Blog Abe de Vries: Skriuwe as selsrjuchtfeardiging

logo.ensafh

Der is gauris skreaun dat de njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer sa ‘ûnpersoanlik’ is, dêr hoecht gjin noat mear by. Unpersoanlik, moralistysk, didaktysk en braaf-boargerlik. Dêr is fansels wol wat fan oan, mar oan de oare kant is it ek net hiel dreech om wurk te finen dat ôfwykt fan dat byld. Of om in skriuwer as Waling Dykstra, suver de ferpersoanliking fan de Fryske literatuer yn de twadde helte fan de ieu, wat minskliker ôf te skilderjen as wenst. Men hoecht mar te wizen op syn nayf-romantyske fersewurk, syn lieten, de klachten oer de dea fan frou en soantsje, in harlekyn as Hantsje-pik, it jeuzeljen fan Haitskemoai of de jeremiades tsjin it bakkersfak. Faak sit it persoanlike elemint fan teksten behalve yn it taalgebrûk ek ferburgen achter personaazjes en sitewaasjes op in wize dy’t wy net dalik en al nei ien eachopslach werkenne. By better sjen blykt dan bygelyks in typysk boargerlik Nut-tema by Dykstra as de frije houlikskar wiswier ek in persoanlike diminsje te hawwen.

Lês fierder by Abe de Vries

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *