Lomme Schokker

Daphne Caruana

logo.ensafh

 

Bern, fertrou net de ôfdwaanders lâns de wei.
Dy wolle de wierheid poatsjedraaie
yn it tsjuster, of gewoan op klearljochtdei.

Slimmer noch, sy sille neat leaver dêrnei
jimme ien foar ien neaken útklaaie.
Nee, fertrou net de ôfdwaanders lâns de wei.

Witte de Friezen dêrjinsen fier wei,
hoe’t wy hjir âlde kunde dea-aaie
yn it tsjuster, of gewoan op klearljochtdei?

Al tiden komme malloaten my tenei,
Dôgeneaten dy’t my bekjeflaaie.
Bern, fertrou nea de ôfdwaanders lâns de wei

yn Malta, dêr’t se nei alle bochten mei
al jimme rjochten de flier oanfeie
yn it tsjuster, of gewoan op klearljochtdei.

It stiet no oan jim, mear as sljochtwei:
Unk en lijen sille nea samar ferwaaie.
Bern, fertrou net de ôfdwaanders lâns de wei,
want dy wolle de wierheid poatsjedraaie.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *