Henk Nijp

Yn it skaad fan Escher / Bysûndere grafyk fan platfoarm VOG

logo.ensafh

Doe’t wy de tige drokke A10 ferlitte koene en de ôfslach Durgerdam namen ûnder de fly-over troch, wiene wy op slach yn it lân fan Nescio’s Titaantjes. Alde, smelle lânboudykjes, lytse tsjerketuorkes en sleatten en fearten mei tige heech wetter, dy’t har neat oanlutsen fan ’e oanhâldende drûchte. Wat in ferskil mei dy safollebaansdyk fan niiskrekt en wat in rêst. Neffens my binne it dêr allinne mar aardige jonges, dat kin hast net oars… Wy wiene op wei nei Cees Smit, grafikus yn Holysloot, ûnder de reek fan Amsterdam.

Troch in útnûging fan Tresoar foar in jubileumeksposysje, dy’t yn gearwurking mei VOG (Vereniging Originele Grafiek) yn septimber hâlden wurdt, waard ik as dichter oan him keppele. De opset fan it evenemint is dat in Fryske dichter en in printkeunstner tegearre komme ta ien keunstwurk dêr’t gedicht en byld elkoar yn fersterkje. Der binne acht fryske dichters ‘yn see’ gongen mei acht grafisy út it hiele lân. Hoe’t dy keppelingen ta stân kommen binne, ha ik oant de dei fan hjoed ta gjin aan fan, mar it die bliken dat wy wol in ‘klik’ hiene.

Nei it earste telefoanysk oerlis al betiid yn de simmer, is Cees oan ’e slach gongen. Ein augustus wiene der in pear ûntwerpen klear. Dy stjoerde er my oer de mail ta. Op it lytse iPhone-skermke krige ik al in aardige yndruk en ik waard benijd nei hoe’t it der dan yn it echt wol net útsjen soe.
Om ’t wy troch it prachtige simmerwaar dit jier ris net nei it suden tôge wiene, mar in skoft yn Noard-Hollân taholden, wiene wy al moai yn ’e buert. Op in wat minder simmerske sneontemoarn rieden wy rjochting ‘atelier Smit’.

Fryslân is moai, mar Noard-Hollân hat ek wol wat; de polderdiken mei de dykhúskes en ringfearten mei derboppe de hege wolkeloften roppe dochs ek wol in spesjale sfear op. En dan al dy grutte fjilden mei boere- dan wol reade of griene koal…
Cees skarrele al om yn syn wurkpleats, in âld houten optrekje dêr’t ek noch ien en oar oan ferklost wurde moast. Hy hiert it foar in lyts bedrach, is der tige wiis mei en wennet op noch gjin trije kertier fytsen yn Amsterdam. “Hier kom ik helemaal tot rust…,” en dêr komt dan wer tige moai wurk út fuort.

It die bliken dat wy beide in ûnderwiiseftergrûn hawwe en dan ha je fuort praat, oer de moaie kanten, mar ek oer de frustraasjes en de argewaasje dy’t it fak hjoed-de-dei meibringt.
Cees hie syn printen al klearlizzen, dat ik koe mar útsykje. Wy wiene it al rillegau iens. It waard in sfearfolle print, moai yn balâns dêr’t de tekst fan it fers ek nochris goed op ta syn rjocht komt.
Fan de útkeazen ôfbylding moast foar de eksposysje noch in Risoprint makke wurde, yn Nimwegen. Sa’n print is in soarte fan seefdruk, ha ik my fertelle litten. Fierder hied’ er noch in trijetal prachtige wurken útsocht foar de al neamde jubileumeksposysje yn Ljouwert.

Wy ha noch in protte oar wurk besjoen en hy fertelde hûndertút hoe’t er ta syn bylden komt en hoe’t er syn ynspiraasje fynt troch yn it gea dêr oan ’e Iselmarkust, yn ’e polders, mar ek it dúngebiet by de Noardsee om te swalkjen. Nee, hy is dêr noch lang net klear…

It wie in moaie, ynspirearjende en dochs min ofte mear troch it tafal bepaalde moeting dy’t ik net graach misse wollen hie.

De iepening fan de eksposysje fan de dicht-printen, it frije wurk fan Cees Smit en dat fan in protte oare lanlike grafisy sil wêze op freed 14 septimber, de middeis om 4 oere. De útstalling is te bewûnderjen o/m 30 septimber, tiisdeis o/m sneins yn it Winkelsintrum Saailân, earste etaazje. Dat is mar in heale moanne, net sa lang dus, mis it net!

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *