Teleks: Reorganisaasje by Fryske Akademy “Wy sakje troch it iis”

logo.ensafh

Der moat in lytsere fêste stêf komme, minder overhead en mear fleksibele ynset fan personiel. Allinnich sa kin de finansjele delgong keard wurde.

Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “Teleks: Reorganisaasje by Fryske Akademy “Wy sakje troch it iis”

  1. FRYSKE AKADEMY exit…
    Fryske taal, meartaligens, regionale skiednis – dat binne de saken dy’t de Akademy bestudearje wol (mei minder minsken). ‘De Akademy is troch it iis sakke’, seit in wurdfierder.

    As jo dy utdrukking brûke dan hawwe jo sels in negative rol spile – seit myn gefoel, seit myn kennis fan de taal, seit foaral myn literêr gefoel.

    Ik stel fêst dat de Akademy al folle earder troch it iis sakke is doe’t besletten waard oan de Fryske Literatuer as wittenskiplik studzjeobjekt neat mear te dwaan.

    Mei oare wurden, wy bestudearje in taal – it Frysk – dy’t sûnder har Literatuer eins gjin echte taal mear is om studzje fan te meitsjen – en dus bestudearje wy taalfiksje en gjin literêre fiksje.

    Lit us yntinke dat de minister fan kultuer moarn seit:
    ‘De Nederlânske Literatuer wurdt fanôf 15 septimber op de universiteiten net mear bestudearre, want wy fine dat net mear wichtich – it kostet tefolle, en it is folslein doelleas. We sille mear frjemde talen bestudearje om te witten hoe’t nije lânslju tinke fiele en dreame, en foaral de skiednis fan us lân.

    Yn it ferline leit ommers de takomst.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *