Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Willem Verf

logo.ensafh

Willem Verf: “It soe foar de Fryske literatuer hiel goed wêze as der yn it bûtenlân goede oersettings fan Fryske boeken yn ’e merk setten wurde.”

Willem Verf (1949) is hikke en tein yn Snits. Nei it Bogerman Lyceum yn syn wenplak folge er de Sosjaal Pedagogyske Oplieding Middeloo yn Amersfoart. Nei syn ôfstudearjen gie er werom nei Fryslân en sette er him mei syn frou nei wenjen yn Damwâld. Hy krige in baan as foarmingslieder yn Beetstersweach en nei funksjes yn it jongereinwurk, de folwoeksenedukaasje en de arbeidsbemiddeling waard er yn 1996 direkteur fan Stichting Hulp en Welzijn Leeuwarden (HWL). Verf wie fan 1994 oant 2003 fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Yn 1980 stjoerde er it manuskript fan in roman nei de sjuery fan de Rely Jorritsmapriis. Dat resultearre yn in oanmoedigingspriis. Verf krige fan de sjuery it advys om it ferhaal op guon plakken oan te passen en te bewurkjen. Verf hat dat opfolge en dat late yn 1982 ta it útkommen fan syn debút, de roman It bliuwt pielen. Yn it ferhaal, dat him ôfspilet oan it begjin fan de tweintichste ieu, beskriuwt Verf de sosjale striid fan de fean- en lânarbeiders doedestiids. In jier letter kaam fan Verf in ferhalebondel út ûnder de titel: In delgeande tiid en oare plysjeferhalen (1983). De twadde roman fan Verf kaam yn 1987 út mei de titel Tiid fan libjen. Dat spilet him foar it grutste part ôf yn it Noard-Dútske Sealterlân. Op fersyk fan It Fryske Boek skreau Verf de novelle De neisimmernacht fan Sjoerd en Eppy, dat yn 1993 ferskynde as boekewikegeskink. It soe oant 2008 duorje ear’t er de pinne wer oppakke soe. Yn augustus fan dat jier ferskynde syn nije roman It swijen net wurdich. Nei Bûtenman en Bûtenfrou (2013), in roman oer in freonlike, beskieden jonge dy’t geandewei feroaret yn in drugskrimineel, yn Istanbûl telâne komt en dêr in allinichsteande jonge mem moetet, ferskynde yn 2017 syn sânde boek: It sinfol bestean. Haadpersoanen Karin en Jitse, beide aardich yn de sechtich, wurde nei mear as fjirtich jier ynienen konfrontearre mei in persoan dêr’t se mei ôfkear oan weromtinke.
Willem Verf is foarsitter fan de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum en yn dy funksje ek lid fan it deistich bestjoer fan Tresoar.

Neffens my is der yn dyn boek It sinfol bestean in protte fan dyn eigen libben beskreaun, mar ek fiksje. Do hast krekt as de haadpersoan yn it boek in sosjaal-pedagogyske oplieding dien. Fan 1996 oant 2011 wiest direkteur fan de Stichting Hulp en Welzijn Leeuwarden (HWL).
‘Dat past by it tema fan it boek. It is fertroud om in boek ôfspylje te litten yn in dekôr datst goed kenst. Oars moatst folle mear ûndersyk dwaan en dy yn dingen ferdjipje. En de kâns is dat it oerflakkiger wurdt. Ek de politike achtergrûn yn it boek is in wrâld dy’t my eigen is. Der is wol wat risiko datst te min ôfstân nimst. Wat dat oangiet haw ik in protte oan Ernst Bruinsma fan de Afûk hân, dy’t my dêr as redakteur op attint makke. In trochsneed lêzer is bygelyks net sa yn it sâlt fan de polityk bebiten as dat ik bin. Dan moat it soms krekt even wat oars om de lêzer derby te hâlden.’

Wat kinst fertelle oer de titel fan it boek? Wat is it sinfol bestean?
‘It hat te krijen mei it sykjen nei in sinfolle ynfolling fan it libben. Wy binne hjir in skoftke en dan binne we hjir wer wei. Freark Dam hat in kear sein: “It bestean is in net te ûnttiizjen riedsel,” en dat is ek sa. Besikest der wat fan te meitsjen. En foar ús generaasje, seker de minsken dy’t hiel bewust it sosjaal wurk opsochten of op ien of oare manier dy wrâld ferbetterje woene, begûn der in soart fan syktocht. En dan bist fjirtich of fyftich jier letter en sjochst werom. Dan kinst net echt in balâns opmeitsje, de plussen en minnen tsjinoar weistreekje en sizze: haw ik wat berikt, ja of nee. Nee, sa is it gien. Dan wie it heechút in earlik besykjen om it in sinfol bestean te meitsjen.’

Do hast polityk aktyf west yn de steatefraksje fan GrienLinks. Bist noch polityk aktyf?
‘Net mear. Op in gegeven momint bin ik út de aktive polityk stapt. Ik wurd noch wolris frege om earne yn in kommisje sit te nimmen. Dat soart dingen doch ik noch wol, efter de skermen. Trije jier ferlyn haw ik besocht om serieus kandidaat te wurden foar de Earste Keamer. Der wie ek in groep dy’t my dêryn stipe. Mar ik krige in hertoperaasje krekt yn dy tiid dat ik yn de partij kampanje meitsje moast foar myn kandidatuer, dus dat is doe neat wurden. Ankom jier binne der wer ferkiezings foar de Earste Keamer, dan bin ik wer fjouwer jier âlder, dus ik wit noch net oft ik wer kandidaat wêze wol. De polityk lit my lykwols net sa gau los.’

Do wiest al jong dwaande mei it skriuwen, bygelyks foar de skoalkrante op it Bogerman Lyceum yn Snits en yn Hitweek. Wat foar stikken wiene dat?
‘We ha mei in groepke jonges fan de skoalkrante in pear kear op de redaksje fan Hitweek west. Elkenien koe dêr komme, it wie in anargistyske organisaasje. Dat wie de sfear dêr’t wy yn libben. Popmuzyk en alles dat dermei gearhong wie in symboal fan de nije kreative tiid. Ik spile yn dy tiid ek yn in bandsje. En dingen mochten net. By de skoalkrante ek, op in gegeven momint publisearren wy stikken dy’t eins net koene, neffens konservative leararen en ek learlingen. Dan kaam de redaksje ûnder kuratele te stean. De rektor fan it Bogerman moatst dan earst de kopij lêze foardat we dy brûke mochten. Dan waarden der dielen skrast en kamen wy mei wite stikken út.’

Foar In delgeande tiid en oare plysjeferhalen (1983) hasto de Fedde Schurerpriis krigen. It boek giet oer jongerein dy’t geregeld yn oanrekken komt mei de plysje. Hiesto eartiids sels mei sokke jongelju te krijen, as jongerewurker?
‘Ja, yn de jierren santich yn Ljouwert. De achterstânswiken wiene doe oan it opkommen. Dat wie foaral de autochtoane Ljouwerter arbeidersjeugd. Op in gegeven momint koe ik dat wrâldsje. En ûnder de jeugd wie in kategory ‘randgroepjongeren’, dy’t allerhanne dingen diene dy’t net mochten en yn oanrekking kamen mei de plysje. Ynbrekke wie foar dy jonges in spannende affêre. Tsjintwurdich kinst hast net mear ynbrekke mei al dy befeiligingskamera’s. Guon fan dy jonges waarden letter echt krimineel en oaren wiene tsjin de lampe rûn en dan wie it oer. Dat levere dekôr op dêr’t ik wat mei koe.’

Wat kinst fertelle oer it dekôr fan dyn earste boek It bliuwt pielen?
‘Myn earste boek spile by de lêste staking fan de feanarbeiders, einliks al yn de wurkferskaffing yn 1920. Ik ha kranten út dy tiid lêzen om dêroer skriuwe te kinnen. Der sit in leafdesskiednis yn ferfrissele. Der wie krityk fan Tiny Mulder, dy’t sei dat ik wol skriuwe koe, mar dat ik fan dy typysk Fryske tema’s oansnie: in boer dy’t him fergrypt oan in faam en in staking yn de turfgraverij. Se fûn dat it tiid waard foar oare tematyk. Fan it earste boek kamen sels twa printingen út. Der wiene mear dy’t seine dat ik ek oer in modern ûnderwerp skriuwe koe. Dat fûn ik ek wol in útdaging en doe kaam de bondel In delgeande tiid. Dêr wûn ik prompt in priis mei. Wat doe noch de fêstige oarder wie fûn dat moai. Mar it boek ferkocht in stik minder. Der binne net de helte fan de boeken fan ferkocht as fan it earste boek. Fryske lêzers sykje dus ek in bytsje befêstiging fan de wrâld dy’t sy kenne, learde ik doe. Kinst wol wat fierder gean, mar der sit in bepaalde grins oan. Dêr haw ik in skoftke mei wraksele, it hat tink ik in jier as fjouwer duorre. Doe ha ik dat oan ’e kant set en Tiid fan libjen skreaun. Dat wie wol mei myn eigen ûnderfing as basis. Ik haw dêr hiel bewust in elemint fan spanning ynbrocht. Ik woe lykwols net yn it thrillerhoekje set wurde, omdat dat faak te keunstmjittich is en ik in earlik ferhaal fertelle wol. Sûnt dy tiid bin ik wat bewuster oan it komponearjen.’

Do hast it boekewikegeskink fan 1993 skreaun: de novelle De neisimmernacht fan Sjoerd en Eppy, oer twa âldere minsken dy’t opnij fereale wurde. Dêrnei wie it in skoftlang stil, oant 2008. Wêrom sa’n lang skoft?
‘Ik ha acht jier yn de provinsjale polityk sitten, ik hie myn wurk en der wiene ek wat persoanlike omstannichheden. Yn 2003 gie ik út de polityk en krige ik stadichoan wer wat mear romte. Dat boekewikegeskink is bewust net in alderpersoanlikst ferhaal fan mysels. It protte minsken krije it boek fergees, dus ik fûn dat it oanslute moast by ûnderfinings dêr’t in protte lêzers har yn ferpleatse kinne. It waard in iepenloftspul as dêkor. Dêr belibje minsken in soad oan en dêr komme in protte minsken byinoar, in moai ferbinend elemint. Der belle my doe in man op en dy sei: “Hoe kin dit? Ik ha dat boek fan jo lêzen. Jo ha presys opskreaun wat ik meimakke ha. Hoe wisten jo dat?” Dy man hie ek meimakke dat er op lettere leeftiid noch ferkearing krige. Ik ha tsjin him sein dat ik it hielendal sels betocht hie, mar ik wit net oft ik him oertsjûge ha.’

Yn 2008 ferskynde It swijen net wurdich. Yn dat boek wurde yn wikseljend perspektyf de ferhaallinen fan ferskate personaazjes ferteld, dy’t allegear op in krúspunt yn har libben oankaam binne. Wat kinst dêroer fertelle? Hast der lang oer dien om it boek te skriuwen?
‘Ik hie dus in hiel skoft net skreaun en wie út de polityk, mar ik waard dochs sa yn beslach naam troch myn wurk. Yn 2006 wie ik noch net oan in nije roman begûn. As direkteur fan it Ljouwerter wolwêzenswurk makke ik safolle oeren, ik hie op in gegeven momint teoretysk wol trije moanne frije tiid te stean. Sa lang koe ik net frij nimme, mar ik koe wol twa dagen yn ’e wike thúsbliuwe. Doe ha ik yn trije moanne tiid It swijen net wurdich skreaun. Ik meitsje meastal wol in opset fan it ferhaal dat ik fertelle wol en dat hie ik doe ek dien. Dêryn gie it ek oer de posysje fan it Frysk as taal. Ien fan de personaazjes is oergryslik foar it Frysk en wol in dramatyske died sette, dy’t de hiele wrâld attint meitsje sil op de drege posysje fan de Fryske taal. Ik hie in jonge frou moete dy’t net prate koe en dy mankearre fierder neat. Sy prate net om’t sy net prate woe en dat fûn ik hiel yntrigearjend. Sy is yn it boek in suster fan de djipfries. Sa hie ik in húshâlden as ramt. Ik ha beskreaun wat der bart wêrtroch’t sy wer begjint te praten en hoe’t dat ferfrissele is mei dy gekke aksje dy’t har broer úthellet. En de aktualiteit fan doe, de opkomst fan it rjochtse populisme en it negatyf tinken oer ymmigranten en sa, is der ek yn ferwurke. Wat der yn de maatskippij bart en wat der yn de persoanlike libbens fan de haadpersoanen spilet, is oan inoar spegele en mei-inoar ferbûn. Dat is ek yn myn lêste twa boeken in tema dat weromkomt.’

It sinfol bestean wurdt ek yn wikseljend perspektyf ferteld, om en om út it eachpunt fan Jitse en Karin wei. Wêrom hast derfoar keazen om it ferhaal op dy manier te fertellen?
‘Sûnt it boekewikegeskink doch ik dat. Do kinst kieze foar de alwittende ferteller. Dat haw ik yn myn earste boek dien en yn it twadde en tredde boek wie dat al wat minder konsekwint. Op in gegeven momint fûn ik dat, as ik in boek op in earlike manier skriuwe woe, ik it skriuwe moast út de minsken wei dy’t it meimeitsje. Dan kinst kieze foar ien haadfiguer dat it meimakket, mar dan hast fansels ek mar ien fyzje op wat der bart. Ast yn de hûd fan ferskate haadpersoanen dûkst, kinst ek oare dingen fertelle. En dan is it boppedat foar in man in ekstra opjefte om in leauweardich froulik personaazje del te setten. It boek wurdt der tink ik riker fan.’

Jaap Krol hat yn in resinsje skreaun dat er “it spitich fûn dat de strekking fan dizze roman gjin echte konsekwinsjes hie, dêrfoar bliuwt haadpersoan Jitse wat té kreas binnen de linen fan de fatsoenlike modelboarger.” Wat fynsto dêrfan?
‘De haadfiguer yn it boek is boargemaster. Ik wit net wat Jaap Krol wol. Dan wurdt it in mislearre boargemaster wêrfan’t oan it ljocht komt dat er it mei ien fan de sekretaresses dien hat of sa. Sorry, mar ik fyn dat hiel triviale ferhalen. Ik fyn it folle minder triviaal as ien op syn eigen manier echt syn bêst docht om oerein te bliuwen en ek noch wat te betsjutten foar oaren. Gelokkich waard dat troch oare lêzers sa ûnderfûn. Doeke Sijens syn lôvjende resinsje yn de LC bygelyks, dêr wie ik heul wiis mei. Mar goed, as in boek ien kear út is, is it fan de lêzer en ek fan de resinsint en dy mei derfan fine wat er wol. Der is in protte literatuer oer persoanlik fielen en persoanlik lijen dat minsken ferwurkje moatte. Dat moatte wol hiele goede boeken wêze, wol ik dy oant de ein ta útlêze. Guon tema’s boeie my blykber net genôch om dêroer te skriuwen.’

Yn it boek skriuwt de haadpersoan Jitse in manifest mei nije, by de tiid brochte begjinsels foar de Sosjaal Demokratyske Partij dêr’t er by heart. Soest graach sjen wolle dat de sosjaal-demokraten har útgongspunten opnij ikerje?
‘Jitse wol dat yn elts gefal, ja. (laket) Dat is wol dúdlik. Ik soe dat net sa beskriuwe kinne as ik net in hiel ein mei Jitse meilibbe. De ferrjochtsing fynt fansels plak op in soad fronten. Bepaalde dingen binne yn de maatskippij dominant. Wim Kok sei op in stuit dat de PvdA syn ideologyske fearren ôfsmite moast. Net dat de idealen aktueel makke wurde moasten. Dat betsjut nochal wat, want ferjitte we dêrmei as sosjaal-demokraten, as links überhaupt, wa’t we wiene? We woene dochs graach in mear egalitêre maatskippij en kânsen foar elkenien. Dat trochslaan nei liberalisme, seker dat neoliberalisme, hâldt yn dat bepaalde minsken in soad pakke en gripe kinne. Wat sy har ta-eigenje is der dan net mear foar oare minsken, sa simpel is it.’

Bist op dit momint mei nij skriuwwurk dwaande?
‘Ik ha it foarrjocht dat ik fan ’e hjerst mei kin nei de Buchmesse yn Frankfurt. Ik bin benijd oft ik mei dit tema, de teloargong fan de sosjaaldemokrasy, dat aardich universeel is yn Europa, yn Dútslân wat kin. Ik haw ek ideeën oer oar, nij kreatyf wurk dat ik skriuwe wol, mar dêr haw ik mysels noch net de romte foar jûn. Ik wol earst sjen dat ik goed taret bin op de Buchmesse. Ik haw stikken út myn lêste boek yn it Dútsk oersetten. Dêr is no in ‘Nachdichter’ mei te set.’

Hoe soe de ferkeap fan Fryske literatuer neffens dy befoardere wurde kinne?
‘It soe oer it algemien foar de Fryske literatuer hiel goed wêze as der yn it bûtenlân goede oersettings fan Fryske boeken yn ’e merk setten wurde. Der binne foldwaande Fryske skriuwers mei genôch kwaliteit nei ynternasjonale mjitstêven, mar wy sille in hiele protte ekstra muoite dwaan moatte om dat goed ûnder de omtinken te bringen en yn it bûtenlân ek útjouwers te finen dy’t Frysk literêr wurk aktyf útsutelje. Yn de jierren tachtich wie it hielendal net nuver om, bygelyks fan myn boek Tiid fan libjen, twatûzen út te bringen. Dan kaam der letter ek noch in pocket út. Dat fûn doe syn wei nei de lêzers. No moatst al bliid wêze as it om hûnderten giet. Dat hat te krijen mei ûntlêzing yn it algemien. Under de fyftich jier wurdt noch wol lêzen, mar in stik minder as foarhinne. En Frysk lêzen is foar mear as njoggentich persint fan de ynwenners fan Fryslân sa’n ekstra ynspanning dat it in grutte drompel is om oan in Frysk boek te begjinnen. Dan kin it helpe as ek foar de trochsneed lêzer yn Fryslân dúdlik is dat Fryske boeken yn it bûtenlân wurdearre wurde. Ik tink dat we dêr echt op ynsette moatte: om mei in pear Fryske boeken trochbraken te krijen, sadat bygelyks op de Dútske merk in skriuwer of skriuwster út Fryslân in kear ridlik ferkeapet.’

En hoe soe in boek better ferkocht wurde kinne?
‘Stadichoan witte we yn elk gefal dat in lêzer har of him yn in boek op syn minst werkenne moat. Myn lêste boek sil foaral ynteressant wêze foar minsken tusken de sechtich en tachtich jier, dy’t ferlykbere dingen meimakke ha. Dat is ek de grutste groep yn Fryslân dy’t noch Frysk lêst.
Mar oft it no mei in boek fan my of mei dat fan in kollega bart: in trochbraak yn it bûtenlân soe geweldich helpe kinne foar de statusferheging fan de Fryske skriuwerij en dat ha wy gewoan nedich. Dan moatst net earst begjinne út te lizzen hoe fraai en hoe ryk dy Fryske literatuer is en wat der yn it ferline allegear west hat. Dat is hartstikke moai, mar dêr krije se yn it bûtenlân pas belangstelling foar as der in pear Fryske boeken binne dy’t oanslaan. Dan kinst de folgende stap meitsje yn de promoasje fan de Fryske skriuwerij.’

Moatte je net by it skriuwen fan it boek dêr alfêst rekken mei hâlde, dat it boek yn bygelyks Dútslân útjûn wurde kin?
‘Nou, dat wurdt hiel keunstmjittich. Wannear moatst begjinne dêr rekken mei te hâlden? Op it momint dat der in Frysk boek is dat kwaliteit hat en hjir goed ûntfongen wurdt. En dan besjen oft it boek mooglikerwiis oanslute kin by in Dútske of in Ingelske of, noch dreger, Amerikaanske merk. Yn de faze dat der noch redaksje op in boek plakfynt, kinst der ek al nei sjen.
Mei in komplete oersetting moatst it in bûtenlânske útjouwer ferfolgens maklik meitsje, mar it moat net nedich wêze om der jild op ta te jaan foar it útjaan en yn ’e merk setten. Want wêrom soe dy útjouwer syn bêst dwaan om it boek yn de Dútske boekhannels te krijen, as er syn winst op foarhân al te pakken hat? It is fan it grutste belang dat de mienskip ien en oar finânsjeel mooglik makket. Want literatuer moat net in hobby wurde foar minsken dy’t dêr wol jild genôch foar ha. Dat giet my te fier.’

Wat moat der kwa organisaasje barre foar it Fryske boek?
‘Ik haw yn itselde jier dat ik mei it hert siet in kear in lang petear fierd mei Durk Hibma, de eardere sjef fan de stifting It Fryske Boek. Ik hie dêr in útskreaun fraachpetear fan meitsje wollen, mar dat kaam der doe net fan, want ik moast wer nei it sikehûs om operearre te wurden. Mei de teloargong fan It Fryske Boek hat Fryslân in prachtich fenomeen ferlern. En dat giet om mear as de Sutelaksje, want it wie in ûnôfhinklike organisaasje dy’t breed de ferkeap fan Fryske boeken befoardere. Der wie in ynfrastruktuer, sawol fan betelle meiwurkers as frijwilligers, en de organisaasje krige subsydzje fan de provinsje. Apart genôch net foar de Sutelaksje, dy moatst him altyd sels bedrippe út de ferkeap. Wol foar aktiviteiten mei berneboeken en oare dingen dy’t se organisearren. Ik woe der yn dat fraachpetear mei Durk efterkomme hoe’t it koe dat sa’n ynstelling nei de barrebysjes gie. Dêr haw ik de yndruk oan oerholden dat dy stifting ûnder druk setten waard om him te fernijen, mar net ien goed wist wat dy fernijing ynhâlde moast. Dy druk kaam foar in grut part fan kultueramtners en ik tink ek fan de deputearre doe, Jannewietske de Vries. It Fryske boek die al sa’n soad en it waard hieltyd dreger om de Sutelaksje te organisearjen. Op in gegeven momint wiene de meiwurkers fan de organisaasje murf. Dat spile yn de jierren 2007 oant 2009. De driging wie der hieltyd dat de provinsje de subsydzje ynlûke soe. It bestjoer fan de stifting It Fryske Boek gie der net fanatyk foar stean en de wrâld deromhinne realisearre him te min wat foar goed ynstrumint dy stifting wie. En op in gegeven momint wie it fuort. De meiwurkers binne by Tresoar ûnderbrocht en wisten net goed wat se wol of net dwaan koene en Tresoar hie net folle nocht oan de echte ferkeapbefoardering.’

Yn 2010 kaam de stifting Boeken fan Fryslân, dêr’t útjouwers yn gearwurkje moasten.
‘Der wiene gjin goede omstannichheden. In oantal útjouwers stie ridlik sterk yn ’e merk, mar dat waarden der hieltyd minder. Uteinlik foel de Friese Pers derby wei. Doe wiene der noch mar twa útjouwers dy’t wat omset meitsje koene: Bornmeer en de Afûk. In echt sterke gearwurking hat dat nea west. Boeken fan Fryslân bestiet formeel noch, mar is yn wêzen ûnderwilens folslein ûnderbrocht by de Afûk. Der is jild by Tresoar weihelle en dat is nei de Afûk gien foar de ferkeapbefoardering. De stifting FLMD hie graach dy hiele befoardering fan de Fryske boeken ûnderbrocht yn in nije ûnôfhinklike organisaasje. De Afûk kriget foar de literatuerbefoardering fan de provinsje fierste min jild, ast it ferlikest mei wat earder It Fryske Boek oan mooglikheden hie. Dus ik bin bang dat we der noch net út binne. De Afûk moat wol it foardiel fan de twifel ha en we sille sjen hoe fier’t it komt. Wolsto soargje dat der mear Fryske boeken ferkocht wurde, dan sil der folle mear yn promoasje ynvestearre wurde moatte. We gean der noch hieltyd fan út dat boekhannelers yn Fryslân Fryske boeken mei in seker idealisme oan de man bringe moatte. Asto in goede Fryske kast yn in boekhannel ha wolst, dan silst dy boekhannel dêr foar in diel foar betelje moatte en der sil regelmjittich ien by dy boekhannels lâns moatte om dy kast op oarder te bringen.’

Soe de Afûk dêrfoar soargje moatte?
‘De provinsje moat foar it jild soargje en dan moat in oare organisaasje it útfiere. Ja, sa’t it no ferdield is soe de Afûk dat dwaan moatte. Minsken moatte der wol foar in grut part foar frijsteld wurde en dat kostet jild. Fierder moatte we it Fryske publyk sjen litte dat der Fryske skriuwerij is. Miskien moatst net allinnich nei de boekhannels, mar ek nei de Primera en de supermerken, dat der in rek is mei lêsbere Fryske boeken. En dêrfoar soe de provinsje skriuwers folle mear opdrachten jaan moatte mei de strekking: skriuw in goed lêsber Frysk boek dat in breed publyk oansprekke kin. En ek dat kostet jild. Foar it oersetten fan in boek nei it Frysk binne bettere subsydzjemooglikheden as foar it skriuwen fan orizjineel Frysk wurk!
Wol men echt dat it ferbetteret, dan ûntkomst der net oan dat de provinsje op in oare manier de skriuwerij subsidiearret en der folle mear jild foar útlûkt. En dan moatst echt yn tonnen tinke. We moatte grutsk wêze op wat in lyts taalgebiet oan literatuer fuortbrocht hat sûnt Waling Dykstra. Mar sokke grutskens leveret ús gjin basis foar de takomst. It is domwei nedich dat minsken Fryske boeken lêze.’

Hoe kin it Boek fan de Moanne it bêste oan de man brocht wurde?
‘Dat moat op ’e toanbank stean, it leafst njonken de kassa. Ast dat as provinsje wolst, dan moatst dy boekhannels der wat foar jaan, dat se dat dogge. Ik tink dat soks effektiver is as in boek mei koarting ferkeapje. De drompel foar it lêzen fan Fryske boeken is net dat it jild kostet, mar dat minsken sa ûnwennich binne mei dat Frysk lêzen. Dat ûnder-de-oandacht-bringen is hiel belangryk. En fan my mei it wat goedkeaper ferkocht wurde, mar oft dat minsken oer de skreef helje sil om it te keapjen tink ik net. It moat farsk wurk wêze, dat foar mear minsken nijsgjirrich wêze kin. It moat net sa wêze dat de belutsen útjouwers om bar har gerak wat krije. Nee. Dêrom soe in ûnôfhinklike klup soks organisearje moatte.’

Wat moat der noch mear barre?
‘It is moai dat de Sutelaksje wer oppakt is troch Ferdinand de Jong. It bliuwt lykwols te lytsskalich en it moat wer nei in profesjoneel nivo tild wurde. Mar dat betsjut nochal wat, kwa ynset en finansjeel. Der wurdt wol sein dat Fryske literatuer ‘hip’ of ‘fun’ wêze moat. Dat kinne we net plenne. Wat we wol dwaan kinne: wat der is oantreklik sjen litte en soargje dat der in riker ferskaat is. Dat der in pear skriuwers binne dy’t wat better ferkeapje as oaren, giet net op kosten fan oare skriuwers. Der moat mear solidariteit komme yn de Fryske skriuwerswrâld. It feit dat der súksesfolle Fryske skriuwers binne, makket just de kâns grutter datsto it ek oait wurdst. Ik haw it idee dat dy mentaliteit ûnder de jongere generaasje skriuwers better wurdt. Literatuer is sa wichtich om sjen te litten wat der geande is yn in tiid en yn in kultuer. As dat ferdwynt út de maatskippij en de manier wêrop’t wy kommunisearje, dan reitsje wy wat essinsjeels kwyt. Dat is in driuwfear foar mysels om te skriuwen, mar ek om my op bestjoerlik nivo dêrfoar yn te setten.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

3 reaksjes op “Fraachpetear mei Willem Verf

  1. Benijd wannear’t wy hearre watfoar oare ynternasjonaal goed meikinnende skriuwers ,,meigean”, mei de Afûk, nei Frankfierfuort. Jo ek? De boppe ús stelden sille noch wol mei in parseberjocht komme tink?

  2. Binne der ek wolris fraach-petearen mei in minder heechopliedene persoan ?

  3. Yn it lêste nûmer fan ENSAFH (febr ‘ 18) – it Baskyske nûmer sis mar – haw ik beskreaun hoe’t de Basken sûnt de ein fan de diktatuer yn Spanje (’75) har literatuer promoot hawwe. Yndied, oersettings yn heel wat moderne Europeeske talen. Op de Buchmesse haw ik yn ’16 meimakke dat utjouwers jin freegje om oersettings: ‘Hast ek fragminten by dy yn oersetting fan dyn boeken?’ Ik pleitsje yn dit stik fan saken foar profesjonele oersetters. En Verf hat gelyk: tonnen binne der foar nedich om de Fryske literatuer wat wider bekedn te meitsjen.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *