H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (III)

logo.ensafh

III. Seis Skotten Om Midsnacht

It is frij ûngewoan om alle seis kûgels fan in revolver tagelyk ôf te fjurjen as ien skot wierskynlik genôch wêze soe, mar in soad saken yn it libben fan Herbert West wiene ûngewoan. It komt, bygelyks, net faak foar dat in jonge, krekt ôfstudearre dokter de grûnen dêr’t er de lokaasje fan syn praktyk en hûs op selektearret, ferbergje moat, mar dat wie it gefal by Herbert West. Doe’t hy en ik ús bul krigen fan de medyske fakulteit fan de Miskatonic Universiteit, en besochten om ús earmoede te ferlichtsjen troch in dokterspraktyk op te setten, diene wy ús bêst om net te fertellen dat we it hûs keazen hiene fanwege de frij isolearre lizzing en om’t it tichteby it begraafplak foar de earmelju stie.
Soksoarte ôfhâldigens hat meastal wol in reden, en it wie net oars by ús; want wat wy nedich hiene kaam fuort út in libbenswurk dat net bepaald populêr wie. Foar de bûtenwrâld wiene wy mar dokters, mar fan binnen holden wy doelen foar eagen fan in folle heger en ferskrikliker nivo – want de essinsje fan it bestean fan Herbert West wie de syktocht yn de tsjustere en ferbeane riken fan it ûnbekende, dêr’t er it geheim fan it libben hope te finen en hoe’t er de kâlde klaai fan it begraafplak werombringe koe ta permaninte beweging. Sa’n syktocht easket frjemde materialen, ûnder oare farske minsklike liken; en om de foarrie dêrfan oan te foljen is it nedich om op in rêstich plakje te wenjen en net fier fan in plak dêr’t op ynformele wize minsken begroeven wurde.
West en ik hiene inoar moete op de universiteit, en ik wie de iennichste dy’t net ôfkearich wie fan syn ôfgryslike eksperiminten. Ik wie sa stadichoan de altyd oanwêzige assistint fan him wurden, en no’t we fan de universiteit ôf wiene, moasten we wol byinoar bliuwe. It wie net maklik om in goed plak te finen foar in maatskip fan twa dokters, mar úteinlik soarge de ynfloed fan de universiteit der foar dat we in praktyk yn Bolton begjinne koene – in stêd fol fabriken yn de buert fan Arkham, dêr’t de universiteit stie. De Bolton Worsted Fabriken binne de grutste yn de Miskatonic Delte, en harren meartalige meiwurkers binne nea de populêrste pasjinten by de pleatslike dokters. We keazen ús hûs mei de grutste soarch út en fûnen op it lêste momint in frij boufallich húske oan ’e ein fan Pond Street; fiif nûmers fan de earstkommende buorman ôf en skieden fan it pleatslik earmebegraafplak troch allinne mar in strookje gerslân, yn twaen snijd troch in frij tichtbegroeid útein fan de bosk dat yn it noarden leit. De ôfstân wie grutter as dat we graach woene, mar we koene net in oar hûs fine dat tichterby lei sûnder oan de oare kant fan it fjild te sitten, hielendal bûten it fabryksdistrikt. Dochs wiene we net botte ûntefreden, want der wennen gjin minsken tusken ús en de sinistere boarne fan wat wy nedich hiene. It wie in ridlik eintsje rinnen, mar wy koene ús stille eksimplaren ûnbehindere meislepe.
Us praktyk wie fan it begjin ôf oan ûnferwachts grut – grut genôch om de measte jonge dokters bliid te meitsjen, mar ek grut genôch om ferfeelsum en in lêst te wêzen foar ús dy’t eins oare ynteresses neijeie woene. De arbeiders hiene in frijwat wylde ynboarst; en neist harren withoefolle natuerlike behoeften, soargen de faak foarkommende rûzjes en stekpartijen foar genôch wurk. Mar wat echt al ús tinzen yn beslach naam wie it geheime laboratoarium dat wy yn ús kelder makke hiene – in lab mei in lange tafel ûnder elektryske lampen, dêr’t we faak nachts let de ferskate mingsels fan West ynjektearren yn de ieren fan de skepsels dy’t we út it begraafplak wei droegen. West wie ferwoeden oan it eksperimintearjen om wat te finen dat de libbensbewegings fan in minsk op ’e nij oan ’e gong krije koe neidat dy hohâlden wiene troch wat men de dea neamt, mar hy wie allinne de meast ysbaarlike obstakels tsjinkaam. It mingsel moast op ferskate wizen gearstald wurde foar ferskillende types – wat wurke by kavia’s wurke net by minsken, en by ferskillende minsklike eksimplaren wiene grutte oanpassings nedich.
De liken moasten oerute farsk wêze, oars soe it minste bedjer fan it harsenweefsel in perfekte reanimaasje ûnmooglik meitsje. It grutste probleem wie yndie om se farsk genôch te krijen – West hie ferskriklike ûnderfinings hân yn syn heimlike ûndersiken op de universiteit mei liken fan twifeleftige komôf. De resultaten fan animaasje foar in part of net perfekte animaasje wiene folle ysliker as de folsleine mislearringen, en benearjende foarfallen stiene ús beide by. Sûnt de earste demoanyske sesje yn de ferlitten pleats op Meadow Hill yn Arkham, fielden wy in broeiende driging; en West, hoewol yn de measte opsichten in kalme wittenskipsautomaat mei syn ljochte hier en blauwe eagen, joech faak ta in huverich gefoel te hawwen fan temûke efterfolging. Hy fielde heal dat er efterfolge waard – in psychologyske waan troch oerstjoere senuwen, fersterke troch it sûnder mis ûntrêstigjende feit dat teminsten ien fan ús reanimearre eksimplaren noch altyd libbe – in skriklik, fleisitend skepsel yn in isolearsel yn Sefton. En dan wie der it oare – it earste dy’t wy kreëarren – waans lot wy nea te witten kommen wiene.
We hiene in soad lok mei de eksimplaren yn Bolton – folle better as yn Arkham. We hiene der noch net in wike wenne, doe’t we al in slachtoffer fan in ûngemak binnenkrigen yn deselde nacht as de begraffenis, en wy krigen it foarinoar om him de eagen iepenje te litten mei in wûnderlik rasjonele útdrukking foardat it mingsel mislearre. It hie in earm ferlern – as it in folslein lyk west hie, dan wie it faaks better slagge. Tusken doe en de folgjende jannewaris bemasteren we trije oaren; ien folsleine mislearring, ien gefal mei opmerklike beweging fan de spieren, en ien dy’t nochal trille – it kaam út himsels oerein en stjitte in lûd út. Doe kaam der in skoft dat wy minder lok hiene; begraffenissen bleaune út, en dy’t wol holden waarden, wiene foar eksimplaren dêr’t tefolle sykte yn siet of dy’t tefolle skansearre wiene foar gebrûk. We holden alle minsken dy’t ferstoaren, en de omstannichheden fan harren dea, systematysk by.
Lykwols bemachtigen we op in nacht yn maart in ûnferwachte eksimplaar dat net fan it earmebegraafplak kaam. Yn Bolton wie de bokssport wetlik ferbean fanwege de oerhearskjende Puriteinske mienskipssin – mei it gewoanlike resultaat. Heimlike en gefaarlike wedstriden waarden geregeldwei holden troch de arbeiders, en somtiden waard dêr profesjoneel talint fan leech alloai foar binnenhelle. Op dizze lette winterdei hie der sa’n wedstriid west; blykber mei in rampsillich resultaat, want twa skrutene Poalen wiene by ús kaam mei net te folgjen flústere smeekbeaen oangeande in tige heimlik en wanhopich gefal. We folgen harren nei in ferlitten skuorre dêr’t de restanten fan it publyk fan bange bûtenlanners stoarren nei in stille, swarte foarm dy’t op de grûn lei.
De wedstriid hie west tusken Kid O’Brien – in swiere en no triljende jongfeint mei in folslein net-Ierske noas – en Buck Robinson, ‘De Moker fan Harlem’. De swarte man wie bewusteleas slein, en in koart ûndersyk wiisde út dat er dat permanint bliuwe soe. Hy wie in walchlik, gorilla-eftich skepsel, mei abnormaal lange earmen dy’t ik net oars neame koe as foarpoaten, en in gesicht dat gedachten oprôp oan freeslike geheimen út de Kongo en bûnzjen op tamtams ûnder in yslike moanne. It lichem hie der wierskynlik noch aakliker útsjoen doe’t it noch libbe – mar de wrâld hat fansels in soad lilke dingen. It folsleine, jammerdearlike publyk wie yn ’t himd bebiten, want se wisten net wat de plysje fan har easkje soe as it foarfal net yn de dôfpot stoppe waard; dat, se wiene tige tankber doe’t West oanbea om it ding temûk fuort te dwaan. Ik rydboske doe’t er dat sei – syn doel wie my fansels goed bekend.
De moanne skynde fûl op it sniefrije lânskip, mar we klaaiden it ding oan en droegen him tusken ús yn nei hûs ta troch de ferlitten strjitten en fjilden, lykas wy op in ferskriklike nacht yn Arkham in fergelykber ding meidroegen hiene. Wy kamen by it hûs oan oer it fjild dêr efter, namen it eksimplaar troch de efterdoar mei nei binnen ta en by de kelderstrep del en makken him klear foar it wenstige eksperimint. Us eangst foar de plysje wie absurd grut, al hiene wy ús tocht sa útstippele om de iensume patrûljeman fan dit distrikt te omsilen.
It resultaat wie in ôfmêdzjende antyklimaks. Sa ôfgryslik as ús priis like, it reagearre hielendal net op hokker mingsel we ek mar yn de swarte earm spuiten, mingsels dy’t wy taret hiene út ús ûnderfining mei allinne blanke eksimplaren. Dat, doe’t it gefaarlik tichtby it moarnsoere kaam, diene we itselde as dat we mei de oaren dien hiene – wy sleepten it ding oer de fjilden nei de strook bosk neist it earmebegraafplak, en begroeven it dêr sa goed as we koene yn de beferzen grûn. It grêf wie net al te djip, mar like goed as dat fan ús foargeande eksimplaar – it ding dat út himsels oerein kaam wie en in lûd útstjitten hie. Yn it ljocht fan ús tsjustere lantearnen bedutsen we it sekuer mei blêden en deade klimplanten, frij wis dat de plysje it nea fine soe yn sa’n tsjuster en ticht bosk.
De oare deis waard ik hieltiten ûngerêster oer de plysje, want in pasjint kaam mei geroften fan in gefjocht en in deade. West krige noch in oare boarne fan soarch derby want hy waard de middeis ynroppen foar in gefal dat tige driigjend einige. In Italiaanske frou wie hystearysk wurden om’t har bern ferdwûn wie – in jonkje fan fiif dat dy moarns ôfdwaald wie en net thúskommen wie foar it waarm iten – en hja hie symptomen krigen dy’t tige alarmearjend wiene om’t se altiten al in swak hert hân hie. De hystearje wie tige ûnsinnich want it jonkje wie earder al faak genôch fuortrûn, mar Italiaanske boeren binne útsûnderlik byleauwich en dit minske like likefolle kweld te wurden troch foartekens as feiten. Om sân oere de jûns wie se ferstoarn, en har man hie folslein oerémis in beëangstigjende heisa makke doe’t er West besocht te fermoardzjen om’t er him de skuld joech foar de dea fan syn frou. Freonen hiene him tebek holden doe’t er in stiletto foar it ljocht helle, mar West wie ûnder syn ûnminsklik skreauwen, flokken, en beloftes fan wraak fuortgien. Yn syn lêste oandwanings liek de man syn soan fergetten te wêzen, dy’t noch altyd fuort wie doe’t it nacht waard. Der wie wol wat praat fan in syktocht troch de bosk, mar de measte freonen fan de famylje wiene dwaande mei de deade frou en de razende man. Al mei al moat de druk op de senuwen fan West ferskuorrend west ha. Tinzen oan de plysje en de poerlilke Italiaan foelen him beide swier.
Wy gongen om in oere as alve op bêd, mar ik sliepte net al te bêst. Bolton hie in ferrassend goede plysjemacht foar sa’n lyts stedsje, en ik koe net oars as bang wêze foar de swierrichheden dy’t ús te wachtsjen stiene as it barren fan de nacht dêrfoar ea ûntdutsen waard. Dat koe de ein wêze foar al ús wurk hjir – en faaks de finzenis foar sawol West as my. Ik mocht de omtoarkjende geroften oer in gefjocht net lije. Doe’t de klok trije oere sloech skynde de moanne my yn ’e eagen, mar ik draaide my om sûnder it skerm omleech te lûken. Doe wie der it oanhâldend ratteljen oan de efterdoar.
Ik lei stil en in bytsje ferdwaasd, mar hearde koart dêrnei West op myn doar klopjen. Hy hie de moarnsjas en slippers oan, en hie in revolver en in elektryske bûslampe yn ’e hân. Troch de revolver wist ik dat er mear oan de healwize Italiaan tocht as de plysje.
’Wy kinne better mei ús twaen gean,’ lústere er, ‘it kin net dat wy hielendal net anderje. It soe faaks ek in pasjint wêze kinne – it mist my net dat sa’n sûch de efterdoar besykje soe.’
Dat wy gongen beide súntsjes de trep del mei in eangst dy’t foar in part rjochtfeardige wie en foar in part oproppen waard troch de aaklike tiid fan de nacht. It ratteljen hold oan, al waard it in bytsje lûder. Doe’t we by de doar kamen, naam ik foarsichtich de skoattel der ôf en smiet de doar iepen. En wylst it ljocht fan de moanne op de foarm skynde dy’t der tsjin ôftekene stie, ûndernaam West in ferrassende aksje. Nettsjinsteande it ûnmiskenbere gefaar om de oandacht te lûken en it freesde plysjeûndersyk op ús dak te krijen – wat lokkigernôch foarkommen waard troch de relative ôfsûndering fan ús wente – lege myn freon hommels, oerémis en ûnnoadich alle seis keamers fan it revolver yn de nachtlike besiker.
Want ús besiker wie gjin Italiaan en likemin in plysjeman. Ferskuorrend driigjend yn it spûkeftich moanneljocht stie der in gigantysk misfoarme skepsel foar de doar, dat men allinne yn nachtmerjes sjocht – in inketswarte ferskining mei glêzige eagen dy’t hast op hannen en fuotten rûn, bedutsen mei stikken mosk, blêden en klimplanten, smoarch fan opdrûge bloed. Tusken de glânzjende tosken hold it in sniewyt, yslik, silindrysk objekt beet dat einige yn in lyts hantsje.

(tenei mear)

Oersetting: Trevor Scarse

Eardere ôfleveringen:

I en II

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *