dat er by my wie, fassinearren de wûnderaardichheden en duvelskeunsten fan syn eksperiminten my sûnder ein, en wie ik syn neiste kompanjon. No’t er fuort is en de betsjoening ferbrutsen is, is de werklike eangst grutter. Oantinkens en mooglikheden binne altyd benearjender as de werklikheid.
It earste ôfgryslike ynsidint fan ús freonskip wie de grutste skok dy’t ik ea ûnderfûn ha, en it is allinne mei tsjinsin dat ik it werhelje sil. Sa’t ik sei barde it doe’t wy medisinen studearren. West hie himsels doe al berucht makke troch syn wylde teoryen oer de aard fan de dea en de mooglikheid om dy keunstmjittich te oerwinnen. Syn tinzen, dy’t wiidweidich bespotlik makke waarden troch de fakulteit en de oare studinten, steunden op de yn essinsje meganyske natoer fan it libben; en draaiden om wizen om de organyske masinery fan de minske wer oan de praat te krijen mei sekuere gemyske aksjes nei it mislearjen fan de natuerlike prosessen. By syn eksperiminten mei ferskate animearjende mingsels hie er in grut tal kninen, kavia’s, katten, hûnen en apen dea makke en behannele, oant er de grutste lêstpost wurden wie foar de universiteit. Ferskate kearen hie er werklik tekens fan libben krigen yn foar ’t each deade bisten; yn in soad gefallen gewelddiedige tekens; mar hy seach gau yn dat er foar it perfeksjonearjen fan it proses, as dat werklik mooglik wie, nei alle gedachten syn hiele libben nedich hawwe soe. Om’t itselde mingsel nea itselde wurke op ferskillende soarten bisten, waard it him ek gau dúdlik dat hy minsklike proefpersoanen nedich hie foar fierdere en spesifikere foarderingen. Dêrmei kaam er foar it earst yn konflikt mei de universitêre autoriteiten, en waard er ôfholden fan takomstige eksperiminten troch net minder as it haad fan de medyske fakulteit sels – de gelearde en goedwillige Dr. Allan Halsey, waans wurk foar pasjinten yn it ûnthâld printe stie fan alle âld-ynwenners fan Arkham.
Ik hie altyd tige tolerant west oangeande West syn aktiviteiten, en wy praten gauris oer syn teoryen, dêr’t de mooglikheden en effekten fan hast sûnder ein wiene. Yn oerienstimming mei Haeckel syn stelling dat al it libben in gemysk en fysyk proses is, en de saneamde ‘siel’ in myte, leaude myn freon dat it keunstmjittich reanimearjen fan deaden allinne ôfhinklik wie fan de steat fan it weefsel; en dat, salang’t der gjin ûntbining plak fûn hie, in kadaver mei alle organen yntakt troch de krekte maatregels wer yn gong setten wurde koe op de typyske wize dy’t bekend stiet as it libben. West realisearre him folslein dat it psychyske of it yntellektuele wolwêzen beneidiele wurde koe troch de lichte skea oan de gefoelige harsensellen, dy’t sels in koart skoft fan deawêzen al feroarsaakje koe. Yn it earst hie er de hope om in reagens te finen dy’t it libben opbetterje soe foar it werklike deagean, mar mislearring op mislearring by bisten hie him dúdlik makke dat de natuerlike en keunstmjittige bewegings fan libben net te ferienigjen wiene. Dêrnei socht er nei ekstreem farske eksimplaren, en ynjektearre er de mingsels yn it bloed drekst nei it ferstjerren. It wiene dy omstannichheden dy’t de professoaren sa ûnnedich skeptysk makken, om’t se tochten dat de werklike dea noch net ynsetten wie. Se namen net de tiid om de saak neier en reedlikerwize te besjen.
It wie net lang nei’t de fakulteit syn wurk ferbean hie, dat West my tabetroude dat er fan doel wie om op ien of oare wize farske kadavers fan minsken te bemachtigjen, en yn it geheim mei syn eksperiminten troch te gean. It wie frij grouwélich om him praten te hearren oer hoe’t er dat foarinoar krije woe, want wy hiene op de universiteit sels noch nea eksimplaren foar anatomysk ûndersyk oanskaft. As it mortuarium net genôch hie, soargen twa pleatslike swarten hjirfoar, en harren waarden selden fragen steld oer it komôf. West wie doe in lytse, behindige jongeman mei in bril, giel hier, ljochtblauwe eagen en in fine stim, dat it wie wat ûnhuerich om him te hearren oer de foar- en neidielen fan it tsjerkhôf fan Christchurch tsjin it begraafplak fan de earmen oer. Uteinlik keazen wy foar it begraafplak fan de earmelju, om’t praktysk elk lichem yn Christchurch balseme is; wat fansels rampsillich wie foar it ûndersyk fan West.
Op dat stuit wie ik syn aktive en betipele assistint, en holp him by it meitsjen fan al syn besluten; net allinne mar oer de boarne fan de lichems, mar ek oer in tapaslike romte foar ús ôfgryslik wurk. Ik wie mei it idee kaam fan de ferlitten pleats fan Chapman foarby Meadow Hill, dêr’t wy in operaasjekeamer en laboratoarium opsetten, beide mei tsjustere gerdinen foar de ruten om ús nachtlike aktiviteiten te ferbergjen. De pleats stie fier fan hokker dyk dan ek ôf en út it sicht fan in oar hûs, mar foarsoarchsmaatregels wiene noch altyd needsaaklik; want geroften oer frjemde ljochten, de wrâld ynbrocht troch tafallige foarbygongers, soene gau rampsillich wêze foar ús ûndernimmen. Besletten waard om de hiele saak in gemysk laboratoarium te neamen as wy ûntdutsen wurde soene. Stadichoan risten wy ús grime hol fan wittenskip út mei materialen kocht yn Boston of stiltsjes liend fan de universiteit – materialen dy’t omsichtich ûnwerkenber makke waarden foar de leek – en wy soargen foar skeppen en houwielen foar alle grêven dy’t wy yn de kelder meitsje moasten. Yn de universiteit brûkten wy in ferbaarningsûne, mar sa’n apparaat wie te djoer foar ús ûnbefoege lab. Lichems wiene altyd in lêst – sels de lytse kavialichems foar de licht heimlike eksperiminten op de keamer yn West syn kosthûs.
As grêfrôvers holden we in each op de pleatslike rouadvertinsjes want ús eksimplaren hiene beskate kwaliteiten nedich. We sochten om liken dy’t rillegau nei it ferstjerren begroeven wiene sûnder keunstmjittige konservearring; by foarkar frij fan in misfoarmjende sykte, en perfoarst mei alle organen oanwêzich. Slachtoffers fan ûngemakken wiene ús bêste hope. Wikenlang fûnen we neat gaadliks; ek al praten wy sa faak as it koe sûnder erchtinken op te roppen mei it personiel fan it mortuarium en sikehûs, saneamd út namme fan de universiteit. We kamen der efter dat de universiteit yn alle gefallen earste kar hie, sadat wy wierskynlik yn de simmer yn Arkham bliuwe moasten, as allinne in pear simmerskoallelessen jûn waarden. Uteinlik glimke it lok ús dochs ta; op in dei hearden wy fan in sawat ideaal gefal yn it earmebegraafplak; in spiersterke, jonge arbeider dy’t mar ien dei earder yn de Sumnerfiver ferdronken wie en sûnder útstel of balsemjen op kosten fan de gemeente begroeven. Dy middeis fûnen wy it nije grêf, en makken ússels ree om even nei midsnacht te begjinnen.
It wie in walchlike taak dy’t wy ûndernamen yn dy tsjustere oeren fan de nacht, ek al hiene we doe noch net de spesjale grize foar begraafplakken dy’t wy fan lettere ûnderfinings oerholden. We namen skeppen en tsjustere oaljelampen mei, ek al wiene der doe al elektryske bûslampen, want dy wiene doe noch net sa goed as de wolframen apparaten fan hjoed-de-dei. It útgraven gong stadich en wie smoarch wurk – it hie fêst ûnhuerich poëtysk west as wy keunstners west hiene ynstee fan wittenskippers – en we wiene bliid doe’t ús skeppen hout rekken. Doe’t we de fjurrenhouten kiste folslein bleat hiene, klautere West nei ûnderen en helle it lid der ôf, sleepte de ynhâld der út en ûndersteunde it. Ik bûgde foaroer en helle de ynhâld út it grêf, en doe bealgen wy beide om it plakje syn eardere oansjen werom te jaan. It hiele barren makke ús aardich senuweftich, benammen troch de stive foarm en it lege gesicht fan ús earste trofee, mar we krigen it foarinoar om alle spoaren fan ús besite út te wiskjen. Doe’t we de lêste skeppen modder oandrukt hiene, diene we it eksimplaar yn in linnen sek en teagen nei de âlde pleats fan Chapman foarby Meadow Hill.
Op in ymprovisearre ûntledingstafel yn de âlde boerepleats, ûnder it ljocht fan in krêftige asetylenen lampe, liek it eksimplaar net sa spûkeftich. It hie in stevige en blykber fantasyleaze jongeman west fan it sûne, plebejyske type – grut lichem, grize eagen en brún hier – in flink wêzen sûnder psychologyske subtiliteiten, en hy hie wierskynlik libbensprosessen ûndergien fan de simpelste en sûnste soarte. No, mei de eagen ticht, liek it mear dat er sliepte as dat er dea wie; al liet de saakkundige test fan myn freon der al gau gjin twifel oer op dat mêd. Einliks hiene we dêr’t West altyd nei lange hie – in echt dea persoan fan it ideale soarte, klear foar it mingsel taret foar minsklik gebrûk neffens de sekuerste berekkeningen en teoryen. De spanning by ús wie om te snijen. We wisten dat der mar in miniskule kâns wie op soks as in kompleet súkses, en we koene net ûntkomme oan ús ôfgriis foar mooglike groteske resultaten fan parsjele reanimaasje. We makken ús benammen soargen oer de geast en ympulsen fan it skepsel, om’t in tal fan de delikatere harsensellen faaks minder wurden wiene yn de tiid sûnt it ferstjerren. Iksels hold noch altyd inkelde nuveraardige noasjes oer de tradisjonele ‘siel’ fan de minske, en fielde in ûntsach foar de geheimen dy’t ferteld wurde koene troch immen dy’t weromkaam út de dea. Ik prakkesearre oer de saken dy’t dizze stille jonge faaks sjoen hie yn de ûntagonklike sfearen, en wat er meidiele koe as er wer libbe. Mar myn fernuvering oerhearske net, om’t ik foar it grutste part it materialisme fan myn freon dielde. Hy wie kalmer as ik doe’t er in grutte hoemannichte fan syn floeistof yn in ier fan de earm fan it lichem drukte, om drekst dêrnei de ynsnijing sekuer yn te binen.
It wachtsjen wie freeslik, mar West ferlear de moed net. Sa no en dan drukte er de stetoskoop op it eksimplaar en naam er de negative resultaten rêstich op. Nei ûngefear trije kertier sûnder in inkeld teken fan libben, oardiele er teloarsteld dat it mingsel net goed genôch wie, mar hy besleat om der it bêste fan te meitsjen en noch ien wiziging yn de formule te probearjen foardat wy ús ysbaarlike priis fuortdiene. We hiene dy middeis in grêf yn de kelder groeven, en soene it dus by de dage tichtgoaie moatte – ek al siet der in grut slot op it hûs, wy besochten de minste kâns op ûntdekking tsjin te gean. Boppedat, it lichem soe de folgjende nacht net iens mear in lyts bytsje farsk wêze. Dat, we namen de iennichste asetylenen lampe mei nei it laboratoarium derneist, lieten ús stille gast yn it tsjuster efter op de tafel, en stutsen al ús enerzjy yn it miksen fan in nij mingsel; West seach ta op it weagjen en mjitten mei in hast oerdreaune soarch.
It yslike foarfal kaam hommels en dwers. Ik geat wat fan de iene testbuis yn de oare, en West wie drok dwaande mei de alkoholsoldearlampe dy’t trochgean moast foar in bunsebaarner yn dit gasleaze gebou, doe’t yn de poertsjustere keamer dêr’t wy weikamen, in ysbaarlike en demoanyske rige gjalpen losbarste sa’t wy dy beide nea earder heard hiene. De gaos oan helske lûden hie net minder ferskriklik west as wannear’t de jammerpoel sels iepen gien wie om de tamtaasje fan de ferdomden los te litten, want yn ien ûnfoarstelbere kakofony wiene alle boppenatuerlike grizen en syklike wanhope fan de libbene natoer konsintrearre. Minsklik koe dit net mear wêze – gjin minske koe sokke klanken meitsje – en sûnder omtinken foar ús lêste wurksumheden of de mooglikheid op ûntdekking, sprongen sawol West as ik nei it rút dat it meast tichtby siet, lykas opskrille wyld; wylst we buizen, lampen en distillearkolven omsmieten, ljepten wy as healwizen de bestjerre ôfgrûn fan de plattelânsnacht yn. Ik tink dat wy it sels ek útskreauden wylst wy healwiis nei de stêd stroffelen, al holden wy ússels sa goed mooglik yn doe’t we by de râne fan de stêd oankamen – krekt goed genôch om troch te gean foar lette feestfierders dy’t fan in sûpfeest nei hûs ta stroffelen.
Wy bleaune byinoar en slaggen der yn om by de keamer fan West te kommen, dêr’t wy mei it ljocht op flústeren oant de sinne opkaam. By it moarnsread wiene wy wer in bytsje kalm wurden troch it meitsjen fan rasjonele teoryen en plannen foar ûndersyk, sadat we oerdei sliepe koene – kolleezjes waarden negearre. Mar dy jûns soargen twa krante-artikels, folslein los fan inoar, der wer foar dat we net yn ’e sliep komme koene. De âlde, ferlitten pleats fan Chapman wie op ûnferklearbere wize ôfbaarnd ta in foarmleaze bult jiske; dat koene wy wol ferklearje mei de omfallen lampe. Fierders hie immen besocht om in nij grêf op it earmebegraafplak te fersteuren troch om ’e nocht en sûnder skeppe de modder fuort te klauwen. Dat koene wy net begripe, want wy hiene tige foarsichtich de ierde oandrukt.
Yn de santjin jier dêrnei hat West faak oer it skouder sjoen en klage oer ynbylde fuotstappen efter him. En no is er ferdwûn.

II. De Pestdemoan

Ik sil nea dy ôfgryslike simmer ferjitte sechstjin jier ferlyn, doe’t de tyfus as in giftige yfryt (1) út de wente fan Eblis luorkjend troch Arkham omspûke.1 Dat jier stiet de measte minsken by troch dy satanyske pleach, want ferskrikking brette werklik mei flearmûswjukken op de steapels deadskisten yn de tomben fan it tsjerkhôf fan Christchurch; foar my wie der lykwols in noch grutter grouwel yn dy tiid – in grouwel dêr’t allinne ik noch mar kennis fan ha, no’t Herbert West ferdwûn is.
West en ik wiene dwaande mei postdoktoraal wurk yn de simmerklaslessen op de medyske fakulteit fan de Miskatonic Universiteit, en myn freon hie wiidweidich in dubieuze ferneamdens krigen fanwege syn eksperiminten om de deaden wer libben te meitsjen. Nei de wittenskiplike slacht fan ûnbidige oantallen lytse bisten wie oan it nuversoartige wurk sa foar it each in ein makke op oarders fan it skeptyske haad fan de fakulteit, Dr. Allen Halsey; al wie West fierdergien mei it dwaan fan heimlike testen op syn keamer yn in sjofel kosthûs, en hie er op ien ferskriklike en memorabele nacht in minsklik lichem út it grêf op it earmebegraafplak meinaam nei in ferlitten pleats foarby Meadow Hill.
Ik wie by him op dy walchlike nacht, en seach hoe’t er yn de stille ieren it elikser ynjektearre dat neffens him de gemyske en fysike libbensprosessen min ofte mear wer op gong krije koe. Dat wie ferskriklik einige – yn in waansin fan eangst dy’t we stadichoan taskreaune oan ús eigen oerspande senuwen – en sûnt dy tiid hie West nea it gekmeitsjende gefoel ôfskodzje kind dat er efterfolge en opjage waard. It lichem hie net farsk genôch west; it is dúdlik dat in lichem yndied tige farsk wêze moat om it de normale mentale eigenskippen werom te jaan; en it ôfbaarnen fan it âlde hûs hie ús ferhindere om it ding te begraven. It hie better west as we der wis fan wêze koene dat it ûnder de grûn siet.
Nei dy ûnderfining hie West syn ûndersiken foar in skoft útsteld; mar doe’t de oandrang stadichoan wer by de raswittenskipper weromkaam, waard er wer optwingerich by it fakulteitskolleezje en smeke er om it gebrûk fan de ûntledingskeamer en om farske minsklike eksimplaren foar it wurk dat er as sa geweldich wichtich seach. Mar syn smeekbeaen wiene om ’e nocht, want it beslút fan Dr. Halsey wie net om te draaien en alle oare professoaren skikten harren nei de beslissing fan harren lieder. Yn de radikale teoryen oer reanimaasje seagen sy neat oars as de ûnbewoeksene kueren fan in jeuchlike entûsjasteling waans behindige stal, giele hier, bebrille blauwe eagen en tinne stimme gjin hint joegen fan de útwrydske – hast duvelske – fermogens fan it kâlde brein dêr binnenyn. Ik wit noch wol hoe’t er der doe útseach – en ik huverje. Hy waard hurder yn it gesicht mar nea âldsk. En no hat de psychiatryske ynrjochting fan Sefton dat ûngemak hân en is West ferdwûn.
West botste hurd mei Dr. Halsey oan ’e ein fan ús lêste doktorale perioade yn in omslachtige rûzje dy’t him minder sierde op it mêd fan fatsoenlikens as de goedwillige dekaan. Hy fûn dat er ûnnedich en yrrasjoneel tsjinwurke waard yn in tige wichtich wurk; in wurk dat er fansels letter op eigen manneboet dwaan koe, mar dat er graach begjinne woe wylst er de geweldige fasiliteiten fan de universiteit ta syn beskikking hie. Dat de oan tradysje hechtsjende hegerein syn unike resultaten by bisten negearre en folhold yn harren ôfwizing fan de mooglikheid ta reanimaasje, wie ferskuorrend walchlik en hast ûnbegryplik foar in jongeman mei it rasjoneel temperamint fan West. Begryp foar de groanyske, mentale grinzen fan dit ‘professor-doktor’ type komt pas mei de jierren – it produkt fan generaasjes tein yn it erbarmlike Puritanisme; aardich, plichttrou, en soms sêft en freonlik, mar altyd bekrompen, ûnferdraachsum, fêsthâldend oan gewoanten en in tekoart oan perspektyf. Ast âlder wurdst, krijst mear begryp foar dizze behyplike mar goedaardige karakters, waans grutste gebrek eins skrutenens is, en dy’t úteinlik ôfstraft wurde sille troch de algemiene hún foar harren yntellektuele sûnden – sûnden sa as Ptolemaïsme, Calvinisme, anty-Darwinisme, anty-Nietzscheanisme, alle soarten fan Sabbatarianisme en seedlike wetjouwing.(2) West, jong nettsjinsteande syn wûnderlike wittenskiplike kundigens, hie net in soad geduld foar Dr. Halsey en syn gelearde kollega’s; en koestere in grutter wurdende wjersin, keppele oan in langstme om syn teoryen op de ien of oare opfallende en ymposante wize te bewizen foar dizze sleauwe weardichheidsdragers oer. Lykas de measte jonge minsken libbe er himsels út yn wiidweidige deidreamen fan wraak, triomf en úteinlike, edelmoedige ferjeffenis.
En doe kaam de pleach, gnizend en deadlik, út de benearjende grotten fan de Tartarus. West en ik studearren om deselde tiid hinne ôf as doe’t it begûn, mar we wiene bleaun foar wat ekstra wurk yn de simmerskoallelessen, sadat wy yn Arkham wiene doe’t it ûnk yn de stêd mei totale demoanyske mâlens útbruts. Al wiene we noch gjin erkende dokters, wy hiene ús diploma’s, dat we waarden hastich yn publike tsjinst naam om’t it oantal siken groeide. De sitewaasje rûn omtrint út ’e hân, der ferstoaren safolle minsken dat de pleatslike begraffenisûndernimmers it net byhâlde koene. De iene nei de oare begraffenis waard sûnder balseming holden, en sels de ûntfangende grêftombe op it tsjerkhôf fan Christchurch waard folsteapele mei kisten mei net balseme deaden. Dy omstannichheden lieten in eigenaardige yndruk efter by West, dy’t faak tocht oan de irony fan de sitewaasje – safolle farske eksimplaren, mar net ien foar syn ferfolchûndersiken! Wy hiene fierstentefolle wurk, en de ôfgryslike geastlike druk soarge foar swiersettige tinzen by myn freon.
Mar de eale fijannen fan West hiene net minder lijen fan ôfmedzjende wurksumheden. De universiteit wie sa goed as ticht, en alle dokters fan de medyske fakulteit holpen mei yn de striid tsjin de tyfuspleach. Dr. Halsey yn it bysûnder hie himsels ûnderskieden yn syn opofferjende tsjinstigens, en brûkte al syn útsûnderlike kundichheden mei komplete tawijing foar gefallen dy’t in soad oaren mijden fanwege gefaar of skynbere hopeleazens. Foardat de moanne foarby wie, wie it dryste fakulteitshaad in folksheld wurden, al liek er him net bewust fan syn bekendheid om’t er hast omfoel fan fysike wurgens en geastlike útputting. West koe syn bewûndering foar de krêft fan syn fijân net ûntkenne, mar wie dêrtroch noch mear wisberet om de krektens fan syn wûnderbaarlike doktrines oan him te bewizen. Gebrûkmeitsjend fan de disoarder fan sawol it universitêre wurk as de gemeentlike sûnensfoarskriften, koe er op in nacht in resintlik ferstoarn lichem de universitêre ûntledingskeamer ynsmokkelje, en ynjektearre dat yn myn oanwêzichheid mei in nije oanpassing fan syn mingsel. It ding iepene werklik syn eagen, mar stoarre allinne mar nei de soudering mei in blik fan freze dy’t troch de siel snie, foardat it yn in ûnbeweechlikens ferfoel dêr’t neat him úthelje koe. West sei dat it net farsk genôch wie – de hite simmerlucht is net geunstich foar liken. Dy kear waarden we hast betrape foardat we it ding ferbaarnden, en West twifele oer de winsklikheid om dit riskante misbrûk fan it universitêre laboratoarium te werheljen.
De pyk fan de epidemy waard berikt yn augustus. West en ik wiene dea oanein, en Dr. Halsey gong echt dea op de fjirtjinde. Alle studinten wiene op de hastige begraffenis op de fyftjinde, en kochten in ymposante krâns, al waard dy oertroffen troch de earbetoanen stjoerd troch de rike boargers fan Arkham en de stêd sels. It wie hast in publike oangelegenheid, want it fakulteitshaad hie sûnder mis in grutte woldogger west foar de stêd. Nei it bysetten yn de tombe wiene we allegear wat wanmoedich, en wy brochten de middeis troch yn de kroech fan de Hannelskeamer; dêr’t West, al wie er wat oerstjoer troch de dea fan syn haadtsjinstanner, ús de grize op ’e lea jage mei ferwizingen nei syn beruchte teoryen. Doe’t it letter op ’e jûn waard gongen de measte studinten nei hûs ta, of nei in taak dy’t op har wachte; mar West helle my oer om him te helpen ‘der in nacht fan te meitsjen’. De kostfrou fan West seach ús om in oere as twa nachts op syn keamer oankommen, mei in tredde man tusken ús; en se fertelde har man dat we skynber goed yn de oalje wiene.
Op it each hie dizze soere matroane gelyk; want om trije oere nachts hinne waard it hiele hûs wekker makke troch it âljen dat út de keamer fan West kaam. Doe’t se de doar yntrape hiene, fûnen se ús twaen bewusteleas op it mei bloed besmodze flierkleed, yninoar slein, ûnder de skrammen en tatakele, mei de brutsen restanten fan de flessen en it ark fan West om ús hinne. Allinne in iepen rút fertelde wat der bard wie mei ús oanfaller, en in partij minsken fregen har ôf wat er oerholden hie fan de grutte sprong dy’t er meitsje moatten hie fan de twadde ferdjipping ôf de tún yn. Der leine wat ûnbekende klean yn de keamer, mar West sei doe’t er bykaam, dat dy net fan de frjemdling wiene, mar monsters dy’t er sammele hie foar bakteriologyske analyze yn ’e rin fan syn ûndersiken nei de oerdracht fan syktekimen. Hy joech de opdracht om se sa gau mooglik te ferbaarnen yn de romme iepen hurd. Foar de plysje oer holden wy ússels dom oangeande de identiteit fan ús eardere maat. Hy wie, sei West senuweftich, in freonlike frjemdling dy’t we yn de ien of oare kroech yn it sintrum troffen hiene. We hiene it goed mei-inoar fine kinnen, dat West en ik winsken net dat ús fjochtersbaas neisetten waard.
Dyselde nacht wie it begjin fan de twadde ferskrikking fan Arkham – de ferskrikking dy’t foar my de pest sels yn it skaad sette. It tsjerkhôf fan Christchurch wie de sêne fan in yslike moard; in wachter dy’t deaklaud wie op in wize dy’t net allinne te grouwélich is foar beskriuwing, mar ek de twifel oprôp oer de minsklikheid fan de dieder. It slachtoffer wie lang nei midsnacht noch yn libben sjoen – de dage brocht de ôfgryslike saak oan it ljocht. De baas fan in sirkus yn de oanbuorjende stêd Bolton waard ûnderfrege, mar hy swarde dat gjin inkeld bist ea út de koai brutsen wie. De minsken dy’t it lichem fûnen murken in spoar fan bloed op dat late nei de tombe dêr’t de ferstoarnen bypleatst waarden, en in lyts, read puoltsje op it beton lei krekt bûten it stek. In wat minder dúdlik spoar late nei de bosk, dêr’t it spoar gau weiwaard.
De folgjende nacht dûnsen duvels op de dakken fan Arkham en âlen in ûnnatuerlike dwylsinnigens yn de wyn. Troch de koartsige stêd kroep in flok dy’t neffens sommigen grutter wie as de pleach, en dy’t guon oanseagen foar de belicheming fan de demoanesiel fan de pest sels. Acht huzen waarden ynkrongen troch in namleas skepsel dat de reade dea yn syn soch efterliet – alles mei-inoar, santjin skeinde en foarmleaze restanten fan lichems waarden achterlitten troch it stimleaze, sadistyske meunster dat omkroep. In pear hiene it heal sjoen yn it tsjuster, en seine dat it wyt wie en like op in misfoarme aap of minskeftige duvel. It hie net alles lizze litten dat er oanfallen hie, want somtiden hie er hongerich west. De teller stie op fjirtjin dy’t er fermoarde hie; trije fan de lichems leine yn troffen huzen en hiene al net mear yn libben west.
Yn de tredde nacht fongen lilke ploegen fan sikers, laat troch de plysje, it skepsel yn in hûs op Crane Street yn de omkriten fan de kampus fan Miskatonic. Se hiene de syktocht soarchfâldich organisearre, se holden kontakt fia frijwillige tillefoanstasjons, en doe’t immen út it universitêre distrikt rapportearre hie in skrassen te hearen op de blinen fan in rút, wie er gau ynsletten. Troch it algemiene alaarm en de foarsoarchsmaatregels, wiene der mar twa ekstra slachtoffers, en it fangen waard dien sûnder grutte ferwûningen. It ding waard úteinlik tsjinholden troch in kûgel, al wie dy net fataal, en hy waard ûnder in universele opskuor en walge gau nei it pleatslike sikehûs brocht.
Want it wie in man. Dat wie dúdlik nettsjinsteande de mislike eagen, de stimleaze apichheid, en de demoanyske wredens. Se fersoargen de wûne en sleepten it skepsel nei de psychiatryske ynrjochting by Sefton, dêr’t it sechstjin jier lang mei de holle tsjin de mei kessens beklaaide muorren sloech – oant it ynsidint okkerdeis, doe’t it meunster ûntsnapte ûnder omstannichheden dy’t net folle minsken beskriuwe wolle. Dêr’t de sikers fan Akham it measte fan walgen wie wat se opmurken doe’t se it gesicht fan it meunster wosken – de bespotlike, net te leauwen likenis mei de gelearde en selsopofferjende marteler dy’t mar trije dagen dêrfoar yn de tombe bysetten wie – de krekt ferstoarne Dr. Allan Halsey, de publike woldogger en it haad fan de medyske fakulteit fan de Miskatonic Universiteit.
Foar Herbert West, dy’t no net mear te finen is, en foar my wiene de walge en ferskrikking oerweldigjend. Ik huverje ek dizze nacht noch no’t ik der oan tink; ik rydboskje noch mear as dat ik dy moarns die, doe’t West troch syn ferbân hinne mompele: ‘Ferdomme, it wie krekt net farsk genôch!’

(1) In yfryt of afrit is in demoan út Islamityske myten en Eblis de Islamityske namme foar de duvel.
(2) Dit is in opsomming fan ferskate konservatyf-religieuze streamingen.

(tenei mear)

Oersetting: Trevor Scarse

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *