Henk Nijp

Jûn op nivo

logo.ensafh

Ithaka en Flow, dat wiene de earste wurden dy’t ik tsjinkaam doe’t ik út ’e auto stapte op ’e Westersingel. Grif gjin tafal, tocht ik, it kin wolris in moaie jûn wurde. It wiene de nammen fan in pear boaten dy’t dêr foar de wâl leine om te oernachtsjen.
In pear hûndert meter fierderop en sa’n fyftich treden heger sieten de measte taskôgers al klear. It wie op de earste ferdjipping fan ’e Aldehou, dêr’t de sechsde of miskien wol sânde Sint Vitus-poëzijjûn, eins in pear dagen te betiid, plakhawwe soe. Presintator Melvin van Eldik wie de tel njonkenlytsen wat kwytrekke.
Klokslach healwei njoggenen, doe’t er krekt úteinsette, kaam de lift mei de lêste tahearders nei boppen sûzjen troch it lawaai fan it slachwurk hinne. It sealtsje wie doe aardich fol mei sa’n tritich besikers.

Fjouwer bern fan groep 5/6 fan basisskoalle Oldenije fersoargen it earste partsje fan de jûn en hiene har oan it dichtsjen setten mei it tema, it koe hast net oars, ‘Oldehove’. Fjouwer ferskillende fersen mei in hecht rymskema oer dy âlde toer. Ien fan de jonge dichters ornearre dat Ljouwert sûnder Aldehou oanfiele soe as in akwarium sûnder fisken. In byld dat it publyk grif bybliuwe soe. De bern krigen nei har optreden in positive weromkeppeling fan dichter Edwin de Groot dy’t as faksjuery fungearre. Hy soe letter op ’e jûn ek sels oan ’e bak. Nei alle gedachten binne der wer fjouwer jonge poëzijleafhawwwers bykommen, as se dat noch net wiene.
Dêrnei folge dichter Inger van Lamoen mei Hollânsktalige fersen mei ûnslytbere tema’s as fergonklikheid, hjerst, leafde, dea en de see. De twadde dichter, Jan Atze Nicolai, snijde tema’s oan as polityk, de kulturele haadstêd en keunst, mar fierde ek, hiel ferrassend, in hûntsje op. Dêrnei kaam Dirk Geerdink oan it wurd, in jonge dichter dy’t syn fersen en raps út ’e holle foardroech en yn ynteraksje mei it publyk aardich ymprovisearre op it liet ‘Californian Sunshine’ dat yn dit gefal ‘Ljouwerter Sinneskyn’ waard.

Yn it skoft wie der gelegenheid om de toer fierder te besjen en de stêd fan boppe ôf te begnuven. Dêr moast lykwols earst wol wat wurk foar fersetten wurde. De rûndraaiende smelle trep soarge foar in hast hallusinearjende wurking, mar faaks woe ik ek wol wat te hurd omheech. Op healwei klonk ynienen de stim fan Anne Feddema dy’t – ynblikt – in fers oer de toer dêr’t wy wiene, foardroech. Boppe op ’e toer hiene wy prachtich útsicht op ’e stêd en it lân der omhinne. Mei in bytsje fantasy en goede wil wiene in pear Waadeilannen te sjen, mar Mantgum wie weikrûpt efter té bot skaadzjend beamtegrien. De sipel fan Deinum stie sa te sjen noch wol op ’e toer. (Wibbelet it spul dêr eins noch hieltyd, is dêr al wat oer bekend?) It relativearjen wie mei omheech klommen en spile even op; as je dêr sa heech steane krije je al wat in oare kyk op de wrâld. It stelt allegearre ek net sa hiel folle foar, je sjogge sa oer de grinzen hinne en wat wurdt der sa no en dan in heisa makke op sa’n lyts stikje grûn…
Nei it skoft kamen efterelkoar de dichters René Alberts, Edwin de Groot en Syds Wiersma efter de kateder. Alberts hie in stikmannich frij koarte en fernimstige gedichten mei motiven as: it libben sels, fertriet, al of net mislearre leafdes, mar hie it ek oer it dûnsjen op ’e râne fan de Etna. De Groot hie twa Hollânskstalige en twa Fryske fersen foar ús. Yn elk gefal ien dêrfan kaam út syn ferline jier ferskynde bondel Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see. Wiersma hie in oantal frij aktuele gedichten yn petto mei ûnder oare syn ‘hekeldicht’ ‘Fucking Brilliant’, oer de arrogânsje fan fonteinfrou Tilroe, jo witte wol, dy’t it allegear sa goed wit en wol fertelle sil hoe’t it hjir ynelkoar stekt.

Dizze troch it Historisch Centrum Leeuwarden en Van Eldik organisearre jûn waard foar en nei it skoft muzikaal opfleure mei folk-eftige muzyk fan it duo Monad, dat bestiet út Martin Pals op lút en Annelieke Zantinge dy’t sjongt. Hja spilen en songen, op wat ynbannige wize, de op muzyk setten fersen fan de dichter C. Jinarajadasa út Yndia.

Sekuer twa oeren letter wiene wy troch de fersen hinne en stie ik wer op it plein tusken Obe en Aldehou. Dêr stiet mei mânske letters yn trije talen te lêzen dat ‘Taal ús ta mins makket’ en dêr is fansels gjin spjelde tusken te krijen. Wylst skimere it ek al wat. In tige aardige jûn – mei rjocht op nivo -, dy’t no ris nét ûnder flaggen fan LF-2018 beflapt wie. Dat kin dus ek noch, yn dit dochs wat spesjale jier.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *