Lomme Schokker

It projekteparadys

logo.ensafh

Net hindere troch kennis fan saken en dreaun troch in aferzje tsjin wat sa nedich wer ris it safolste populêr projekt fan divedaasje wêze moat, foeterje ik gauris as in âlde brompot fan om utens, en dus fan bûten de werklikheid, op alles en eltsenien. Dan kin ik dit jier yn Ljouwert en omkriten it hert ophelje, hear ik sizzen, mar mei better besjen sitte der tusken al dy projekten dochs moai wat juwieltsjes.

Lêsten krige ik fan de broer dy’t alle dagen jirpels yt, it boekwurk fan Poetic Potatoes – Poetry in Potato Bags yn de hannen stoppe. Hy hat as Kultureel Minske in abonnemint op de Moanne, – safier is it by my noch lang net – en ik ha begrepen dat it patataboek as taheaksel meistjoerd is. It kin wêze dat dit boek fan it mânsk fjouwerkant Moanne-formaat net yn syn boekekast past, it kin ek wêze dat er net sa’n poëzyleafhawwer is of dat er my wat tahawwe woe, yn alle gefallen ha ik no earst fan dit projekt en boek kennis nommen.

Ik moat sizze, dizze jirpel-keunstútwikseling fertsjinnet sûnder mear bewûndering en respekt: wat in alderaardichst boekwurkje, wat in prachtprojekt. It boekje hat in kreaze foarmjouwing, guon nijsgjirrige artikels mei krekt genôch relevante ynformaasje, inkele fotos ta ferdúdliking (bygelyks it ferskil yn omstannichheden fan it wurkjen op it lân tusken Malta en Fryslân) en, moai meinommen, flink wat gedichten dy’t my oansprekke. By inkele Fryske gedichten binne filmkes makke – dus blykber net by dy út Malta -, dy’t op it webstee fan de Moanne te besjen binne. Wêrom moat der eins by wurden bylden komme? Moat it in ekstra diminsje jaan of de literatuer tagonkliker meitsje?

De Fryske gedichten binne oer it algemien poëtysker en sfearfoller fan aard as dy fan Malta. De fersen yn de Malteeske taal binne wat mear beskriuwend en hakketakkerich. Yn dit boek in soad gedichten oer de tiid dat noch net alles poater wie: yn de Fryske benammen oer hoe moai it lânskip en hoe fredich it libben, de Malteeske gauris oer hoe ferskuorrend swier en earmoedich de bealgerij yn de jirpelbou. It liket op de foto’s as lizze der mear stiennen as jirpels op dy heukerige jirpelfjildsjes dêr.

Myn favoryt fers, foar wat it seit, is sûnder mis it gedicht fan Simon Oosting, De ynspekteur fan ’e jirpelkontrôle. Hoe is it mooglik dat krekt dat gedicht as iennige yn it boek net oersetten is yn it Ingelsk en it Malteesk. Se witte net wat se mist hawwe, op dy jirpelsekken yn Malta. Of soene se dêr gjin ynspekteurs kenne? Dêr’t wy in tefolle oan ynstitúsjoneel tafersjoch hawwe, ha sy mooglik in temin yn ‘de striid tsjin it kwea’. Dêrom is der yn Malta fansels in folle bettere ûndersyksjoernalistyk. No ja, wie.

Yn it Malteesk betsjut eat wat liket op ytsjebytsje – ħsibijieti – ‘ik tink’ (side 64, gedicht fan Jesmond Sharples). Net om it ien of oar, mar ik tink dat ik dat no bedoel mei better besjen. Sûnder dit projekt soe ik net witten hawwe dat ‘ytsje’ te meitsjen hat mei ‘ite’ en ‘bytsje’ it tiidwurd is foar it roaien fan biten. En ja hear, ‘ierappelje’ (net jirpelje!) is it dollen fan jirpels. Sa lear ik yn myn lette notiid wurden út de deeglike doetiid: wêr’t in projekt al net goed foar is.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *