Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 2, 2018

logo.ensafh

Yn it redaksjoneel fan it foarige nûmer ha wy oankundige dat dit jier yn ien fan de nûmers it Fryske proaza tema wêze sil. Yn dat redaksjoneel stiet ek dit: ‘De Fryske poëzy stiet sûnt jier en dei better oanskreaun as it proaza. Mar dêr’t by proaza de ferkeapsifers as graadmjitter meitelle is dat by poëzy eins net it gefal.’ Yn oansluting op dit lêste kin steld wurde dat as it giet oer de ferkeapresultaten, ferkeapmooglikheden, om diagnoaze fan de situaasje fan de Fryske literatuer en útstellen ta ferbetteringen, it winliken giet om it proaza, om romans en berneboeken. In pear jier lyn al wer hat Ensafh de opdracht krigen om stikken te produsearjen oer de stân fan saken oangeande de Fryske literatuer, rjochte op benammen de ynfrastruktuer. Yn dit nûmer stean twa fan dy stikken. It giet om twa fraachpetearen dy’t Hedwig Terpstra hâlden hat, it iene mei Jitske Kingma fan útjouwerij Elikser en it oare mei in tal (meiwurkers fan) boekhannelers.

Klik hjir om fierder te lêzen (pdf)

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op