Aginda 06-07-18: Visions of the Basque country through Frisian eyes (and words)

logo.ensafh

Visions of the Basque country through Frisian eyes (and words)

Op freedtejûn 6 july is Talepaviljoen MeM it dekor foar in ynternasjonale jûn mei literatuer en muzyk. Publyk is fan herte wolkom. Sintraal stiet de Baskyske taal en kultuer. Yn in ynformele talksjo komme ferskate sprekkers oan it wurd. Sa binne skriuwers Gerard de Jong en Bart Kingma te gast. Beide reizgen sy foar it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden nei Baskelân. Se fertelle oer harren ûnderfinings dêr en stelle de fraach oft der oerienkomsten binne tusken de Baskyske en Fryske taal en identiteit. Ek komt Mirjam Vellinga oan it wurd. As projektlieder fan Lân fan Taal by de Afûk is sy de betinkster fan de Baskyske wike. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Idoia Noble, dy’t wurket foar de organisaasje Donostia Kultura yn de Baskyske stêd San Sebastian. De jûn wurdt opfleure mei live muzyk fan Elmar Kuiper en syn band Tigers fan Greonterp.

Wat: Talksjo en live muzyk
Wannear: Freedtejûn 6 july 2018. Ynrin: 19.30 oere, begjin: 20.00 oere
Wêr: Talepaviljoen MeM, Prinsetún, Ljouwert

Fan 1 o/m 8 july is it Baskyske wike yn Talepaviljoen MeM en de omlizzende Taletún. Der wurde ferskate eveneminten organisearre rûnom de Baskyske taal. Sjoch op www.afûk.frl foar it programma.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *