Blog Abe de Vries: Nasjonaal, elitêr, kristlik

logo.ensafh

Literatuerpolityk fan in Frysk-nasjonale koalysje, 1914-1916; 1946

Moandeitemiddei 19 jannewaris 1914. Wylst oeral yn ’e provinsje it elektrysk ljocht oanlein wurdt, rekket yn in kâld en wintersk Holwert – it friest in pear graden, yn Ljouwert leit der iis ûnder de Frouwepoartsbrêge, en yn it noarden fan Fryslân komt om twa oere middeis de wyn mei fiif meter de sekonde út it easten – wurdt skriuwer, dichter, útjouwer en sjoernalist Waling Gerryts Dykstra, 92 jier âld wurden, troch syn freonen te hôf brocht. ‘Bidaerd gyng it troch de lange, smelle strjitte nei it hôf ta, it hiele doarp hast efteroan. Do ien gong om it hôf en dêrnei liet men de kiste yn it grêf sakje.’2 Op de baar lizze fiif earekrânsen. Yn tsjerke neamt Sjirk van der Burg, foarsitter fan it Frysk Selskip, him ‘ús nea to forjitten folksskriuwer en dichter’, dy’t fan tweintich selskippen en kriten lid west hie, mar dy’t syn wurk no dienmakke hie – en ‘hwa hat it better ôflevere as hy?’

Lês fierder by Abe de Vries

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *