H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (V)

logo.ensafh

V. De Ferskrikking fan de Oarloch

Party minsken ha oer ferskuorrende saken ferteld dy’t bard binne op de slachfjilden fan de Earste Wrâldkriich en net neamd wurde yn publikaasjes. Fan guon dêrfan rekke ik fan it sintrum, oaren makken my deaberoerd, wylst noch oaren my rydboskje lieten en derfoar soargen dat ik yn it tsjuster efterom seach; hawar, nettsjinsteande de slimste ferhalen, tink ik dat iksels de meast yslike saak fan allegear fertelle kin – de skokkende, de ûnnatuerlike, de net te leauwen ferskrikking dy’t út it tsjuster weikaam.
Yn 1915 wie ik in dokter mei de rang fan earste luitenant yn in Kanadeesk rezjimint yn Flaanderlân, ien fan in grut tal Amerikanen dy’t har earder as de oerheid sels mongen yn de ûnbidige striid. Ik wie net op eigen inisjatyf it leger yngien, mar mear as natuerlik gefolch fan it yn tsjinst gean fan de man dêr’t ik de ûnmisbere assistint fan wie – de ferneamde sjirurgysk spesjalist fan Boston, Dr. Herbert West. Dr. West hie tige sljocht west nei in kâns om as sjirurch yn in grutte oarloch te tsjinjen, en doe’t dy kâns kaam, naam er my hast tsjin myn sin mei. Der wiene redenen wêrom’t ik bliid wêze soe as de oarloch ús útinoar helle; redenen wêrom’t de dokterspraktyk en it selskip fan Dr. West my mear en mear yrritearren; mar doe’t er nei Ottawa tagien wie en in medyske kommisje mei de rang fan majoar bemastere hie mei help fan de ynfloed fan in kollega, koe ik de bazige oertsjûging net wjerstean fan ien dy’t fêstbesletten wie dat ik sa as altyd as assistint mei him meigean soe.
As ik sis dat Dr. West der slij nei wie om yn de striid te tsjinjen, wol ik net ymplisearje dat er fan natuere oarlochssuchtich wie of yn noed siet oer de feiligens fan de beskaving. Altyd in iiskâlde yntellektuele masine; smel, mei ljocht hier, blauwe eagen en in bril op − ik tink dat er temûk myn ynsidintele entûsjasme foar de oarloch en ôfkar foar sleauwe neutraliteit bespotlik fûn. Lykwols wie der wat dat er weislepe woe fan it striidtoaniel yn Flaanderen; en om dat te bemachtigjen, hie er himsels in militêr foarkommen oanmetten. Wat er graach ha woe, wie net eat dat in soad minsken ha wolle, mar dat te krijen hie mei de bysûndere tak fan medyske wittenskip dy’t er keazen hie om him temûk op ta te lizzen, en dêr’t er wûnderbaarlike en somtiden ferskriklike resultaten yn behelle hie. It wie, yn feite, neat mear of minder as in oerfloedige tafier fan krekt ombrochte mannen, ien of twa earmen of fuotten minder makke net út.
Herbert West hie farske lichems nedich want syn libbenswurk wie de reanimaasje fan de deaden. Dat wurk wie net bekend by de hippe kliïntêle dy’t sa flot oan syn bekendheid bydroegen hie nei syn oankomst yn Boston; mar ik wie der mar al te goed mei bekend, ik dy’t syn bêste freon en iennichste assistint west hie sûnt ús stúdzjetiid oan de medyske fakulteit fan de Miskatonic Universiteit te Arkham. Yn dy tiid wie er syn yslike eksperiminten begûn, earst op lytse bisten en dêrnei op minsklike liken dy’t op skokkende wize bemachtige wiene. Der wie in mingsel dat er yn de ieren fan de deade skepsels ynjektearre, en as dy farsk genôch wiene dan reagearren dy op nuveraardige wizen. Hy hie in soad problemen hân om it goede resept te finen, want it die bliken dat elk type organisme in spesjaal foar him oanpaste prikel nedich hie. Grutte eangst efterfolge him as er weromtocht oan syn foar in part mislearre eksperiminten; namleaze skepsels dy’t fuortkamen út net perfekte mingsels of út liken dy’t net farsk genôch wiene. In tal fan dy mislearringen libbe noch altyd – ien siet yn in gesticht wylst de oaren ferdwûn wiene – en as er tocht oan foarstelbere, mar frijwol ûnbesteanbere mooglikheden rydboske er faak ûnder syn wenstige stoïsisme.
West hie al gau leard dat folsleine farskens de primêre eask wie foar brûksume eksimplaren en hie dêrom de taflecht naam ta skriklike en ûnnatuerlike wizen om liken te rôvjen. Op de universiteit, en yn de begjintiid dat wy meiïnoar in praktyk hiene yn de fabrykstêd Bolton, hie myn hâlding foar him oer foar it grutste part ien west fan fassinearre bewûndering; mar doe’t syn metoaden dryster waarden lei it my hieltyd swierder op it hert. Ik mocht net lije hoe’t er nei sûne, libbene lichems seach; en doe kaam der in freeslike sesje yn it kelderlaboratoarium mei’t ik der efter kaam dat in eksimplaar noch yn libben wie doe’t er it bemachtige hie. Dat wie de earste kear dat er wer in bytsje rasjoneel tinken opwekke hie yn in lyk; en dat súkses, krigen foar sa’n walchlike priis, hie him folslein ferhurde.
Oer syn metoaden yn de tuskenlizzende fiif jier doar ik net te praten. Ik bleau by him fanwege klearebare eangst en wie tsjûge fan saken dy’t gjin mins werhelje kin. Stadichoan waard ik benauder fan Herbert West sels as fan wat dan ek dat er dien hie – dêrtroch waard it my dúdlik dat syn normale wittenskiplike fjoer foar it ferlingjen fan it libben subtyl feroare wie yn in inkeld morbide en freeslike nijsgjirrigens en in temûk gefoel fan deadsniget. Syn belangstelling ferwaard ta in duvelske en ferdoarne ferslaving oan it grouwélige en ôfgryslik abnormale; hy ferlustige him rêstich oan keunstmjittige meunsters dy’t de measte sûne minsken deafalle litte soene fan eangst en wearze; hy waard, efter syn skiere skyn fan yntellektualisme, in iensettige Baudelaire fan it fysike eksperimint – in ûnferskillige Elagabalus fan de tomben.
Gefaren gie er sûnder omtinken temjitte; de misdieden dy’t er begie, dearden him net. Ik tink dat it hichtepunt kaam doe’t er syn punt makke hie dat reedlik libben opnij opwekke wurde koe. Hy socht dêrnei nije wrâlden op om te oerwinnen troch te eksperimintearjen mei it reanimearjen fan losse lichemsdielen. Hy hie wylde en orizjinele ideeën oer it ûnôfhinklik fermogen ta libben fan organyske sellen en senuwweefsel dat skieden is fan har natuerlike fysiologyske systemen; en hy behelle in pear ferskriklike earste resultaten yn de foarm fan ûnstjerlik, keunstmjittich fuorre weefsel fan aaien fan net te omskriuwen tropyske reptilen dy’t op it punt stien hiene om út te kommen. Foar twa biologyske fraachstikken socht er hieltiten fûleiniger om antwurden – earst, oft der min ofte mear bewustwêzen en rasjonele aksje mooglik wie sûnder it brein, begjinnend mei it rêchmoarch en ferskate senuwsintra; en twads, oft der ien of oare etearyske, ûntaastbere ferbining, apart fan de stoflike sellen sels, bestie tusken de sjirurgysk skieden lichemsdielen fan eat dat earder ien libben organisme west hie. Foar al dat ûndersykswurk wie in grutte tafier nedich fan farsk omkommen minsklik fleis – en dat wie de reden dat Herbert West yn de Earste Wrâldkriich stapt wie.
It skimerige, net te neamen barren die him foar op in lette maartnacht yn 1915 yn in fjildhospitaal efter de linys by St. Eloi. Ik freegje my no noch altyd ôf oft it wol wat oars west hat as in demoanyske koartsdream. West hie in priveelaboratoarium yn in keamer oan de eastkant fan in skuorre-eftich, tydlik gebou dat him tasein wie om’t er sein hie dat er nije en radikale metoaden probearje woe om oant no ta hopeleaze gefallen fan ferminking te behanneljen. Dêr wurke er as in slachter tusken syn bluodrige hannel – ik koe nea wenne oan de lichtfeardigens dêr’t er beskate saken mei oanpakte en klassifisearre. Somtiden ferwêzentlike er yndie sjirurgyske wûnders foar de soldaten; mar de measte wille krige er fan minder publike en barmhertige saken, sadat der in soad útlis nedich wie foar lûden, dy’t sels troch al it leven hinne dat de ferdomden makken, nuver lieken. Under dy lûden wiene faak revolverskotten te hearren – fansels net ûngewoan op in slachfjild, mar bepaald ûngewoan yn in hospitaal. De reanimearre eksimplaren fan Dr. West wiene net bedoeld foar in lang bestean of in grut publyk. Neist minsklik weefsel brûkte West in soad fan it embryoweefsel fan in reptyl dêr’t er bysûndere resultaten mei behelle hie. It wie better as minsklik materiaal om orgaanleaze fragminten yn libben te hâlden en dat wie no de haadaktiviteit fan myn freon. Yn in tsjustere hoeke fan it laboratoarium, boppe in nuvere ynkubaasjebaarner, hie er in grut ôfdutsen fet fol mei dat reptileselmateriaal; dat him fermannichfâldige, en opswolde en op ôfgryslike wize groeide.
Yn de nacht dêr’t ik fan sprek, hiene wy in prachtich nij eksimplaar – in man dy’t sawol fysyk krêftich wie as beskikte oer in heech mentaal fermogen, sadat in fyngefoelich senuwstelsel sawat garandearre wie. It wie frijwat iroanysk want hy wie de offisier dy’t West oan syn oanstelling holpen hie, en oant dan ta ús kollega west hie. Boppedat hie er earder temûk in skoftke de teory fan reanimaasje bestudearre ûnder lieding fan West. Majoar Sir Eric Moreland Clapham-Lee, D.S.O., wie de bêste sjirurch fan ús divyzje en wie hastich tawiisd oan de St. Eloi-sektor doe’t nijs fan fûleinige gefjochten hjir it haadkwartier berikte. Hy siet yn it fleantúch, bestjoerd troch de moedige Lt. Ronald Hill, dat krekt boppe syn bestimming delsketten waard. It delstoarten wie spektakulêr en ferskriklik; Hill wie net mear te werkennen, mar it wrak levere de ferneamde sjirurch op yn in hast ûntholle mar fierders geve steat. West hie mei in soad begearigens it deade skepsel pakt, dat ea syn freon en kollegagelearde west hie; en ik rydboske doe’t er de holle der folslein ôfhelle hie en yn syn duvelske fet fan reptylweefselpulp die om dy te bewarjen foar lettere eksperiminten en fierder gong mei it ûntholle lichem op de operaasjetafel. Hy ynjektearre nij bloed, ferbûn guon ieren, slachieren en senuwen oaninoar by de holleleaze nekke, en makke de ferskriklike iepening ticht mei inte hûd fan in net identifisearre eksimplaar dat in offisiersunifoarm droegen hie. Ik wist wat er graach woe: sjen oft dit goed organisearre lichem, sûnder de holle, tekens sjen litte soe fan it mentale libben dat Sir Eric Moreland Clapham-Lee skaaimerke hie. Ienris in studint fan reanimaasje, waard dit swijende boppelichem op yslike wize oproppen om der in foarbyld fan te wurden.
Ik sjoch Herbert West noch altyd ûnder dat sinister elektrysk ljocht stean wylst er syn reanimearjende mingsel yn de earm ynjektearret fan it holleleaze lichem. De sêne kin ik net omskriuwe – ik soe flaufalle as ik it besykje soe, want dwylsin luorket yn in keamer fol mei klassifisearre deaden, mei op de glysterige flier hast oan de ankels ta bloed en lytse restanten mins, en mei freeslike reptylabnormaliteiten dy’t útstutsen, buorrelen, en bakten boppe in flikkerjend, blaugrien skym fan in flamke yn in fiere hoeke fol mei swart skaad.
It eksimplaar, sa’t West kear op kear konstatearre, hie in prachtich senuwstelsel. Der waard in soad fan ferwachte; en doe’t it lyk op plakken begûn te triljen, koe ik de koartseftige nijsgjirrigens op it antlit fan West sjen. Hy wie der klear foar, tink ik, om in bewiis te sjen fan syn hieltyd sterker wurdende miening dat bewustwêzen, rede en persoanlikheid ûnôfhinklik fan it brein bestean koene – dat de mins net beskikt oer in sintrale geast dy’t alles ferbynt, mar neat mear is as in masine fan senuwweefsel, elk ûnderdiel mear ofte minder fan himsels folslein. Yn ien triomfale demonstraasje soe West it mystearje fan it libben nei de kategory fan de myten ferwize. It lyk skodde no mear en mear, en begûn ûnder ús begearige eagen freeslik hinne en wer te gean. De earmen kamen ûntrêstigjend yn beweging, de fuotten waarden oplutsen en ferskate spieren lutsen gear op in ûnhuerich triljende wize. Doe goaide it holleleaze ding de earmen nei foaren yn in gebeart dat ûnmiskenber ien wie fan wanhope – in yntelliginte wanhope dy’t skynber genôch wie om elke teory fan Herbert West te bewizen. De senuwen diene sûnder mis de lêste aksje fan de man yn syn libben nei, de wrakseling om frij te kommen fan it delstoartende fleantúch.
Fan wat folge sil ik nea hielendal wis wêze. It kin in folsleine hallusinaasje west ha troch de skok dy’t op dat stuit feroarsake waard troch de hommelse en folsleine ferwoasting fan it gebou yn in katastrofe fan Dútsk mortierfjoer – wa kin it tsjinsprekke, want allinne West en ik ha it oanwiisber oerlibbe? West woe dat foar syn resinte ferdwining graach tinke, mar der wiene tiden dat er dat net koe; want it is nuver dat wy beide deselde hallusinaasje hiene. It ôfgryslike foarfal sels wie tige simpel, allinne opmerklik foar dat wat it ymplisearre.
It lichem op de tafel wie oereinkaam en klaude blyn en ferskriklik foar him út, en wy hearden in lûd. Ik soe dat lûd net in stim neame moatte, want it wie te ferskriklik. En dochs wie de toan dêrfan net it meast freeslike der oan. It wie ek net it boadskip sels – it hie allinne skreaud: ‘Spring, Ronald, yn himelsnamme, spring!’ It ferskriklike wie de boarne fan it lûd.
Want it kaam út it grutte ôfdutsen fet wei yn dy freeslike hoeke fan krûpende swarte skaden.

(tenei mear)

Oersetting: Trevor Scarse

Eardere ôfleveringen:

I en II
III
IV

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *