Teleks: Eksposysje oer Joast Halbertsma yn Museum Hert fan Fryslân, Grou

logo.ensafh

Wrâldboarger út Grou, eksposysje oer Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) en syn ynternasjonale ynteresses, te sjen fan 1 april o/m 30 novimber 2018 yn Museum Hert fan Fryslân yn Grou.

Joast, menistedûmny en taalgelearde, wie ien fan de fjouwer soannen fan de famylje Halbertsma. Dy famylje wenne al foar 1800 yn Grou. Hy studearre teology oan it menisteseminaarje yn Amsterdam en waard dêrnei predikant yn Boalsert (1814-1821) en letter yn Dimter. Mei syn bruorren Tsjalling en Eeltsje hat Joast him ynset om de Fryske taal mear sprekke te litten. Dêrtroch binne de bruorren yn Fryslân, en foaral yn Grou, ferneamd.

Joast hold him neist de Fryske taal – hy wie ûnder oare de skriuwer fan it earste Frysk wurdboek – ek dwaande mei it bestudearjen fan kultueren. Dêrby ferlike er de bûtenlânske kultueren mei de Fryske en toande er de ferbannen dêrtusken oan. Religy wie in wichtich tema. Sa beskreau er bygelyks oerienkomsten tusken it boeddhisme en it kristendom. Soms ta ôfgrizen fan syn leauwensgenoaten.

Hy skonk ek in buste fan Menno Simons oan de provinsje Fryslân foar yn it Kabinet fan Aldheden. Dêr heart fansels in ferhaal by. Joast keppele de Fryske oarsprong fan Menno Simons oan de geast fan frijheid dy’t de menisten neffens him skaaimerke. Sa waard er de grûnlizzer fan it hjoeddeisk Frysk Museum en Tresoar. In seleksje fan syn foarwerpen, ûnder oare de buste en boekwurken mei dêrby syn oantekens binne no te sjen yn Museum Hert fan Fryslân.

Kom yn ’e kunde mei syn brede belangstelling en ûntdek hoe bot oft de Fryske kultuer neffens Joast mei oare kultueren ferbûn is. Yn de eksposysje Wrâldboarger út Grou makket men in tocht by objekten, teksten en lûdsfragminten lâns dy’t syn brede ynteressegebiet werjouwe. In protte brûklienen út it Frysk Museum en Tresoar meitsje de eksposysje mooglik en bysûnder om te sjen. Bysûnder omtinken fertsjinje ek de portretten fan Joast en syn frou Johanna, skildere troch Willem Bartel van der Kooi. Joast is wer in bytsje werom yn Grou. Joast Halbertsma mei terjochte in wrâldboarger hjitte en fertsjinnet yn dit Kulturele Haadstêdjier in eareplak.

De eksposysje omfettet ek in berneprojekt. Yn it museum en yn it doarp kinne bern op syk nei kastkes en kistkes dêr’t materialen foar opdrachten yn sitte. It is gaadlik foar bern, ûnder begelieding, fan sawat acht oant tolve jier.

Foar ynformaasje oer Museum Hert fan Fryslân sjoch www.museumhertfanfryslan.nl.

Boarne: It Nijs

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *