Andries Miedema

Untdekkingen / Skûlhoekjes

logo.ensafh

Niis hearde ik op it nijs, dat de keunstner Armando ferstoarn is. Tafallich lies ik wat wiken lyn fan him it boek “Armando, de haperende schepping”. Yn dit boek fan 140 siden stean sa’n tachtich stikjes proaza. Troch syn aparte styl in aardichheid om te lêzen. Ik koe it net litte en set 24 fan dy stikjes op rym. Hjir binne dêr twa fan.

Andries Miedema

 

Untdekkingen

Foar’t er ûntdutsen wie wied er der al,
de ierde, tûmeljend wat om yn de romte
en net rjochtút mar yn ’e kromte
hy krige in himel, kaam doe yn ’t hielal.

Op ierde groeiden planten en bisten,
ek hite stiennen en wolkebanen.
Mar der wienen gjin lju dy’t it wisten,
it waard tiid dat der minsken kamen.

En ja hear, dêr kamen se oan in skoftke letter
op twa fuotten en tsjin de kjeld yn in pels,
ûntdutsen ierde, himel, planten en wetter
en noch slimmer: inoar en harsels.

Se ûntdutsen ek it ferline en ’t ljocht
sadwaande witte we no wat der barde.
Mar fergonklikheid is mei rjocht
it wichtichst. En mei klam dat ik dat swarde.

Skûlhoekjes

Sa’t men seit, in protte ûnrjocht is op d’ ierd,
it wurdt sein en skreaun dus is ’t wier.
Ek yn myn jonge jierren al bestie ‘t,
en lang dêrfoar, no faaks noch jier nei jier.

Der is noch ûnrjocht mar wat moat ik dêrmei?
Lulk wurde of bestride, myn strykstok brekke oer ’t mêd,
dûnsje yn ’t doarp, koekehappe yn stêd?
Op ’e kop stean kaam ik as kaper al net mei wei.

Wat dan? Men moat minsken opfiede,
dat se oer ûnrjocht en ferfeling kinne.
It gedrach fan de ierdkoarste is ek al net bêst
mar dat heart by de skeppng, dêr kinst net oan begjinne.

Der bliuwt altyd wat te winskjen
dat moat ek, fine de minsken.
Der binne oeral skûlhoekjes en dûk dêr yn wei.
Tink dêr mar ris lokraak oer nei.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *