Yva Hokwerda

Kriich fan nije wurden

logo.ensafh

(nimmen wit hoe hurd in famke sekjerinne koe yn 1965)

Krekt op skoalle en wat juffrou Sylstra sei
wie noch alle dagen nij en nuver. En stjerrende wier fansels
yn nije wurden. Juf fertelde fan in feest omdat it oarloch wie
en datst wask fan 20 jier ophingje mochst. Net om te droegjen,
mar om it hurdst. Soks hjitte kriich.
– Om te wierjen, sei it famke mei de finger heech.
Dat wurd koe juffer net.

Heit fytste har nei it lange, griene fjild oan ’e Ysbrechtumerdyk
dêr’t de nije huzen noch net stiene. Oare kant it
winkelbellepaad fan bakker Abma, doar nei
swietrook fan fanyljestaven.
Mem hie se juster kocht.
Glazuer yn dy dagen wie wyt,
en wolkich tin as de skiep yn ’e blauwe loft.

– Wask ophingje koe sy geweldich,
fûn heit, omdat sy mem sa goed holpen hie
by de line op ’e hússide.
En sy koe ommers ek hurd drave.
It fielde as wie de striid wûn!

Mem stie
mei de broerkesbernewein
tusken fine-rútsjesjurken
en wite overhimden.
Sy hie grutte klaproazen oan.
 
 
 

Wêrom hie nimmen sein dat sy
  wachtsje moast op – Ientwatrijelos!
  in blauwe skelk foar dwaan,
  bak mei seis knipers oerbringe,
  weromdrave,
  trije skûlken tôgje yn in koer
 
           
            De jonges mochten sekjerinne

Wêrom moast elke skûlk
  krekt mei twa knypers
  ophongen,
  read dan wyt dan blau
– Fjouwers knipers is net earlik, juf!
– Weromdrave, skelkje om!
 
 

Oare deis hie mem help
mei apelsmots en sûkelarjefla
yn ’e Spar fan glêzen stopflessen
mei hûndert soerstokken en tûzen dropsinten,
flaaibekke by de draaibeltsjekassa
de krûdeniersdochter:
– Hat sy ek wat wûn juster, by ’t spultsjedwaan?

– Yfke hat wûn, rôp ik
– en Marjanne, want harren mem
docht in skelk foar nei de line.
En it wie net spul,
mar oar-loch-kriich!

De toanbank besaude har, suertsjes sketteren.
Wêrom hie ús mem gjin blauwe skelk?

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op