H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (IV)

logo.ensafh

IV. De Skreau fan de Deaden

De skreau fan in deade man soarge foar myn heftige en groeiende eangst foar Dr. Herbert West, dy’t my yn de lettere jierren fan ús freonskip efternei siet. Fan natuere sil soks as de gjalp fan in deade man jin ôfgrizen jaan, want it is fansels net in noflik of faak foarkommend barren; mar ik hie soartgelikense ûnderfinings faker meimakke, dat ik hie der op dit stuit allinne lijen fan troch in beskate omstannichheid. En, sa’t ik ymplisearre ha, waard ik net bang fan de deade man sels.
Herbert West, dêr’t ik de kompaan en assistint fan wie, beskikte oer wittenskiplike ynteresses dy’t folle fierder gongen as de gewoanlike rûtines fan in doarpsdokter. Dat is de reden wêrom’t er, doe’t er syn praktyk yn Bolton opsette, in ôfsûndere hûs keazen hie yn de buert fan it begraafplak fan de earmen. Koart en bretaal sein, de iennichste ynteresse dêr’t West troch opslokt waard, wie de heimlike stúdzje fan it fenomeen fan it libben en it ophâlden derfan, wat resultearre yn de reanimaasje fan de deaden troch ynjeksjes fan in opwekkend mingsel. Foar dizze grouwélige eksperiminten hie er in konstante tafier fan tige farske minsklike lichems nedich; tige farsk om’t sels it minste bedjer de struktuer fan it brein hopeleas skansearre, en minsklik om’t we der efter kamen dat it mingsel ferskillend opboud wurde moast, ôfhinklik fan de ferskillende typen organismen. Grutte oantallen kninen en kavia’s wiene deamakke en behannele, mar har spoar wie op ’e non rûn. West hie noch nea in folslein súkses hân, want it wie him noch net slagge om in lyk te bemachtigjen dat farsk genôch wie. Wat er graach ha woe wiene lichems dêr’t de libbenskrêft noch mar krekt út wei gien wie; lichems mei alle sellen yntakt en by steat om wer dy ympuls te krijen nei de modus fan beweging dy’t libben neamd wurdt. Der wie hope dat dit twadde en keunstmjittige libben permanint makke wurde koe troch werhelling fan de ynjeksjes, mar wy hiene leard dat in gewoan, natuerlik libben net reagearje woe op de behanneling. Om de keunstmjittige beweging foarinoar te krijen, moast natuerlik libben útdôve wêze – de eksimplaren moasten tige farsk wêze, mar werklik dea.
Dy bûtengewoane syktocht wie begûn doe’t West en ik studinten wiene op de medyske fakulteit fan de Miskatonic Universiteit te Arkham, doe’t we ús foar it earst folslein bewust waarden fan de totaal meganyske natoer fan it libben. Dat wie sân jier lyn, mar West like hast gjin dei âlder no – hy wie koart, glêd skeard, mei ljocht hier, in tinne stim en in bril, en allinne sa no en dan in flits fan stielblau yn ’e eagen, dy’t de ferhurding en it groeiende fanatisme fan syn aard troch de druk fan syn ferskriklike ûndersyk ferrette. Us underfinings hiene faak ôfgryslik west, op it ekstreme ôf; de resultaten fan mislearre reanimaasjes, wannear’t klobben fan begraffenisklaai stimulearre waarden ta morbide, ûnnatuerlike en gedachteleaze beweging troch ferskate oanpassings oan it opwekkingsmingsel.
Ien fan dy skepsels hie in skreau útstjitten dy’t ús troch ieren en sinen gien wie; in oaren wie gewelddiedich omheechkommen, hie ús beide bewusteleas slein en wie op yslike wize tekear gien foardat it opsluten wurde koe efter de traaljes fan in gesticht; noch in oarenien, in walchlik Afrikaansk meunster, hie himsels út it ûndjippe grêf weiklaud en in misdie begien – West hie dat objekt delsjitte moatten. Wy koene gjin lichems farsk genôch fine dy’t in tûkeltsje ferstân sjen lieten nei’t se reanimearre wiene, sadat wy spitigernôch namleaze ferskrikkingen kreëarre hiene. It wie ûntrêstigjend om te betinken dat ien, faaks twa, fan ús meunsters noch libben – dy gedachte spûke ús troch de holle, oant West úteinlik ferdwûn yn freeslike omstannichheden. Mar op it stuit dat de skreau út it kelderlaboratoarium fan it ôfsûndere hûs yn Bolton weikaam, wiene ús eangsten ûndergeskikt oan ús noed foar ekstreem farske eksimplaren. West wie happiger as ik, sels sa dat it my hast liek dat er heal begearich seach nei elke libbene mei in tige sûne lichemsbou.
It wie yn july 1910 dat it mei de tsjinslaggen wat eksimplaren oanbelanget oer wie. Ik hie in skoft útfanhuze by myn âlden yn Illinois, en doe’t ik weromkaam trof ik West folslein út de skroeven oan. Hy hie, fertelde er my optein, heechstwierskynlik it probleem fan farskens oplost troch in folslein nije oanpak – dy fan keunstmjittige bewarring. Ik wist dat er oan it wurk wie mei in nij en tige ûngewoan mingsel foar balseming, en wie net ferheard dat it goed slagge wie; mar ik wie der net hielendal wis fan oft sa’n mingsel ús helpe koe mei it wurk oant er it útlei, want it beswier dat de eksimplaren net farsk genôch wiene kaam foar it grutste part troch de tiid tusken de dea en it momint dat wy it lichem bemachtigen. Dêr, seach ik no, hie West dúdlik rekken mei holden; hy hie syn balsemmingsel makke mei it each op takomstich gebrûk ynstee fan hjoeddeistich, en betroude op it lot om ús wer in tige resint en net begroeven lyk te besoargjen, lykas it dat jierren lyn dien hie doe’t wy in swarte man bemachtige hiene dy’t deagien wie by in priisgefjocht yn Bolton. Op it lêst hie it lot ús taglimke, sadat op dy bewuste dei yn ús temûke kelderlaboratoarium in lyk lei dêr’t it bedjer ûnmooglik fan begûn wêze koe. Wat barre soe nei reanimaasje, en oft wy hoopje koene op in oplibjen fan geast en ferstân, doarst West net te foarsizzen. It eksperimint soe in mylpeal wêze yn ús stúdzjes, en hy hie it nije lichem bewarre foar myn weromkomst, sadat wy beide op de wenstige wize dielnimme koene oan it spektakel.
West fertelde my hoe’t er it eksimplaar bemachtige hie. It hie in enerzjyke man west; in keurich klaaide frjemdling dy’t krekt fan de trein kaam op wei nei it Bolton Wolfabryk foar saken. De kuier troch de stêd hie lang west, en doe’t de reizger by ús hûs stean bleau om it paad nei it fabryk te freegjen, wie syn hert tige oerbelêste rekke. Hy hie in drankje wegere en wie in momint letter ynienen dea yninoar sakke. It lichem hie West, sa’t ferwachte wurde koe, in geskink út de himel like. Yn it koarte petear hie de frjemdling dúdlik makke dat er ûnbekend wie yn Bolton, en nei in sneuptocht troch syn bûsen waard it dúdlik dat er Robert Leavitt hiet en út St. Louis kaam, skynber sûnder famylje dy’t daliks in syktocht op tou sette soe nei syn ferdwining. As dizze man net wer ta libben brocht wurde koe, dan soe gjinien weet ha fan ús eksperimint. Wy begroeven ús materialen yn in tichte stripe bosk tusken ús hûs en it earmebegraafplak. Mar oan de oare kant, as er wer libben wurde soe, dan soene wy oeral en foar ivich ferneamd wêze. Dat, sûnder te wachtsjen hie West yn ’e pols fan it lichem it balsemmingsel ynjektearre dat it farsk hâlde soe foar gebrûk oant ik weromkaam. De kwestje fan it nei alle gedachten swakke hert, dat neffens my in gefaar wêze koe foar it súkses fan ús eksperimint, like West net echt te dearen. Hy hope om op it lêst ris foarinoar te krijen wat er noch nea rêden hie – it opnij oanwakkerjen fan ferstân en faaks in normaal, libben wêzen.
Dat, yn de nacht fan 18 july 1910 stiene Herbert West en ik yn it kelderlaboratoarium en stoareagen nei in wyt, stil figuer ûnder de skerpe bôgelampe. It balsemmingsel hie wûnderbaarlik goed wurke, want doe’t ik fasinearre nei it stevige lichem stoarre, dat dêr twa wike lang lein hie sûnder stiif te wurden, moast ik dochs oan West freegje oft er der wis fan wie dat it skepsel dea wie. Dit fersekere er my tige reewillich; hy brocht my yn it sin dat it reanimaasjemingsel nea brûkt wie sûnder soarchfâldige testen nei tekens fan libben; want it koe gjin effekt ha as der noch eat fan de orizjinele libbenskrêft yn oanwêzich wie. Wylst West mei de tariedende stappen begûn, wie ik ûnder de yndruk fan de grutte kompleksiteit fan it nije eksperimint; in kompleksiteit sa grut dat West gjin hân fertrouwe koe dy’t minder fyngefoelich wie as syn eigen. Hy ferbea my it lichem oan te reitsjen, en as earste ynjektearre er in middel yn de pols flak neist it plak dêr’t syn nulle it balsemmingsel pript hie. Dat, sei er, wie nedich om it balsemmingsel te neutralisearjen en it systeem ta in normale steat fan ûntspanning te bringen, sadat it reanimaasjemingsel frij wurkje koe nei de ynjeksje. In skoftsje letter, doe’t in feroaring en in swakke trilling troch de deade ledematen liek te gean, treau West mei geweld in objekt lykjend op in kessen yn it triljende gesicht, wat er folhold oant it lyk stil like te lizzen en ree foar ús om te besykjen it te reanimearjen. De bleke entûsjasteling die no de lêste needsaaklike testen om te sjen oft it folslein dea wie, stapte tefreden tebek en ynjektearre einliks in presiis ôfmetten hoemannichte fan it libbenselikser yn de lofterearm, dat er dy middeis mei gruttere soarch makke hie as dat we dien hiene sûnt ús stúdzjejierren doe’t al ús prestaasjes nij en ûnwis wiene. Ik kin de wylde, azemleaze spanning net útdrukke dêr’t wy mei wachten op de resultaten mei dit earste echt farske eksimplaar – it earste dêr’t wy ridlikerwize fan ferwachtsje koene dat er de lippen iepenje soe foar rasjoneel praat, faaks om te fertellen oer wat er sjoen hie foarby de ûntaastbere ôfgrûn.
West wie in materialist, leaude net yn in siel en skreau alle wurkings fan it bewustwêzen ta oan lichaamlike fenomenen; dêrom socht er net nei iepenbieringen fan ferskriklike geheimen út de kleauwen en grotten foarby de grins fan de dea. Yn teory wie ik it foar it grutste part mei him iens, mar ik hie noch dizenige, ynstinktive restanten fan it primitive leauwe fan myn foarfaars; sadat ik it net helpe koe dat ik it lyk wat skeef oan siet te sjen mei in beskate poarsje ûntsach en eangstige ferwachting. En dêrneist – ik koe my de oantinkens oan dy yslike, ûnminsklike gjalp net út de holle sette dy’t wy heard hiene op de nacht dat wy ús earste eksperimint diene yn de ferlitten pleats by Arkham.
It duorre net lang foardat ik seach dat ús eksperimint net in folsliene mislearring wurde soe. Der kaam wer in bytsje kleur op de eardere krytwite wangen, en dat wreide him út ûnder de nuveraardige hoemannichte stoppels fan in ljocht burd. West, dy’t it lichem oan de lofterpolsier fielde, knikte ynienen heftich; en sawat op itselde stuit kaam der in mist tefoarskyn op de spegel dy’t boppe de mûle fan it lichem hong. Der folgen in pear krampeftige spierbewegingen, en dêrnei koest it asemjen hearre en it boarst op en del bewegen sjen. Ik kuerde nei de sletten eachlidden en tocht dat ik in trilling opmurk. Doe gongen de eachlidden iepen, sadat eagen sichtber waarden dy’t griis, kalm en libben wiene, mar noch altyd sûnder ferstân of sels nijsgjirrigens.
Yn in dryste opwâling lústere ik fragen yn de earen dy’t stadichoan read waarden; fragen oer oare wrâlden dêr’t faaks noch oantinkens fan oanwêzich wiene. De eangst dy’t dêrnei kaam hat se út myn ûnthâld ferdreaun, mar ik tink dat de lêste, dy’t ik werhelle, wie: ‘Wêr hast west?’ Ik wit noch net oft ik in andert krigen hie of net, want der kaam gjin lûd út de kreaze mûle; mar ik wit wol dat ik op dat stuit werklik tocht dat de tinne lippen súntsjes beweegden om wurdlidden te foarmjen, dy’t ik útsprekke soe as ‘no pas’ as dy útdrukking in beskate relevânsje hie. Op dat stuit, lykas ik sei, wie ik út de skroeven yn de ferûnderstelling dat it iene, grutte doel berikt wie; en dat foar de earste kear in reanimearre lyk ôfsûnderlike wurden útsprutsen hie, oantrune troch echt ferstân. It momint dêrnei wie der gjin inkelde twifel oer it súkses; gjin twifel dat it mingsel, alteast tydlik, de folle misje foltôge hie om reedlik en artikulearjend libben werom te bringen by de deaden. Mar yn dat momint fan oerwinning kaam de grutste fan alle ferskrikkingen oer my hinne – net de eangst foar it ding dat spruts, mar foar de died dêr’t ik tsjûge fan wie en foar de man dêr’t ik myn profesjonele súkses mei dielde.
Want dat tige farske lichem, doe’t it op it lêst ta folslein en yslik bewustwêzen skodde en de eagen wagewiid iepen hie troch de oantinkens oan syn lêste sêne op de wrâld, sloech mei de hannen om him hinne yn in wrakseling op libben en dea mei de loft; om dêrnei ynienen foar de twadde kear en no foargoed dea del te fallen; lykwols pas neidat er de folgjende gjalp útsloech en dy’t my foar ivich troch de holle spûkje sil: ‘Help! Opduvelje, do ferflokte maniakale flaakskop – bliuw mei dy ferdomde nulle fan my ôf!’

(tenei mear)

Oersetting: Trevor Scarse

Eardere ôfleveringen:

I en II
III

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *