Ap Kivinen, Geart Tigchelaar, Elmar Kuiper

De nacht fan de katten / Kissojen yö

logo.ensafh

1.
de stêd is play off –arena
nei middernacht
power play, hoefolle mear ekstra tiid

learzens mei hakken klopje
froulju spylje
harren ritueel
derefter harren susters
minsklik skyld op it marktplein

ik moat it by my hawwe
myn mojo
sa gau’t ik it yn ’e hannen ha
fiel ik my feilich

koplamp fan de nachthimel, beljochtet
it haadstrjittesyndroom, cul-de-sac
hagediskening bewiist dat
de einleaze finale sprint ûndraachlik is

hoe bot wurd ik rekke
troch de sjirurgen, gitaarspilers, timmermanshannen
moat in nije sensaasje hawwe

2.
nim myn legere skoallementaliteit mei
nei de nachtklup
nimmen harket
wachtsje op harren beurt
efter de doar mjukst immen
de tongen
flugger
in binde yn ’e rige, wurd nerveus
fluch
kappe no, jim gekken
swierrichheden by it oanlûken
it koarjen en stinnen op it húske
krekt as by gymapparaten
dêr’t de oar it ritueel útfiert
mear freedsum
yn it skaad rôlet immen
it krûd
tusken bibeltinne pagina’s
ôffier is ferstoppe, floed oer de flier
gjin etikette, gjin voucher
lit ús passyf wêze as de bliksem
hjir is de foai
fan de skjinmakker fan dizze binde
lit ús nei myn plak gean
om stúdzje te meitsjen fan de metamorfoaze
en de foarm fan de amoebe

3.
ik kear net werom nei de kust
yn ’e hope om wer te sjen
dat leaflik swannepear

ik kom werom nei de kust
mids de kriezjende kloft miuwen
as dyn kateftige figuer
ferdwynt en ferskynt
krekt sa stil as
de mar dy’t dy ynslokt

do dy’t pronket mei de printsjes op it boarst
do glamrocker
de toatem fan ’e thúsmar, androgine
aladdin sane

de hjerringslynder, sûnder dy
hawwe we neat ierdsk
dat ús tinken docht oan it bertelân
de tradysje, de keppeling

sûnder dy de klassike skientme, alles
is sinleas

 

*

 

KISSOJEN YÖ

1.
kaupunki on play off –areena
pikkutunneilla
pakkopeliä, paljonko meillä on lisäaikaa

saappaiden korot kopisevat
naisseurue suorittaa
siirtymäriittiä
kipusiskon takana
ihmiskilpi keskellä toria

se pitää olla aina mukana
mun mojo
kun saan sen käteen
mulla on turvallinen olo

yötaivaan otsalampun valossa
kauppakadun syndrooma, cul-de-sac
liskokuningas todistaa
jatkuvaa loppusuoraa ei kestä kukaan

mutta miten minua koskettaa
kirurgin, kitaristin, puusepän sormet
pitää saada uusi kokemus

2.
käyn peruskoulua
yökerhossa
kukaan ei kuuntele
odota vuoroa
oven takana joku sotkee
kielet sekaisin
nopeammin
jengi jonossa hiiltyy, huuto
pystypano
ulos sieltä jo uunot
kiireessä pukemisen vaikeus
yksi puhkuu eriössä
kuin kuntosalikojeessa
toinen suorittaa rituaalin
rauhallisemmin
katveessa joku hajareisin
käärii yrttejä
raamatunlehden väliin
viemäri ei vedä, lattia tulvii
ei etikettiä, kuittia
ollaan niin passiivia että
annetaan tippiä
tämän sotkun siivoojalle
tule meille
etsitään ameeballe
uusi olomuoto ja asento

3.
en palaa rantaan
siinä toivossa, että näen taas
sen vasta rakastuneen joutsenparin

palaan rantaan
riekkuvien naurulokkien keskelle
kun kissamainen hahmosi
ilmestyy ja häipyy
yhtä äänettömästi kuin
järvi nielee sinut

sinä hiustöyhdöllä pöyhkeilevä
glam-rokkari
tuomiojärven toteemi, androgyyni
aladdin sane

silkkiuikku, ilman sinua
meillä ei ole minkään valtakunnan
isänmaallista muistutusta
perinteestä, pariutumisesta

ilman sinua klassinen kauneus, kaikki
on yhdentekevää


© AP KIVINEN 2018
Oersetting: Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper

Harkje hjir nei de foardracht fan Kissojen yö troch Ap Kivinen

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

2 reaksjes op “De nacht fan de katten / Kissojen yö

  1. Hearen…ik kin Kivinen net mar de oersetting sprekt my tige oan, street/outlaw/beat….in moaie miks…

  2. Hy treedt fan ‘e middei op yn it Talepaviljoen MeM yn ‘e Ljouwerter Prinsetún. En fan ‘e moarn is er yn de útstjoering Op en Ut.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *