Blog Jaap Slager: Haadstik 8 Fúljeton Lytse Pier: In bannige dei

logo.ensafh

– Ik moat pisje.
Dat ferbriek de betsjoening; wy wiene fuort werom yn ’e werklikheid.
Toe mar efkes, andere Japik wylst er syn pinsiel oan in flarde ôffage, jo witte it paad ommers.
It frommes ferdwûn kontsjedraaiend efter it dekor nei it húske.
It âlde bûthús wie it atelier fan Japik. Neist trije jier doe’t er him yn it spultsje nei wenjen set hie, hie er grutte glêzen yn it tek sette litten; want wy hiene hjir ‘it moaiste ljocht fan Nederlân’, hied er beard. Dat hie Rembrandt ek al ferkundige, in skoftsje werom; dy hie neffens Japik jit in setsje yn St. Anne taholden.
Oan dat moaie ljocht hied er hjoed net dat makke – it wie suterich.

Lês fierder by Jaap Slager 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *