Lomme Schokker

De boogywoogy fan in lesjouwer

logo.ensafh

Jan J. Bylsma, learaar Nederlânsk fan profesje en skriuwer fan rym en ûnrym yn eigen tiid, seach op moandeitemiddei 27 septimber fan it jier 1971 om kertier foar trijen, de sânentweintich switterige learlingen fan klasse H4b foar syn lêste les fan de dei net botte entûsjast mei folút beskreaune pukkels oer it skouder syn lokaal ynskeuveljen. Hy frege him ôf wat er mei dy kliemske kliber fan midsmjittigens, dat ûngeregeld soadsje fan skruten MULO-trochstreamers en sjeesd HBS-potinsjeel, yn ’e goedichheid oan moast.

It leafst joech er, as er yn sa’n stiifkoppige moandeitemiddeistimming wie as hjoed, nei in wykein boogywoogyen yn Amsterdam of nei in nachtlang petearjen oant yn it ûneinige op ien of oar ferwaaid, spjuntich, klaaiker buorskip mei Gerard, Douwe, Trinus of Ype, in ûnferwachte skriftlike oerhearring om dûm fan alle kuldigens fan it gedonder ôf te wêzen en om syn stjerrende kater tiid te jaan te deformearjen, mar sokssawat hied er ferline wike ek al dien en sa maklik mocht er nei eigen konsjinsje fansels net alle wiken it jild fertsjinje.

Hy kearde him nei it rút ta om de lawaaiïge ynkomst fan al dy slongels en lange, bleate fammelatten net oan te sjen en sa koe er noch krekt mei blydskip gewaarwurde hoe’t Wolthers, de stive konrektor sine amore, wol in oere te betiid syn foaroarlochske swarte fyts út it hok helle. Krekt dit foarfal joech Jan J. Bylsma ynienen sa’n gefoel fan ferromming en opteinens, dat er fuortdaliks wist wêr’t er it yn alle oprjochtens op dizze dei yn dizze les mei dizze bern en foar ien kear perfoarst yn it Frysk, oer hawwe woe.

‘Lit de boeken mar sitte, knyp jimme pukkels mar ticht, want ik wol it hjoed in kear net ha oer tekstbegryp of taalanalyze of boekbeskôging. It learen, fyn ik, moat ek gean oer it libben. Ik wol it hjoed ha oer de nije tiden dêr’t wy yn libje, hoe’t in soad minsken yn dizze gâns oare tiden libje op in manier dêr’t wy, dêr’t jimme hjir yn de provinsje faaks gjin flau benul fan hawwe. Ik fyn dat jimme dat witte moatte. Dat der mear is as learen en wurkjen, mear as skreppen en skrobjen, mear as baas boppe baas en in libbenlang fêst lean.

Dat der minsken binne dy’t it ferpoffe om fiif dagen lang hurd te wurkjen om der dan yn in oardel wykeindei amper fan by te kommen. Dat der minsken binne dy’t krekt oarsom libje: feestfiere en trochhelje yn it wykein, fjirtich oeren lang sûnder sliep en op drugs, om dêr dan troch de wike stadichoan fan út te rêsten.
Dat tsjintwurdich dêr yn Amsterdam jongelju binne dy’t yn leechsteande huzen lûke en dêr fergees en mei nocht en wille en mei alle romte, sûnder lúkse mei-inoar yn kleare frijheid wenje.
Dat der minsken binne, in bulte minsken, dy’t tsjin de tried yngean, dy’t de hiele bliksemske binde fan âld moraal it rioel yn smite wolle. Ik sil jimme ferhelje fan frije opfieding, fan frije seks, fan anargy op ’e dyk, fan hallusinearjende poddestuollen en fan Carlos Casteneda. Ik wol it mei jimme hawwe oer Sartre en Camus, oer ús eigen Riemersma en hâld in Josse de Haan yn ’e gaten, mar foaral en benammen oer de jazz en dan it nijste fan it nijste: de rockjazz fan Miles Davis! Man o man, Miles Davis!

Ik fyn dat jimme witte moatte dat der hjoed-de-dei in soad jonge minsken binne dy’t der sûnder jild en sûnder ballêst op út gean, dy’t mei inkeld wat gedichten yn de pukkels de wrâld oer reizgje, nei Yndia ta of nei de Piramide fan de Sinne yn Meksiko-Stêd of har op ’e bonnefoai neaken nei wenjen sette yn in grot yn Súd-Frankryk, lju dy’t fier fan heit-en-mem-en-dy gewoanwei dogge wat se wolle en net dogge wat se moatte. Jimme soene dêr foar kieze kinne. Hoe liket jim dat?’

Sa gie Jan J. Bylsma njoggenenfjirtich jier lyn op It Hearrenfean yn dy iene les it petear oan mei klasse H4b en ik, skruten MULO-trochstreamerke, besefte pas letter dat dy nuvere man yn ’e macht en pracht fan syn lesjaan by my oan it siedzjen wie.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “De boogywoogy fan in lesjouwer

  1. Kinne jo dit? Slút moai oan op jo moaie kollum fûn ik.

    IT KIN DE MASTER MISSE

    wa’t leraar is
    sil nea in echte
    dichter wurde
    neffens literêre noarmen

    sa’nien seit
    fierste dúdlik
    tûzen kear itselde

    Jan J. Bylsma

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *